Eric Hoekstra

IN OPSTANNIGE SLAAF OP DE SADO-MASOGISTYSKE TOER

Oer Hylkje Goïnga, Thús is de maggi op

Yn de Merkelrige is ek in tal ferhalen fan Hylkje Goïnga ferskynd. Yn dizze ferhalen komt de romrofte Martha, Goïnga’s alter- en über-ego, al gauris foar as heldinne, al hat se noch net de krêft en piid fan de Martha yn Frijende Kikkerts. De krêft fan Goïnga har ferhalen leit yn hoe’t se har monomane obsesje literêr foarm jout. Want as ik sis dat al dizze ferhalen geane oer in silige frou dy’t troch har man wreed behannele wurdt, dan tinke jim al gau fan ‘o, dêr sil wol net folle oan wêze’. En as ik sis dat yn al dizze ferhalen de man, en eins ek de frou, as in oerdreaune karikatuer delset wurdt, dan tinke jim fan no, soks hoech ik net te lêzen. En dochs binne de measte ferhalen tige ûnderhâldend, en gauris op in wrange manier humoristysk. Hoe kin dat? Wat is it geheim fan it skriuwerstalint fan Hylkje Goïnga (1930-2001)?
  De titel Thús is de maggi op is symboal foar de stân fan saken yn de relaasje fan de haadpersoan mei de man. De maggi, de smaakmakker, is ôfwêzich. De man hat him weromlutsen yn syn wurk, en yn syn writen om in jonge freondinne op te dwaan dêr’t him wer in jonge god by fielle kin, ynstee fan de kleierige wurkfanaat dy’t er no is. De frou hat har weromlutsen yn har wurk, dat wol sizze, de hûshâlding en de soarch foar de bern, en yn har dream fan in man dêr’t se mei har opofferjende leafde hielendal yn oplosse kin. Mar in slaaf ferfeelt gau, en de man ferfeelt him dus al gau, mar kin ek gjin útwei fine. De frou flechtet soms yn patologysk gedrach lykas twangmjittich stelle, sjoch bygelyks it ferhaal ‘Foar Jan’.

Misdied en straf
Wat it tema no sa leuk makket, is de ôfgryslike oerdriuwing fan Goïnga. De echtgenoat wurdt delset as in ferskriklike kloatsek, en de frou as in ûntyglik slaafsk type. Se kin net nee sizze (dêrom is se troud, ‘in frjemd ferskynsel’), se lit har alles sizze, krekt sa lang oant de bom barst. En dan ek wer de oerdriuwing, want as de bom by de frou dan barst, dan falle der ek deaden! It plot fan de koarte ferhalen ferrint gauris neffens it skema fan ekstreme rjochtfeardichheid, en wat is ekstreme rjochtfeardichheid oars as wraak? It skema fan Misdie en Straf (of Wraak) kin sa werjûn wurde:
1. de man begiet in rige fan hieltyd wredere fiten tsjin de warleaze frou;
2. de man wurdt straft op in ekstreme manier.
  De wrede fiten fan de man roppe begrutsjen op, de frou is begrutlik, mar de wredens wurdt sa oerdreaun dat de lêzer in distânsje hâldt ta it ferhaal, sadanich dat it begrutlik wêzen him net ergeret. De wraak ropt foldwaning op, mar mei’t de wraak sa ekstreem, irreeël is, is it skema net yrritant. De ekstremiteit fan de wraak, de manier hoe’t it beskreaun wurdt, is sels faak humoristysk. Sa wurdt de lêzer meisûgd yn de sado-masogistyske wrâld fan de hâldpersoanen fan Hylkje Goïnga.
  Yn de measte ferhalen is it sado-masogistyske skema fan misdie en wraak werom te finen. Nim bygelyks it ferhaal ‘de lapkeskat’. De frou wurdt troch de echtgenoat min ofte mear it hûs út besjoerd (begrutlik). De echtgenoat lit blike dat er bliid is efkes fan de frou ôf te wêzen (begrutlik). Se útfanhuzet dan by in man dy’t se in freeslike man fynt (begrutlik). De freeslike man lit har foar it itensieden opdraaie (begrutlik). De begrutlike saken stapelje har op, en de lêzer freget him ôf wêrom’t  de frou har dat allegearre oandwaan lit. Dan komt der in lapkeskat yn ’e hûs, en beide wolle de kat ha, mar de kat siket it selskip fan de frou. Dan smyt de man ynienen de lapkeskat yn it fjoer (ekstreem silich en wreed, de sprekwurdlike drip). De bom barst, en de frou slacht de man mei in tange dea. As der de oare moarns bern oankomme, sleept se de man yn ’e hûs, want ‘ik soe it beroerd fine as sokke bern dêr samar in deade man lizzen seagen’. De soarchsumens bliuwt, it hanneljen fan de frou wurdt troch begrutsjen en soarch om de oar ynjûn. Behalve dan dat iene momint doe’t de bom boarste.

Striid tusken man en frou
Alle ferhalen ferrinne neffens dit skema fan ekstreme Manlike Kloatsekkerichheid, dy’t meastal bestraft wurdt. Nim bygelyks ‘dat doe mei Elsbeth’. De kloatestreek: de man hellet in jonge freondinne yn ’e hûs en de frou, it sloof, moat der sels foar koaitsje. De straf: de jonge frou pleecht selsmoard en de man komt mei de sturt tusken de skonken werom!
  Nim bygelyks ‘in kantsje tee’. De kloatestreek: op it neakenstrân makket de man wreed dúdlik dat er syn eigen frou mar in behelp fynt en hy fersiert ûnder har eagen in jong frommes. De wraak: de kanne mei gleone tee falt him oer de búk en de jonge frou gnysket derom!
 Nim ‘rotroaskes’. De kloatestreek: de man brânt de leaflingssitbank fan de frou op, en giet frjemd. De wraak: de man wurdt sels mei de sitbank opbrând! Tagelyk binne de ferhalen dy’t it meast yn dit skema falle ek de sterkste ferhalen..
  Yn suver elke alinea is wol in wrange wreedheid te finen. Nim bygelyks de iepeningssin fan ‘winter 1979’: ‘Wat sjochst derút,’ sei Jaap. ‘Se koene dy wol opblaasd ha. Moast dat no sa?’ De man is altyd like negatyf! En de begrutlikheden. As de leaflingssitbank fan ’e frou te keap set is, wol dochs gjinien him ha, sels net fergees (psychologyske & symboalyske ynterpretaasje, myn bank is weardeloas, ik bin weardeloas). De ferhalen binne alsa hiel konsintrearre en yntins. De taal is deistich, de petearen koenen hast wol opnommen wêze, sa sprektalich binne se. Dat ferheget de dramatyske krêft fan dizze ferhalen.
  Yn alle ferhalen komt de slaafskens fan de frou en de wredens fan de man werom. Sjedêr in sado-masogistyske fisy op ’e striid tusken de seksen! Erotyk en seksualiteit spylje yn dizze ferhalen gjin rol, no ja, behalve dan yn de negative sin, dat de gleonens fan de man in oarsaak fan wreedheid tsjin de frou is. It bart eins amper dat de gefoelens fan de frou nei in oare man útgeane, en bart it al (yn ‘It libben is hearlik’ in tel, en yn ‘Spikers’), dan wurdt alle djipgong mijd (de frou is hoopleas ferknotte mei har eigen man). Yn ‘Spikers’ komt in man del om putsjes te dwaan. Mar hy is sa moai dat de frou allegear putsjes betinkt om him langer yn hûs te hâlden. Dat is alles, fierder giet it net, grutter kin it geniet net wêze. En as de moaie man foar har stiet is it earste wat se tinkt ‘dy is ferkeard’. Want yn de eagen fan de masogist moatte skientme en geniet wol fertocht wêze, likegoed as dat foar de oarspronklike kristenen it gefal wie, doe’t se de Gryksk-Romeinske noarmen en wearden fan skjintme en geniet fersmieten.
  Binne alle froulju úteinliks sa as de froulju yn de ferhalen fan Hylkje Goïnga? En de manlju? Leit ûnder de oerdriuwing in grutte wierheid oer de seksen en de striid tusken de seksen beskûl? Yn alle gefallen binne der, dat leau ik, yndividuele útsûnderingen op dit skema. Al is it persoanlikheidstype, kwa man en kwa frou, dat Goïnga beskriuwt dominant yn ús westerske kultuer. En de noarmen en wearden dy’t mei dat persoanlikheidstype mank rinne binne krekt de noarmen en wearden fan it kristendom.  
  Uteinliks is de frou yn dizze ferhalen de slaaf fan har ideaal, har leafdes- en opofferingsideaal. Dat projektearret se op har passyf-aggressive manier oer de man hinne, en dy reagearret dêrop troch him werom te lûken, of mei wredens en argewaasje. Sa’t de religieuze minske opgean wol yn god, sa’t de massaminske gauris opgean wol yn in diktator, sa wol de frou opgean yn de man, net de man sa’t er is mar de man sa’t er wêze moat. En oan dy ûnrealistyske langst giet de haadpersoan stikken. Hoe wier is it dat persoanlike trageedzjes goed wêze kinne foar de literatuer! Want de kombinaasje fan de autentike emoasjes mei literêr masterskip jouwe dizze wrede silige humoristyske ferhalen in net te ûntkennen sizzingskrêft.

Hylkje Goïnga, Thús is de maggi op  (Friese Pers Boekerij, Ljouwert 2004; earder útjûn yn 1981)

Boekhannel De Tille