Anne Wadman
In bolle yn 'e reak (1986)
Sjenre: Proaza

Oer boek en skriuwer

Plak fan hanneling: it Fryske greiddoarp Flokswert yn ’e jierren justjes foar, tidens en krekt nei de Twadde Warâldoarloch. Haadpersonaazjes: Bouke Martensma, in handikapte skriuwer, Minke Wiuwerda, eigensinnige dochter fan in slachter-lânferrieder en doarpsdokter Jos Degreve, ea út Brabân ferballe om syn moderne ideeën en op wa’t de titel betrekking hat. Dy trije binne lotgenoaten, oan inoar ferbûn troch frjemde triedden fan tagedienens, skuldgefoel en ûnwissens. Foar elk fan har jout dat komplikaasjes en hat it konsekwinsjes. Op ’e eftergrûn spilet de doarpsmienskip mei syn godstsjinstige en maatskiplike tsjinstellingen, mei ferset en ferried, mei al syn nuverichheden en syn sjarmes. In kronyk fan minsklike lytsens soe men dit relaas neame kinne, teboeksteld troch ien fan de trije. Mar neat is sa lyts of der skimeret út en troch ris in glimp fan wat grutters trochhinne. It boek ferskynde yn 2009 ek yn de omnibus De oarloch fan Wadman.

Dit boek yn de DBFL is de earste printing út 1986. Yn 2009 ferskynde in nije útjefte yn de sammelbondel De oarloch fan Wadman.

'Anne Wadman hat der in bêste, lêsbere roman fan makke'. (Jan Wybenga yn de Leeuwarder Courant)

'Lês it boek, soe ik sizze wolle, keapje it en jou it ek de jongerein yn hannen. Net iens om’t se dêr goed Frysk yn oantreffe, mar om’t it in sjenwize (in, net de fansels) jout op it ferline en op minsklike ferhâldingen yn it algemien. Wadman toant him mei dit boek in betûfte romancier, in fakman. It boek sels is ‘in’ roman, mar in poerbêsten-ien.' (Jo Smit yn Frysk en Frij)

'De tsjinstelling goed/fout wurdt troch Wadman yn dit boek gâns relativearre, al bliuwt it nazy-wêzen in kwestje fan dommens, sleauwens en oerflakkichheid'. (Steven H.P. de Jong yn Ta in hichte of de balke yn eigen each)

Anne Wadman (1919-1997) joech al ier bliken fan syn niget oan muzyk, literatuer en it Frysk. Hy studearre Nederlânsk oan ’e Universiteit fan Amsterdam en wurke lange tiid by it ûnderwiis. Hy waard ien fan de meast produktive Fryske skriuwers en kritisy. Twa kear krige er de Gysbert Japicxpriis, yn 1952 en 1989. Hy seach himsels lykwols net as in suksesfol skriuwer. Joke Corporaal socht út hoe’t dat kaam yn in stúdzje oer syn libben oant 1963, mei as titel Grimmig eerlijk, ferskynd yn 2009.