Hoatse de Jong
Trude, roman fan in hynder (1953)
Sjenre: Proaza

Oer boek en skriuwer

Dizze roman fertelt oer tsien jier út it libben fan de prachtige blesfos Trude. It ferhaal einiget by de befrijing. In oarlochsboek is dizze roman fan Hotse de Jong net, mar it rekket de tastannen yn ‘e besettingsjierren wol. Want de minsken om Trude hinne binne ek beskreaun: de boer, in fûle NSB-er, en syn dochter, fereale op de feint dy’t neat fan de Dútsers witte wol. Uteinlik wurdt de blesfos foardere trocht de besetter. Dêrnei folgje noch hiel wat swierrichheden foar’t Trude wer thúskomt. Hoatse de Jong skriuwt yn geef folksaardich Frysk oer it boerewurk en boerelibben. Mei dêrom is Trude noch altyd de muoite fan it lêzen wurdich.
De earste printing fan it boek ferskynde yn 1953. Dizze útjefte yn de Digitale Biblioteek is neffens de fjirde út 1994 yn de rige ‘Fryske Klassiken I’, mei in neiwurd fan Tineke Steenmeijer-Wielenga.

Yn de rige folksferhalen sûnt de twadde wrâldoarloch slacht dit boek gjin min figuer. Wat de stof oanbelanget, is De jong binnen de grinzen fan syn kennis en ûnderfining bleaun. En hy beskriuwt dat stik boere- en hynstelibben net allinne mei kennis fan saken, mar ek mei leafde. Net djip of grut, noch yn fûle spanning, mar dochs wol sa nijsjgjirrich dat it de belangstelling fan ’e folkslêzer oan de ein ta geande hâldt. (E.B. Folkertsma yn De Tsjerne, 1954)

It opfallendste oan Trude is, tinkt my, it sykjen nei it arkadië, de lânsdouwe dêr’t alles yn harmonije is. De Jong giet mei opsetsin de konflikten út ‘e wei en lit yn Trude syn oanstriid ta moaiskriuwerij sjen. Yn it tekenjen fan leaflike lânskippen is De Jong in master. (Jelle Krol yn de Leeuwarder Courant, 1994)

Hoatse de Jong blykt in ferteller earste klas te wêzen, sûnder dat er earste klas skriuwer is. Dan bedoel ik skriuwer yn de betsjutting fan komponist. Net alles funksjonearret yn it gehiel fan it ferhaal. Yn de betsjutting fan taalkeunstner soe ik him al in goede skriuwer neame wolle. (Jan Jongsma yn it Friesch Dagblad, 1994)

Hoatse de Jong (1884 – 1982) wurke as boere-arbeider, laborant en keallesketser. Hy debutearre yn 1920 yn it wykblêd Sljucht en Rjucht en waard in produktyf folksskriuwer. Hy skreau romans, ferhalen, feuilletons en revu’s.