Sigrid Kingma, op dit stuit Dichter fan Fryslân, giet yn op it wurk fan Huber. Hjoed it twadde en lêste part. Foto: Diet Huber kriget in Italjaanske priis foar in boek. Links op de foto: dr. Ria Bauer, heechlearaar yn de berne- en jongereinliteratuer. Foto út kolleksje Tresoar.

De tradisjonele klup
Der binne yn de perioade dat Diet Huber debutearret 25 dichters dy’t op tradisjonele wize dichtsje. De dichters wurkje mei fêste rymskema’s, beskriuwings fan foarfallen binne realistysk en faak binne se ymplisyt moralistysk. De gedichten spylje faak op it plattelân, beskriuwe it boerelibben of geane oer buorkerijbisten. In foarbyldsje: yn it gedicht Stjûrlju fan J. v.d. Meulen is de moraal eksplisitearre. In ferlykbere ynbou fan in moraal is by de measte tradisjonele dichters te sjen. Hjirûnder de lêste fjouwer rigels fan it gedicht.

En it seit: “De bêste stjûrlju
stean’ oan wâl, sa haw ik leard.
Dat komt út, hwant sjoch, de minne
lizze beide yn ’e sleat.”
(Ut: Sprek mar ta III, 1954)

De twiveljende groep
Der binne yn de foardrachtsbondels út 1954-1958 fjirtjin dichters dy’t eksperimintearje mei nije foarmen en konsepten. Acht fan dy dichters dogge dat op inkeld ôftaastende wize troch personifiearre figueren en/of absurde situaasjes te beskriuwen. Ik nim de skriuwwize fan de namme yn de foardrachtsbondel oer: Wybren Altena, J. v.d. Kamp, Barend v.d. Veen, W.J. Nijenhuis, Jekke van Dyk, R. Postma-Stolk, Tjits Peanstra en Marten Sikkema.

Wat dy dichters mienskiplik hawwe, is dat se skriuwe oer personifiearre figueren of bisten as personaazje. De tradisjonele dichters hienen ek wol bisten as ûnderwerp fan it gedicht, mar it ferskil is dat de bisten no minsklike eigenskippen hawwe. Dêrtroch krije de gedichten gauris in absurd karakter. Sa’n absurd of ûnrealistysk personaazje komt bygelyks foar yn in gedicht fan Ria Postma-Stolk der’t se in sparpotbaarch opfiert dat te winkeljen giet. Hjirûnder steane de lêste trije strofen werjûn dêr’t it tragysk yn ôfrint mei it barchje as it betelje moat.

“Ik wit mar,” sei de winkelhear
“Ien ink’le rie hjirta:
Dat is, dat ik Jo operear,
ik moat dat jild dochs ha!

En oars moat ik myn pak werom
myn strik en skuon en hoed!....”
“O, né, o né!” rôp ’t barchje dom:
“It is my ommers goed!”

En doe, en doe…..doe wie it út.
Hwant mei mar ink’le tikken,
wie oan de winkelman de bút……
en d’earme baerch wie stikken.

Wat it rymskema en de foarmjouwing oanbelanget, binne de gedichten tradisjoneel. Inkeld J. v.d. Kamp lit it fêste rymskema los. Boppedat meitsje fjouwer dichters gebrûk fan plattelânseleminten. Nonsenswurden en onomatopeeën brûke se net.

De wiere ‘Huberianen’
Dan binne der noch seis dichters oer: Tiny Mulder, Gerrit Baarda, Dam Jaarsma, Jan Eisenga, D.H. Kiestra en Master Sybren (pseudonym fan Anne Wadman). De lêste trije skriuwe wol oer personifiearre saken, brûke onomatopeeën of nonsenswurden en hâlde ûnregelmjittige of ûnderbrutsen rymskema’s oan, mar dichtsje net oer dingen dy’t yn werklikheid net kinne soenen. Dat dogge Tiny Mulder, Gerrit Baarda en Dam Jaarsma wol yn guon fan harren gedichten. Dam Jaarsma wikselet lykwols in soad tusken in tradisjonele en fernijende styl.

De gedichten fan Gerrit Baarda en Tiny Mulder lykje in soad op dy fan Diet Huber. Sa dichtet Tiny Mulder ûnder oare oer it skiep Elizabeth dat winterklean breidet foar in jonkje. Dat gedicht sit kwa belibbing op deselde line as Hoantsje Pik fan Diet Huber, oer in hoanne dy’t de hik krijt. Gerrit Baarda is yn syn gedichten wat realistysker. Hy dichtet bygelyks oer in winkelier dy’t sûnder klean oan achter de toanbank stiet. It is net in deistige ferskining, mar yn werklikheid soe it noch wol kinne. By de gedichten fan Gerrit Baarda sjogge we ek gebrûksfoarwerpen as personaazje en hawwe twa fan de acht gedichten in ûnderbrutsen rymskema. De gedichten binne oer it generaal frij koart, lykas by Diet Huber. De strofe-opbou is wol strak, wat by Diet Huber net it gefal is.

De strakke strofebou is ek it gefal by Tiny Mulder. Sy skriuwt by útsûndering gedichten mei minder as 30 rigels. Har gedichten komme it tichtst yn de buert by dy fan Diet Huber wat it gebrûk fan nonsenswurden oanbelanget. Dat is goed te sjen wannear’tst de earste strofe fan Trije fôltsjes fan Mulder njonken de earste seis rigels fan In hûntsje en in katsje fan Huber leist

Trije fôltsjes fan fideldidom 
Dûnsje op ’e mjitte fan ’e trom.
De iene dûnset de ringelrije,
De oare dûnset de Skotse trije
En it trêde fôltsje fan hopsa,
Dat dûnset, dat dûnset de polka.

Sjinglum sjangelum hopfideldy
sjingelum sjangelum hee!
In hûntsje en in kat trala
dy siete yn in kafee,
It hûntsje dat woe kofje ha
it katsje leaver tee.

Se brûke beide yn de earste rigel it wurd fideldy. Diet Huber brûkt it wurd yn in frij ûnbewurke ferzje troch der inkeld ‘hop’ foar te setten. Tiny Mulder brûkt it as rymwurd, dêr’t se hieltyd it efterheaksel fan feroaret. Njonken it as rymwurd te brûken, wurde ûnsinwurden ek ynset op plakken dêr’t it metrum net útkomt, lykas yn de fyfde rigel fan Trije fôltsjes en yn de tredde rigel fan In hûntsje en in katsje. Diet Huber en Tiny Mulder doarden it oan om te eksperimintearjen mei taal en in oare oanpak te hantearjen as de fêstige dichters.

Tiny Diet 2000

Tiny Mulder en Diet Huber. Foto: Jant van der Weg.

Wurdboek as troef
Diet Huber is de iennige Fryske dichter dy’t yn har fersen op plakken bûten Fryslân komt. Gjin oare dichter yn dy tiid beskriuwt reizen yn de gedichten en skriuwt oer úthiemske folken. Oars as wat je fan har soms úthiemsk en hektysk oandwaande gedichten tinke soene, socht Diet Huber har ynspiraasje dochs ticht by hûs en yn de rêst. Foar it skriuwen en yllustrearjen socht se faak de natuer op, by foarkar in bosk. Likefaak helle se ynspiraasje út in wurdboek. It gedicht Hoantsje Pik is bygelyks sa’n gedicht dat út it wurdboek komt, fan it wurd Hantsjepik, dat duvel betsjut. Yn fraachpetearen wurdt it wurdboekfoarbyld faak oanhelle om oan te jaan hoe maklik oft Diet Huber oan ynspiraasje kaam. Sels by it iepenslaan fan in wurdboek koenen der ferskes yn har opbuorrelje, stiet der, as wie in wurdboek de minst logyske plak om ynspiraasje op te dwaan. Neat is minder wier fansels. It wurdboek wie har troef. It is in fantastyske boarne om taalboarterij op gong te helpen. Diet Huber har poëzijalbumferskes binne ek dúdlik in produkt fan wurdboeklêzen. Mei de digitale helpmiddels en wurdboeken dy’t we tsjintwurdich hawwe, kinne moderne dichters ienfâldich geweldich keunstige gedichten skriuwe en ek in bytsje Huberiaan wurde, soenen je sizze. It is lykwols krekt dat papieren boek dat it bêste wurket. Dêr steane wurden byinoar dy’t neat mei inoar te krijen hawwe, mar wol alliterearje. En dat is wêr’t de nonsens begjint.

Ta beslút
De bysûndere fernijende styl waard ek opmurken yn it Nederlânske wurk dat Diet Huber skreau. Dat waard gauris ferlike mei it wurk fan Annie M.G. Schmidt dêr’t se yn dy tiid mei yn kontakt stie. Jan van Coilie neamde de Nederlânske poëzij fan Diet Huber ‘het hoogtepunt van de nonsensultuur in de jaren 60 in onze streken’. Dy útspraak jildt nammerste mear foar har Frysktalige bernepoëzij dêr’t se gjin wjergader hat. Mar de poëzij fan Diet Huber is folle mear as dat. Sy hat troch har gedichten net allinnich in grutte bekendheid krigen, mar boppedat hat se sjen litten dat bernepoëzij net altyd moralistysk en korrekt hoecht te wêzen, mar ek boartlik en grappich wêze mei.

Oanhelle titels:
Van Coilie, J. Van lapjeskat tot liegbeest. Dertig jaar poëzie voor kinderen in Nederland en Vlaanderen (1950-1980). In/NBLC, Lier, Den Haag.
Van der Weg, J., Er is door het luchtruim een hemd onderweg… Friese kinderpoëzie in de 20e eeuw, Biblion Uitgeverij, Leidschendam, 2003.

Lês hjir part ien werom.