Griene tsiis (Johannes Beers) oer De Wuttelhaven del fan Steven H.P. de Jong
‘Sybe Douwe de Jong, de nationaal-socialistische hoofdredacteur van de Friesche Courant, schreef nooit weer. Hij stierf in 1951, maar anderen waren snel weer bezig’ , skriuwt Ype Schaaf koart oer ien fan dizze ferrieders. Wat him yn ’t foar ôfspile hat, wat fan gefolgen it ien en oar hân hat, dêr hoegde men yn de berneftige blidens fan de befrijing net oan te tinken.
Mear as fjirtich jier nei de befrijing (1989) komt Steven de Jong mei De Wuttelhaven del, in boek oer in sjoernalist De Vries dy’t stikjes foar de krante en toanielstikken skriuwt en dêr goed yn is ek. Hy festiget syn hoop op it nasjonaal-sosjalisme om’t er eangst hat foar it bolsjewisme en foaral om’t hy en nasjonaal-sosjalisten itselde tinke oer it belang fan ’e boerestân.
Syn soan Eeltsje fan tsien jier sjocht net allinne de – yn syn eagen ûnbegryplike – straf dy’t syn heit nei de oarloch kriget, hy sjocht letter ek hoe’t de húshâlding útinoar falt. As folwoeksen man sjocht er op de skoalle dêr’t er learaar is dat fjirtich jier letter it antysemitisme ûnder de skoalbern noch hieltyd oanwêzich is, wylst syn kollega’s it eins net sjen wolle.
Foar ien dy’t – lykas ik – koartlyn De Aanslag fan Harry Mulish lêzen hat, is de tematyk tige werkenber: wat is goed en wat is fout yn de oarloch en nei de oarloch. De Jong hat hjir op in prachtige wize mei boarte: hy hat de foute sjoernalist as in gewoan minske presintearre, de skoanheit fan de sjoernalist as wjergader opfierd en der wurdt in moai spul spile tusken soan Eeltsje en syn nije Joadske freonen, waans bern op syn skoalle pleage wurde.
Dit is in boek dat skreaun wurde moast. Fan in soan oan syn heit, fan in skriuwer oan in lêzerspublyk. Dit is in ferhaal dat ferteld wurde moast, in boek dat wat te fertellen, wat te sizzen hat en dan is literatuer op syn bêst. Sa bêst dat ik sizze soe dat dit it beste boek fan de resinte Fryske literatuer is.
Wurdearring: * * * * *
*Laarzen op de Lange Pijp, Ype Schaaf, Uitgeverij Van Wijnen, Franeker, 1994