Fedde Schurer
De besleine spegel (1969)
Sjenre: Non-fiksje

Oer boek en skriuwer

Yn dit boek fertelt Fedde Schurer op meinimmende wize oer syn eigen libben. Ferfrissele mei it persoanlike elemint jout it ek in stik sosjale en kulturele skiednis, dat de skriuwer fûl meibelibbe hat as dichter en skoalmaster, as sjoernalist en yn ’e polityk. Twaris hat er it middelpunt fan gâns opskuor west: yn de ‘Lemster skoalkwestje’  fan 1930 en mei ‘Kneppelfreed’ yn 1951. Mar der is folle mear: syn ûnderskate redakteurskippen, de fersen en de psalmberimings, syn toanielstik Simson, syn protest tsjin it mandemint fan de bisskoppen yn 1954. De besleine spegel waard postúm publisearre yn 1969. Yn itselde jier kaam in Nederlânske oersetting út troch J.H. Brouwer. It is ek no noch in weardefol dokumint fan en oer ien fan de grutte figueren út de eigentiidske Fryske skiednis, oer wa’t yn 2010 in biografy ferskynde fan Johanneke Liemburg.

Dit boek yn de DBFL is de twadde printing út 1998, ferskynd yn de rige Fryske Klassiken ii. It neiwurd is fan T. Steenmeijer-Wielenga.

Yn dit kostlik boek stiet Fedde Schurer wer deun by ús. His soul is marching on, syn geast libbet troch (Inne de Jong yn de Leeuwarder Courant)

It binne de humor, de selsrelativearring mar ek de myldens dêr’t Schurer mei weromsjocht op konflikten, dy’t syn beskriuwing bysûnder meitsje (Reitze J. Jonkman yn it Friesch Dagblad)

It pleitet foar Schurer dat er kenlik yn ’e gaten hie dat syn spegel fan it ferline ‘beslein’ wie en dat er wist dat hy in persoanlik, fertekene byld joech (Jan Pieter Janzen yn Trotwaer)

Fedde Schurer (1898-1968), ûnderwizer, skriuwer en dichter, politikus en sjoernalist wie ien fan de populêrste Fryske skriuwers fan de tweintichste ieu. By syn literêr wurk leit de klam op toaniel en dichtwurk. Hy makke Fryske psalmberimingen, en bewurke bibelferhalen ta gedichten. Yn 1949 krige er de Gysbert Japicxpriis foar de psalberimingen en it toanielstik Simson.