Hylkje Goïnga
Hynstefigen (1990)
Sjenre: Proaza

Oer boek en skriuwer

Hynstefigen ferskynde yn 1990 as fyfde ferhalebondel fan Hylkje Goïnga. It wiene lykas altyd ferhalen oer Martha dy’t har steande besiket te hâlden yn de wrâld. Mar Martha is no ek de frou dy’t nêst har freondinnen stiet as dy yn har relaasjes oerkomt wat sy achter de rêch hat. Yn tsjinstelling ta de eardere bondels spilet Jaap yn Hynstefigen mar in lytse rol. It liket derop dat Martha foargoed mei him ôfrekkene hat. It titelferhaal is langer as trochstrings by Goïnga. Martha kuieret oan see. Foar har út rint in hiel knappe man. Se kin har eagen net fan him ôfhâlde. Hja sjocht dat er syn sok op ’e grûn falle lit, kriget dy op en jout him oan Rob, sa hyt er, werom. Martha is fereale as in jong fanke; sa’n kreaze fint hat hja noch nea sjoen. Troch Rob wurdt Martha, dy’t der net de minste euvelmoed yn hat, behelle yn in kriminele opset. Hynstefigen nimme dêr in bysûnder plak by yn. It ferhaal is beskreaun út it perspektyf fan in altiten naïve Martha wei. It befettet deselde eleminten dy’t ek yn de oare ferhalen foarkomme. Langstme nei de ideale man, nei leafde en tearens, en striid tsjin iensumens. De ferhalen stiene earder yn De Strikel. In Nederlânske oersetting ferskynde ûnder de titel Paardevijgen.

Dit boek yn de DBFL is de earste printing.

 

Har manier fan skriuwen is pakkend, meinimmend en soms komysk. Dat dizze bondel fan de foarige ferskilt, dat is krekt de sterke side fan Hynstefigen. It docht it âlde net nochris oer, mar is in foarútgong yn it oeuvre fan Hylkje Goïnga. […] as jo it my freegje, har bêste boek!

            Babs Gezelle Meerburg yn Frysk en frij

 

Goïnga hat mei dizze bondel âlderwetsk útpakt: it measte wurk is poerbêst. It hat boppedat – en dat jildt ek foar har eardere ferhalebondels – in frisse en woldiedige natuerlikheid.

            Jabik Veenbaas yn Hjir

 

Hylkje Goïnga (1930-2001) wurke yn de sûnensfoarljochting op skoallen. Se begûn al jong te publisearjen en wie desennia lang redakteur fan it moanneblêd De Strikel.

Mei har bydragen oan dat blêd waard se bekend as skriuwster fan koarte ferhalen. Se debutearre yn 1971 mei de ferhalebondel Jantsje, ja heit…. Har ferhalen geane altyd oer Martha, dy’t tekene wurdt yn har besykjen om har selsstannichheid en spontaniteit oerein te hâlden, earst yn de relaasje mei har eigenikkige man Jaap, dêrnei as allinnesteande frou.