Anne Wadman
De frou yn 'e flesse (1988)
Sjenre: Proaza
- It digitale boek en ynformaasje oer de boarne besjen (website DBNL)
- Dit boek is as pod-útjefte te bestellen by útjouwerij Elikser
Oer boek en skriuwer
Yn De frou yn ’e flesse, Wadman syn fyftjinde roman, foarmet foar it earst in middelskoalle de eftergrûn fan it ferhaal. Sintraal steane Janneke Brouwer, in learares fan fiifentritich jier, in oankommend Frysk skriuwster, en Joop alias Jip Koster, in eineksamenkandidaat fan njoggentjin. Jip hat oare takomstplannen as wat syn heit, in ferneamd musikus, mei him foar hat.
Janneke en Jip skriuwe om in om in haadstik, Janneke yn it Frysk yn har oantekenboek, Jip yn it Nederlânsk yn brieven oan syn mem yn it bûtelân.
Op ’e eftergrûn spylje behalve de heit ek oaren in rol, bygelyks Jip syn mem en Janneke har freondinne, de lesbiennne Justine. Allegear krije se yn it jier dat de roman beslacht in krisis yn har bestean te ferwurkjen. Ek it lot fan de Fryske taal komt yn dizze roman op it aljemint. Wat de literêre foarm oangiet, siket de skriuwer yn dizze roman nei nije wegen.
Wa’t der gjin parody yn sjen kin, of wol, op it modieuze sjenre fan de ‘skoalleroman’ (’t Hart, Siebelink, Abma) kin it boek ek lêze as it boeiende ferslach fan in frou op in kearpunt yn har libben: yn de flesse sitten bliuwe of derút. (Tsjerk Veenstra yn Frysk en Frij)
Yn de roman lit Wadman wer ris sjen dat er in fakman is. (Rients de Boer yn it Friesch Dagblad)
Anne Wadman (1919-1997) studearre Nederlânsk en wurke trijentritich jier by it ûnderwiis. Hy waard in tige produktyf skriuwer en kritikus. Twa kear krige er de Gysbert Japicxpriis, mar hy seach himsels net as in suksesfol skriuwer. Hoe’t dat kaam leit Joke Corporaal út yn in stúdzje oer syn libben oant 1963, Grimmig eerlijk, ferskynd yn 2009.