Yn de Frysk-literêre wrâld besteane acht wichtige literêre prizen. It is fan belang dêrby ûnderskied te meitsjen tusken prizen dy't (lang) nei publikaasje takend wurde, en prizen dy't wûn wurde by priisfragen dêr't wurk spesjaal foar ynstjoerd wurdt.
Hjirûnder in oersjoch fan de prizen mei earste jier fan útrikking. Efter de link mear detailynformaasje en in oersjoch fan de priiswinners.


Prizen fan de Provinsje Fryslân
Gysbert Japicxpriis (earste priisútrikking 1947)
Obe Postmapriis (1984)
Fedde Schurerpriis (1984 - 2012)

Prizen beskikbersteld troch oare oerheden
Piter Jellespriis (1974)

Prizen beskikbersteld troch partikuliere ynstellingen
Simke Kloostermanpriis (1983)
D.A. Tammingapriis (2014)
Rink van der Veldepriis (2004)
Diet Huberpriis (2022)

Priisfragen útskreaun troch partikuliere ynstellingen
Rely Jorritsmapriis (1955)
Romanpriisfraach fan de KFFB (1946)

* * *

Literatuerprizen fan de provinsje Fryslân
Mear achtergrûnynformaasje



[pleatst 17.06.2014, bywurke 11.05.2022]