Piter Boersma
It libben sels (1997)
Sjenre: Proaza
- It digitale boek en ynformaasje oer de boarne besjen (website DBNL)
- Dit boek is as pod-útjefte te bestellen by útjouwerij Elikser
Oer boek en skriuwer
De haadpersoan yn It libben sels wennet yn it finsterbank fan syn hûs en hy is foar de fyfde kear troud. Hy seit dêr sels oer: ‘De frou dy’t geregeldwei by my yn it finsterbank sit is myn fyfde frou en ik tink dat ik der noch net bin. Ik bin noch mar fiifentfjirtich.’ Hy jou yn koarte oant tige koarte haadstikken in byld fan syn libben, benammen syn relaasje mei syn frou, syn fjouwer eks-froulju, syn eigen bern en dy fan syn eksen. Hy hat yn syn libben fjouwer bern oanset, mar mei tsien te meitsjen. ‘Bist in seksmaniak,’ siet syn fyfde frou op in stuit. ‘En do dan’, seit er. Dat seks yn syn libben in grutte rol spilet, dêr draait er net omhinne.
De ynhâld hat in absurde en hilaryske ynslach. De tsjoen by it lêzen fan de tekst ûntstiet net trochdat in plot ôftriedde wurdt, mar trochdat de lêzer in hyltyd folsleiner mozayk-byld kriget fan de haadpersoan. De styl fan skriuwen is sûnder omballingen, abrupt en faak poëtysk. It giet yn It libben sels it om de spanning tusken it ferlet oan ôfsûndering en it ferlet oan minsklik kontakt, benammen yn de erotyk.
Foar dit boek krige Piter Boersma yn 1998 de Gysbert Japicxpriis.
Dit boek yn de DBFL is earste printing út 1997.
It nijsgjirrichst yn de roman is de mearlagichheid. Eins soe ris in literatuerpsychologyske ynterpretaasje op it boek loslitten wurde moatte. Mei’t de roman bestiet út losse fragminten, sitte der in protte iepen plakken yn, dy’t de lêzer útdaagje ta neiere stúdzje. […]
Babs Gezelle Meerburg yn it Friesch Dagblad
It libben sels ropt fragen by de lêzer op en dat is net in lytse fertsjinste.
As It libben sels it lêzen wurdich is, dan sit him dat net yn it ferhaal, mar yn it fertellen. […] It is de foarm fan It libben sels dy’t it boek syn wichtichste wearde jout. It sketst in byld fan de rike earmoed fan it hjoeddeiske belibjen. Wy tinke yn tûzenen bylden en skeppe dêrmei ús eigen hyltyd mear iendiminsjonale wrâld.
Hylke Tromp yn Hjir
Piter Boersma (1947) folge de roomske kweekskoalle en wurke dêrnei as ûnderwizer oan in basisskoalle yn Ljouwert. Hy helle it eksamen mû-b Frysk en is fan 1977 ôf as leksikograaf ferbûn oan de Fryske Akademy. Hy is al fjirtich jier warber as Frysk skriuwer en dichter. Yn 1972 wie er mei-oprjochter fan it literêr tydksrift Hjir en hy is no redaksjelid fan Ensafh.