Sjoerd van der Schaaf
Skiednis fan de Fryske biweging (1977)
Sjenre: Non-fiksje
- It digitale boek en ynformaasje oer de boarne besjen (website DBNL)
- Dit boek is as pod-útjefte te bestellen by útjouwerij Elikser
Oer boek en skriuwer
Koarte skiednis fan de Fryske biweging is it earste folsleine boek oer de ‘Fryske beweging’.Under dat begryp falle alle organisaasjes en minsken dy’t har ynsetten hawwe om it Frysk mear earmslach te jaan. Van der Schaaf krige yn 1972 fan de Fryske Akademy de opdracht om it boek te skriuwen; hy wie doe krekt mei pinsjoen. Syn doel wie nei te gean wat de gefolgen en fertuten west hiene fan it ‘yn it begjin fan de njoggentjinde ieu op gong kommen en stadich krêftiger wurdend stribjen om it âld kultuerbesit fan Fryslân wer ta libben te bringen’. Oardel ieu skiednis wurde troch him libben en detaillearre beskreaun. Oan de jierren 1940-1945 binne twa haadstikken wijd. It boek ferskynde yn 1977 krekt even earder as it proefskrift fan Gjalt Zondergeld, De Friese beweging in het tijdvak der beide wereldoorlogen. Van der Schaaf idintifisearre him mei de Fryske beweging, Zondergeld kritisearre. Yn 1978 krige Van der Schaaf de Piter Jellespriis fan de stêd Ljouwert foar dit boek.
Dit boek yn de DBFL is de earste printing. De tekst is yn de ‘âlde stavering’.
Van der Schaaf lit sjen hoe’t de dream fan de romantyk en âldheidkunde en taalkundige niget fan in genoatskipsrûnte útgroeide ta in taalstriid en in emansipaasjebeweging.
Ut it sjueryrapport fan de Piter Jellespriis
Juist die informatie en die nuchterheid, de weergave van feiten tegen de vluchtige, maar wel kenmerkend geschetste achtergrond van de verschillende tijdsperioden, maken dit boek tot een evenwichtig werk, leerzaam, documentair en boeiend.
Pieter Terpstra yn it Nieuwsblad van het Noorden
Sjoerd van der Schaaf (1906-2006) folge de hbs op It Hearrenfean. Oant 1931 wie er sekretary-amtner. Doe krige er in beneaming as sjoernalist by it Nieuwsblad van Friesland. Fjirtich jier siet hy yn dat fak, op ferskate plakken yn Nederlân. Hy skreau nêst de Skiednis fan de Fryske biweging op literêr mêd fiif romans en ien ferhalebondel, dy’t almeast maatskiplike tematiken behannelje.