G. Willem Abma
De roekkat (1986)
Sjenre: Proaza

Oer boek en skriuwer

Dizze roman is in bekentenisroman oer Heerd Hissema yn syn gymnasiumjierren. De skoalsituaasje liket op dy fan ‘it Bogerman’ yn Snits begjin jierren sechstich. It boek is it ferfolch op De oantaasting út 1983, mar kin dêr goed los fan lêzen wurde. Heerd hat in psygyske knau krigen fan it slim otterdokse miljeu dêr’t er yn grutwurden is en dêrom ferpoft er it thús om te praten; yn oare rûnten docht er dat wol. Hy komt yn ’e stêd by in fiskkeapman yn ’e kost, mar moat nei in pear jier fuort om’t de man en syn frou gjin hichte fan him krije kinne. Freonen hat Heerd net. Hy besiket oan twa kear ta mei in âldere frou seksueel kontakt te krijen. Hoewol’t er goed leare kin, sakket er foar syn eineksamen, want hy hat tefolle mei syn eigen problemen ompakt. ‘Roekkat’ is de namme dy’t Heerd jûn hat oan in kweade dreamferskining dy’t mei syn praat de hannel en wannel fan de opgroeiende jonge beynfloedet.

De roekkat wurdt sjoen as ien fan Abma syn bêste romans. It boek waard yn de jierren tachtich fan de foarige ieu de ynset fan in diskusje oer de aktualiteit fan de psychologyske roman. Foar de iene ‘in hichtepunt yn de lêste tsien jier’, foar de oare ‘in oerstallich boek’.

Dit boek yn de DBFL is de earste printing út 1986.

De roekkat is in wurk fan grutte ynset, fan sterke foarmjouwing en fan in foarbyldige leafde foar it detail.

[...]

Tige raak is ek keazen de de symboalyske figuer fan de ‘roekkat’, fertsjintwurdiger fan Satan sels, [...] as in ferpersoanliking fan syn kweade oanstriden.  

Anne Wadman yn Frysk en Frij

In ferslach fan in puber oer syn libbensfaze tusken likernôch 13 en 19 jier, mei eigen eagen sjoen, út eigen gefoelens wei ferteld. Dat hâldt ek yn dat it hjir en dêr skokkend is, dat it frijmoedich is [...]’

Rients de Boer yn it Friesch Dagblad

De roekkat is in Fryske roman, en in bêsten ien. Der is yn Fryslân altyd om goede romans frege en oan dy frage is yn de see fan tiid dy’t wy ‘nei de oarloch’ neame in inkelde kear foldien. No, dit jier, wer troch G. Willem Abma.

Jan Wybenga yn de Leeuwarder Courant

G. Willem Abma (1942) is in produktyf skriuwer fan meast psychologyske romans. Hy begûn syn karriêre yn de Fryske literatuer as dichter ûnder de skûlnamme Daniël Daen. Yn syn wurksum libben wie er godstsjinstlearaar en dêrnei psychoterapeut.