Jan Wybenga
Moai waar en lange dagen (1981)
Sjenre: Proaza

Oer boek en skriuwer

It iennischste proazawurk dat fan Jan Wybenga by syn libben ferskynd is, is net sa tige opfallen. Komt dat omdat Wybenga eins allinne bekend stie as dichter en kritikus foar de Ljouwerter Krante? Dochs is Moai waar en lange dagen troch minsken as Freark Dam en Jan Pieter Janzen tige priizge. Yn dit boek fertelt Jan Wybenga oer syn berne- en jongfeintetiid yn de jierren tweintich en tritich yn Noardwâlde en Wolvegea. It befettet njonken twa ynliedende ferhalen fiif ‘provinciales’, wêryn’t er in sterk persoanlik en humoristysk-relativearjend ynsjoch jout yn de tiid dat er opgroeide. Yn 1992 brocht Hjir in spesjaal Wybenga-nûmer út, mei ûnder oare in bewurke ferzy fan de skripsje dy’t Jarich Hoekstra oer him makke.

Dit boek yn de DBFL is de earste printing.

In dichterlike, geastige en foaral ek skerpsinnige ynterpretaasje fan skriuwers eigen jeugdjierren. En tagelyk in moaie, suver bûnte karakteristyk fan in gea en in tiid (Weststellingwerf, jierren ’30) sa’t de auteur dy yn har twingende wikselwurking ûndergien hawwe moat en op ús wit oer te bringen.

Freark Dam yn de Leeuwarder Courant

Moai waar en lange dagen is mear as de ‘keale’ autobiografy dêr’t guon besprekkers it foar oansjoen ha. It is in autobiografyske roman mei in moai dúdlike algemiene tematyk.

Jarich Hoekstra yn syn skripsje oer Wybenga

De lêzer komt hjir yn de kunde mei in wize fan oanbieden fan autobiografysk materiaal dy’t ôfwykt fan de wenstige yn dy sin, dat men ûnder it lêzen mar amper oan de persoan fan de autobiograaf tinkt, mar mear yn it algemien oan in Fryske doarpsjonge fan fjirtich, fyftich jier lyn.

Tiny Mulder yn it Friesch Dagblad

Jan Wybenga (1917-1994) waard benammen bekend as dichter, dy’t opfoel troch in eigen en eigentiidske toan. Hy groeide op yn Wolvegea en wurke yn it ûnderwiis. Hy krige twa kear de Gysbert Japicx-priis foar syn poëzij. Hy skreau ferhalen en kritiken, sette Catullus oer yn it Frysk en wie redakteur fan De Tsjerne en Trotwaer. Yn 1982 wie hy de earste Fryske dichter op Poetry International.