Margryt Poortstra
BLOEI OAN ’E SKAADKANT
Oer Oar plak oare tiid, boekewikegeskink 2004, skreaun troch Jetske Bilker
It binne relaasjes dy’t Bilker yn ’e besnijing hâlde. Sawol de langere, dêr’t de gleonens en de spanning ôf binne, as de koarte, flitsende, dy’t de haadpersoanen even yn fjoer en flam sette. Nei de sketsen yn In nacht fan hús, de titel fan har ferhalebondel út 1997, tekenet Bilker no it wat fierder útwurke portret fan in frou mei in al jierren duorjende relaasje dy’t ferlet hat fan in útstapke.
Swaantsje en Durk binne tsien jier troud en hawwe tegarre in prachtige soan fan seis, Jesse. Lykas safolle freonen om har hinne hawwe sy al in skoft lyn it frijbliuwende gearwenjen omset yn in fêstlein houlik. ‘(..) der hie in tiid west om te brulloftsjen en in tiid om bern te krijen. Wêr’t it no tiid foar wie, wist ik net.’ De lêzer sjocht op de earste side – en nei it lêzen fan ’e achterflap – it swurk al driuwen. Tiid foar de Seven Years Itch, dy’t fansels wolris in pear jier langer op him wachtsje litte kin.
TIID FOAR HERTSTOCHT
Swaantsje liket fan dy jûkte yn it begjin noch net sa’n lêst te hawwen. Se mei – sûnder keunstgrepen as boarstkorreksje of oare kosmetyske yngrepen, mar mei it blond út in pakje en de gymnastyk om de spieren moai strak te hâlden, noch besjen lije. Fiifentritich is se en noch ridlik tefreden. Durk, har man, fynt se eins wol bysûnder, hy hat in saaie baan by in lyts kompjûterbedriuw, mar wurdt hertstochtlik as er in opera heart. Sels is Swaantjse túnarsjitekte en docht in part fan dat wurk thús. Foar in oar part is se húsfrou en mem. As se mei Durk op it brulloftsfeest fan in âld-doarpsgenoate is liket it ek foar har tiid te wurden foar wat hertstocht.
De Man stapt it ferhaal yn en dêrmei falt de gelegenheid Swaantsje yn ’e skurte. Op in romantysk plakje, it Waadseestrân by Harns, wurdt it earste kontakt lein. Fuortdaliks stiet hjir de spanning op it ferhaal: de inerlike striid fan Swaantsje tusken net wolle, mar moatte, tusken hingje oan it fertroude, dat net kwytreitsje wolle, en de langst om dêrút te brekken, fuort, (even) fuort, oars, wyld, mei hûd en hier. Dat lêste is wat se wol. ‘(..) as er mar net seit dat it by him om leafde giet en ynhâld en wat al net mear.’
‘Der is neat bard’ stiet boppe haadstik 4. Dêr hie Swaantsje it by litte kinnen. Mar dat stiet sa heaks op wat it by har wekker roppen hat, dat noch 16 haadstikjes folgje.
Oandwaanlik binne hieltyd de petearkes fan mem Swaantsje mei soan Jesse. Net inkeld de boartlike toan oertsjûget hjir, mar benammen dat mem en bern har eigen referinsjekader hâlde. De mem hâldt o sa fan har fintsje, mar kin har net hielendal ynlibje yn syn bernewrâld en Jesse begrypt mar in diel fan wêr’t mem it oer hat. No en dan komt heit Durk derby. Hy is allike wiis mei Jesse, mar hat ek oare dingen oan ’e holle. Want – fansels – fernimt hy dat syn frou har oars as oars gedraacht, ek al besiket dy earst healslachtich it gewoane libben wer op te krijen nei it ynslaan fan ’e bliksem. By har is ommers in nij gefoel ûntstien: ‘(..) myn lichem wie ien grut ferlet en ik hie noch noait meimakke dat ik allinnich mar begearde, mei in grutte B.’
YN STELLEN TIID
De lêzer wit dat no it gedonder begjint. Bilker kiest derfoar om je dêr stap foar stap yn mei te lûken. It wurdt foar de frou dy’t har tiid en oandacht al hieltyd (part-time) ferdiele moat ien grut gûchelspul: noch mear regelje, noch faker eins op mear plakken tagelyk wêze moatte, hieltyd de tiid yn ’e gaten hâlde. Men wurdt fan it lêzen allinnich al wurch.
Foar it ûnderhâlden fan ’e part-timerelaasje dy’t Swaantsje derby hawwe wol moatte ûnderkommens en tiid fûn wurde. Nei de earste ôfspraak mei Grealt – de Man - yn Harns moetsje de minnaars elkoar yn it hûs dêr’t Swaantsje de tún fan ûnder hannen nimme sil en dêrnei yn in hotel. Alles moat yn stellen tiid en it is in toer foar Swaantsje om har mei dy beheindens yn beide wearelden oer te jaan.
Yn ’e dagen en wiken dat se besiket har frijer út ’e holle te setten om’t se har skuldich fielt, slacht se suver troch nei de oare kant om man en bern te oertsjûgjen fan har ynset foar de eigen húshâlding. Sy meie der net ûnder lije en Swaantsje bakt appeltaart en pizza en docht lange spultsjes mei Jesse. Durk begjint dêr krekt erchtinkend fan te wurden: ‘Oars hast noait tiid foar dat soarte dingen’. Sa’t skynt krijt hy mear yn ’e gaten, want ‘Nachts frijde er as in wyld as woe er sjen litte dat ik hielendal gjin oare man nedich hie’. Hy kin syn frou net mear foar him winne en hy wurdt dêr – letterlik – mislik fan.
SKULDGEFOEL
De frijpartijen tusken Swaantsje en Grealt wurde troch Bilker moai beskreaun. Nei it opwaarmjen wurde fjurrige hichten berikt, is Swaantsje even hielendal fan ’e – deistige – weareld, fielt se har betsjoend. Mar tagelyk bliuwt yn dizze beskriuwings in boartlike toan oerhearskjen: it giet hjir net om grut drama of ferskuorrende hertstocht. Swaantsje genietet fan dat part fan harsels dat derûnder rekke is. Se is – noch altyd en wer even – de jonge frou dy’t nei de disko gong. As se – al hiel gau nei it frijen – wer mei beide fuotten op ‘e grûn stiet, as dat ferrekte mobyltsje giet, dan is it, foar dat momint, hiel gau oer en út. De oantinkens sangerje nei. It skuldgefoel nei man en bern krijt wer alle romte.
Op sa’n wize komt ek de omslach it ferhaal yn. In tillefoantsje dat Jesse ferdwûn is, set dy hiele, wankele, twaslachtige, yn safolle romtes en oeren ferdielde weareld fan mem Swaantsje stil. Ien ding is noch mar wichtich: se moat har soan werom fine. Is dit de straf dy’t op ’e sûnde folget? Alle skuldgefoel komt yn ien gjalp nei bûten. Mei wurden en op ’t lêst út ’e mage wei koarret Swaantsje de hiele brot derút.
De rol fan ’e bern – de potsjes mei grutte earen – komt yn ’e lêste haadstikjes foar ’t ljocht. Sy boartsje op har wize mei tiid en plak en hawwe op ’t lêst de folwoeksenen mei dy har eigen wapens ferslein.
SKAT OAN FERRASSINGS
Mei ien kear lêzen fertelt dit boekewikegeskink in werkenber, hjir en dêr oandwaanlik en tagelyk spannend ferhaal. Wat dat oangiet kin in grut lêzerspublyk fan dizze novelle genietsje en wurdt dat doel fan sa’n útjefte berikt. Mar de lêzer dy’t muoite dwaan wol om wat yn dit túntsje te spitten fynt op in oar nivo noch in skat oan ferrassings.
It earste haadstikje hyt ‘Tema fûgel’. Jesse moat ferklaaid as fûgel nei skoalle. Ynpakt yn in moai foarbyld fan in mem/bern-dilemma komt hjir wat djippere symboalyk foarby. Mem Swaantsje betinkt – hiel praktysk, want der lizze noch wjokjes fan in ingel – dat Jesse in wite fûgel wêze kin, dy binne der ommers, sjoch mar nei mem har namme. Mar Jesse wol in ûle wêze.
Is in swan net yn wêzen in monogaam dier, dat (fuort)fleane kin, en stiet in ûle net foar wiisheid en is dat net in nachtfûgel dy’t yn it tsjuster en alle kanten útsjen kin?
En wêr giet it oer as yn it haadstikje ‘Skaad’ de tún beskreaun wurdt: achterhûs, oan ’e sinnekant, in saai gersfjild mei in terraske (rêst, mar net in soad oan te belibjen) en inkeld oan ’e skaadkant de âld linebeammen (dy’t faaks mei de tûken yn elkoar ferfrissele sitte) en blommen. In ‘onkruidvrije’ tún woenen se dêr ha. Tusken de foar- en achtertún it hûs, in frij beskikbere romte: it Plak foar de dreamen?
As it oer nammen giet: Grealt betsjut ‘hearsker mei de spear’. Oer Swaantsje hawwe wy it al hân. Samantha ha ’k net opsocht, mar ik hie fuortdaliks asosjaasjes mei de (hiel) âlde tillevyzjesearje ‘The Flying Witch’, dêr’t de haadrol yn spile waard troch in Samantha. Gretha en Margryt ferwize nei ‘pearels’ (of blomkes). Te fier socht allegearre? Ik bin der net wis fan, mar ik fertink Bilker derfan in protte fan ditsoarte skatten yn har boekje begroeven te hawwen. Foar de lêzer dy’t dêrfan hâldt is it saak om dit túntsje ris goed yn te duken, want der is grif noch mear omheech te heljen.
IN LANG KOART FERHAAL
Binne der noch minpunten oan te wizen? It ferhaal rint as ’t spoar en men hat it boekje samar út. Neffens my in fertsjinste, want sa bliuwt der tiid genôch oer om it nochris te lêzen. Nei de earste siden is wat folget aardich foarsisber en ik kin my yntinke dat guon it oan ’e kant lizze nei dy oanrin. It hiele boekje hie likegoed yn in (lang) koart ferhaal past. Hie kinnen. Der sit (fierste)folle yn ’e ûnderlaach. Dat sil sa wêze. Wa ’t it ferhaal inkeld oerflakkich lêze wol docht soks mar. Foar my persoanlik jildt dat it dêrtroch krekt nijsgjirrich wurdt. Oan ’e oare kant slagget it my dêrnei net mear om it ‘ienfâldige’ ferhaal sûnder mear op my takomme te litten.
Yn dat ferhaal weaget achterôf de ymplisite suggestje dat Gretha en Uilkje wat sitte te bekokstoven te swier, mar soks kin likegoed sân wêze dat de lêzer yn ’e eagen struid wurdt, wat it as sadanich wer teplak falle lit. Wat my al wat fernuvere, wie de krúsjale útspraak fan ‘tante Ulie’ dat Swaantsje it fertsjinne dat Jesse wat oerkaam, dêr’t yn feite de hiele omslach yn it boek fan ôfhinget. Uilkje sels wist ommers út ûnderfining hoe dreech dit foar Swaantsje wêze moast. Of wie se sa skynhillich?
Wat my - as lêste - ek net oanwol is it lange geduld dat in bern fan seis yn dit ferhaal opbringe kinne soe.
Oar plak oare tiid liket op it earste gesicht in pretinsjeleas ferhaal, dêr’t in protte minsken har yn fine kinne. It hat lykwols dúdlik mear te bieden. It boekje tsjinnet as geskink by de oankeap fan – oare – Fryske boeken. Mei de mearlagige ynhâld liket it nei dy literatuer te ferwizen: foar in breed publyk, en mear.
*
Jetske Bilker, Oar plak oare tiid (Bornmeer, Ljouwert 2004)
Boekewikegeskink 2004