Klaes Dykstra & Bouke Oldenhof
Lyts hânboek fan de Fryske literatuer (1977)
Sjenre: Non-fiksje
Oer boek en skriuwer
Dit lytse hânboek jout yn koart bestek in oersjoch fan de Fryske literatuer, fan it earste begjin oant de jierren ’90 fan de foarige ieu. Gâns nammen en titels wurde neamd. Ek de streamings dy’t yn de Fryske literatuer te ûnderskieden binne, wurde beskreaun. Troch syn kompaktheid hat it boek wat wei fan in ensyklopedy yn trochrinnend proaza. In wiidweidich register op persoanen en saken makket it tagonklik foar elkenien dy’t him yn de Fryske literatuer ferdjipje wol.
De earste edysje fan it Lyts hânboek ferskynde yn 1977. De twadde, ferbettere en omstavere printinge mei in aparte oanfolling oer de lêste tweintich jier kaam yn 1997 út as ko-produksje fan Klaes Dykstra en Bouke Oldenhof. Dykstra mocht de presintaasje fan it nije boek krekt net mear meimeitsje.
Dit boek yn de DBFL is de twadde printing.
Wy hoopje dat dit wurk bydrage mei oan de belangstelling foar en it begryp en it geniet fan de besprutsen wurken.
De auteurs yn it foaropwurd
Opmerkelijk zijn de knappe karakteriseringen en waarderingen van het literaire werk, die steeds de indruk geven dat vijf recensies in twee zinnen zijn samengebald.
Teake Oppewal yn Zolang de wind van de wolken waait
Klaes Dykstra (1924-1997) folge in stúdzje Ingelsk mei Frysk as byfak yn Grins. Jierrenlang wie er learaar en letter wittenskipper oan it Frysk Ynstitút yn Grins. Hy makke him in namme as Fryske literatuerûndersiker en oersetter.
Bouke Oldenhof (1957) studearre Nederlânsk en Frysk oan de rug en Theaterwittenskippen yn Amsterdam. Hy wurke by it flmd, as dosint yn it hbû en as dramaturch yn tonielwrâld. Tsjintwurdich is er benammen aktyf as tonielskriuwer.
Fan dit boek kin gjin pod-eksimplaar besteld wurde omdat de rjochthawwer dêrta gjin tastimming jûn hat. Yn de oersjochslist oan de ein fan de rubryk Oer de DBFL is dat oanjûn mei gt.
It kin ek wêze dat de middels fan it projekt dêr yn earsten net de mooglikheid ta jûn ha.