Meindert Bylsma
Shit my mar lek (1998)
Sjenre: Proaza
- It digitale boek en ynformaasje oer de boarne besjen (website DBNL)
- Dit boek is as pod-útjefte te bestellen by útjouwerij Elikser
Oer boek en skriuwer
Trije wat âldere manlju wurde op ferskillende plakken dea oantroffen. De plysje besiket út te finen wêrom’t se ‘lek’ sketten binne. In sitaat by it finen fan ien fan de manlju: ‘Selsmoard, dat hie it moaiste west, dat joech minder rompslomp... Mar ja dat kaam net yn de beneaming’. Is it boek in misdieroman? Dat soe sa mar kinne. In oar ferhaal begjint mei: Der wie ris in lân dat Dellân hjitte. Krekt as yn in mearke. In mearkeboek? Dat soe ek kinne fansels. Troch it ramtferhaal binne allegearre oare ferhalen frissele dy’t de lêzer geregeldwei op ’e doele bringe. It sintrale tema dat de skriuwer oansnijt is de ‘minne situaasje’ fan it Frysk. Hy is der op in seldsume wize yn slagge de toan licht te hâlden, of is dat mar skyn?
Dit boek yn de DBFL is de earste printing út 1998.
In wûnderlik ludyk boek, fol mei in parabels en ferhalen ferpakte krityk, mar tagelyk iroanyske en humoristysk.
Jelle Krol yn de Leeuwarder Courant
Alles yn dit boek, fan mearke oant misdie, hat te krijen mei de delgong en de driigjende ûndergong fan it Frysk.
Sjoerd Bottema yn Trotwaer
Dit boek is dúdlik in gefal fan literêr eksperimint: alles is tastien.
Babs Gezelle Meerburg yn it Friesch Dagblad
Meindert Bylsma (1941) waard berne yn Wergea. Hy folge in oplieding ta ûnderwizer en joech in skoft les om utens. Pleage troch ûnwennigens kaam er al gau wer yn Fryslân (Kimswert) werom. Bylsma bleau oant syn pensjonearring learaar Nederlânsk en nifeljen yn Harns. Hy is de skriuwer fan in grut oeuvre, sawol poëzij as proaza, mei in opfallende kombinaasje fan boartlikens en earnst.