Albertina Soepboer

FRYSK REQUIEM FOR A DREAM

Oer Feuilles mortes. De Anna’s fan Josse de Haan

Wa’t de ûntheisterjende kant sjen wol fan de hjoeddeiske maatskippij, moat foaral de film Requiem for a dream (2000) mar ris sjen. It is it flymskerpe ferslach fan it lege bestean fan de moderne minske en hoe’t er dêr oan besiket te ûntkommen, wat fansels net slagget. De kamera lit yn in dokumintêre-eftige styl dy’t soms de foarm fan in dream oannimt en ek hyltyd skokkeriger wurdt, sjen hoe’t de dreamen fan in tal minsken ta jiske fergeane.
 Haadpersoanen yn de film binne in mem, in soan en syn freondinne. Stik foar stik geane se kapot oan de American dream dêr’t drugs in grutte rol yn spylje. De mem sil it noait bringe ta it meidwaan oan har favorite tillevyzjekwis, de soan sil noait libje mei syn grutte leafde dy’t noait de moadewinkel opsette sil dy’t se foar eagen hat. Oan de ein fan de film is fan harren dreamen allinne de dea oerbleaun. De film is in mokerslach yn the smiling face fan de hjoeddeiske maatskippij.

De leafde is in deade

Josse de Haan spilet it klear yn syn lêste roman Feuilles mortes. De Anna’s en jou de lêzer in selde soart fan mokerslach, mar dan op papier. De Haan hat yn syn nije roman besocht om de ûntheistering fan de moderne minske op papier te setten. De Haan hat gjin begrutsjen of treast yn syn nije roman mei dy moderne minske. Hy hat allinne dea foar my as lêzer yn de oanbieding en dat is in ûnderfining dy’t my in hele nacht wekker holden hat, gjin minne prestaasje fyn ik.
 Feuilles mortes, wat deade blêden yn it Frâns betsjut, falt foaral op troch de perspektiven dy’t yn de roman brûkt wurde. It ferhaal yn Feuilles mortes wurdt ferteld út trije perspektiven wei, nammentlik fan in –ik-, in -do- en in –hy-. Hoewol’t se allegear in oar ferhaal fertelle, lykje de ferhalen sa bot op inoar dat se soms trochinoar rinne, mar inoar ek oanfolje. Veenbaas hat it yn syn resinsje yn de Ljouwerter (1okt, 2004) der dan ek oer dat ‘de manlju lykje safolle opinoar dat wy harren hielendal net ûndergeane as ferskillende personaazjes.’ De Haan seit sels yn in fraachpetear yn de Moanne fan oktober oer de ferskillende fertellers: ‘Ik haw se net achter elkoar ôfprinte, want dêrfoar rinne yn myn roman de feiten en de barrens tefolle njonken- en trochelkoar, inselde situaasje út in oar perspektyf.’
  Ik tink dat de krusiale opmerking sit yn dat it giet om deselde situaasje fan alle fertellers. Dy situaasje is nammentlik in basistema yn de literatuer en yn wêzen binne de ferskillende fertellers dan ek trije fariaasje op inselde tema. Dat se soms ien en deselde ferteller lykje te wêzen, ha ik lêzen as in útfergrutting fan har probleem en har ûnfermogen om dêr mei om te gean.
 Dat basistema yn de roman is de ferhâlding fan in man mei syn mem en mei syn earste grutte leafde dy’t Anna hjit. Yn alle trije ferhalen besiket de man syn oantinkens werom te heljen en in plak te jaan, want de mem is dea en de Anna is al lang fuort. Wat oer is yn alle trije libbens is in ferskriklike leechte, symbolisearre troch lege huzen, ferskuorde fotoboeken en de kar foar in solitêr bestean. De leafde is ferdwûn en besykjen ta nije leafde mislearret eltse kear wer. It is in universum sûnder hope dat De Haan skept en yn dat opsicht liket it op in Requiem for a dream dêr’t mem, soan en freondinne der ek net útkomme.  
 De foarm, dy’t op guon plakken dus net altyd like helder is, soarget derfoar dat ik as lêzer my ek noait hielendal identifisearje kin mei de fertellers yn it boek. Der bliuwt in soart fan ôfstân tusken my en de trije fertellers, dy’t it hele ferhaal noch pynliker makket. Krekt dat makket dúdlik dat guon ûnderfiningen universeel wêze kinne, mar dat dat feit noch gjin treast jout of in oplossing wêze kin. By de –do- ferteller dy’t op it plattelân wennet, soarget it ferlies fan mem en Anna foar in drege iensumens dy’t De Haan yngeand beskriuwt, bygelyks as de –do- op ien fan syn kuiers in pear oeren op in bankje yn in doarp sit: ‘Nei twa oeren bliuwt immen stean en begjint tsjin dy te praten. Wol dy wat freegje. Do reagearrest net. Do draaist en smookst sigretten. Der bliuwe mear minsken stean dy’t tsjin elkoar sizze datst hjir al oeren sitst en dat der fêst wat mei dy oan de hân is. Dat it net doocht, datsto mooglik net doochst. Eins soe de plysje skille wurde moatte, in dokter of de gemeente. Ien seit dat it sikehûs fêst de oplossing wêze sil ’ (s.96)
 Foar de iensumens is gjin oplossing en ek foar it gemis oan leafde is gjin oplossing, al besykje de fertellers dat wol. Ien fan de fertellers is de brieven fan Anna dy’t er noch hie, kwytrekke troch de jaloerskens fan in oare frou. Hy besiket him op alle mooglik manieren syn Anna wer yn it sin te bringen en skriuwt de brieven dan ek op ’e nij: ‘It moasten no rekonstruksjes fan in rekonstruksje neamde wurde. Fan twa libbens. De lytse dea dy’t se belibben kaam no in bytsje twaddehâns werom.’ (s.193) 
 De leafde sels is yn feite al dea, in dea blêd lykas it motto fan de roman fan de dichter Jacques Prévert en song troch Juliette Gréco: ‘…wy sykje op it strân dyn fuotprinten / de deade blêden lizze foar it opskeppen’. Ek it papier kin de fertellers net helpe op harren syktocht nei de ferlerne leafde. Dy leafde is oer en foarby, hoe dan ek. Har besykjen is neat oars as in rekonstruksje fan dat earste paradys mei Anna, in paradys dêr’t de relaasje mei de mem net swak yn byspilet.

De literêre tradysje fan mem en soan

Mei in weromwurkjende krêft fan mear as twatûzen jier hat Freud besocht oan te toanen dat de âlde Griken yn har drama’s feitlik neat oars dienen as it útbyldzjen fan de saneamde oersêne: it frijen fan heit en mem en de frustraazje dy’t it bern dêr om fielt fanwege de leafde dy’t him ûntholden wurdt. As it giet oer de relaasje tusken mem en soan, komt Freud út by Oidipous as syn grutte foarbyld, de jonge dy’t sûnder dat er it wit, syn heit deaslacht en mei syn mem op bêd giet. Syn geweld nei syn heit en ynsest mei syn mem binne yn wêzen ûnskuldich, want Oidipous wit net wat er docht.
 De fertellers yn Feuilles mortes slagge har heiten net fuortendaliks dea, mar ien neamt him allinne mar de Man. Dat de heiten mannen binne dy’t agressy brûke en opwekke, safolle is ek wol dúdlik. Likemin dûke de soannen fuortendaliks mei har memmen it bêd yn, mar de eroatyske passaazjes tusken de memmen en har soannen binne hast net te tellen. Hielendal bewust fan har hâlden en dragen op dat mêd binne de fertellers net, mar se hawwe wol yn de rekken yn hokker rjochting se har ûntheistering sykje moatte. Se hawwe net mear de folsleine ûnskuld dy’t Oidipous noch wol hie.
 Hoe’t se dêr útkomme moatte, witte se net, mar geweld en isolaasje lizze de hele tiid op de loer ûnder de oerflakte. En mei ûntheistering sjogge se ta yn dit libben as it giet om leafde, in leafde dy’t hele tiid ferdwynt. Dat de dea fan de mem dan ek it effekt fan in bom hat, is net sa ferwûnderlik. De mem is it paradys dat noait wer weromkomt, lykas dat ek mei it earste leafde paradys fan de Anna’s bart. De dea fan de mem betsjut de definitive ein fan wa’t de fertellers binne. De Haan hat dêryn in foarganger, ien dy’t er sels ek as ynspiraasjeboarne neamt yn it fraachpetear mei de Moanne: Albert Camus. Mei de haadpersoan út L’étranger dele de fertellers dat útinoar fallen fan harsels. By Camus slacht de haadpersoan in Arabier dea op it strân sûnder in oanlieding krekt nei it ferstjerren fan syn mem, de fertellers ferlieze harsels op in oare manier. By Camus is de haadpersoan himsels yn feite kwyt sa’t er wie foar de dea fan syn mem, de fertellers binne dat ek.

Welcome to the new world…

Der komt gjin ein oan it sykjen nei it paradys foar alle fertellers yn Feuilles mortes. Der komt gjin ein oan de plot en it ferhaal net ôf is. En der is gjin sprake fan in katharsis of in ynsicht. De –do- fan it ferhaal krijt in brief dêr’t er út fernimt dat syn Anna de hele tiid opsletten west hat fanwege geastlike siikte, de –ik- giet al syn oantinkens wer by del en komt derop út dat er graach syn mem wer treffe wol en de –hy- ferhuzet nei de seedyk mei syn ikken dêr’t er yn soarte fan skimerlân telâne komt tusken dea en libben dêr’t er sân Anna’s moetet en tinkt dat er de nije ferlosser is. Der is gjin Freud mear om de moderne minske noch te helpen mei in idee of struktuer oer syn libben.
 Mei Feuilles Mortes hat De Haan in boek oer dizze tiid skreaun. De roman is útsoarte in frysk Requiem for a dream mei in man, de dea fan syn mem en de fergiene leafde Anna as reade tried. Hoewol’t it soms wat lang is, en guon passaazjes te faak herhelle wurde, bliuwt de roman yntrigearjen. Dit is in boek sûnder treast of oplossing en just dêrom sa opfallend. It fertellen sels is gjin oplossing, liket de roman te sizzen, mar dochs fertelle de fertellers. Dat seit ek wat oer dizze tiid dêr’t alles al sein is en alles al dien is. Wy hawwe it ferhaal, de personaazjes en de plot. Wy snappe dat allegear en kinne dat analysearje, mar yn wêzen ûntglipt ús it wiere ferhaal, dat dat fan de gaos is. En dát hat Josse de Haan goed werjûn.

*