Nederlandse tekst Gysbert Japicxpriis >>

De Gysbert Japicxpriis is de grutte priis fan de Fryske literatuer. De namme ferwiist nei de santjinde-ieuske Fryske renêssânsedichter Gysbert Japicx, berne yn Boalsert. De priis waard yn 1947 ynsteld troch it Provinsjaal Bestjoer. Dichter Obe Postma wie yn dat jier de earste priiswinner.

De frekwinsje fan takennen feroare yn de rin fan de tiid in pear kear. Tsjintwurdich wurdt de priis om de twa jier útrikt, de iene kear foar proaza, de oare kear foar poëzij. Yn 2017 wurdt de priis foar de 35ste kear takend.
Deputearre Steaten fan Fryslân kenne de priis ta op basis fan in advys fan de advyskommisje, ynstallearre troch DS op foardracht fan de Fryske Akademy, sûnt 2013 fan Tresoar.

It prizejild yn 1947 wie 500 gûne (225 euro), yn 2013 wie it 10.000 euro plus in earmerke subsydzje fan 5000 euro foar it oersetten fan wurk fan de priiswinner.

De priisútrikking wurdt yn Boalsert hâlden. Yn it ferline wie de byienkomst yn de riedseal fan it histoaryske stedhûs. It neidiel dêrfan is dat der amperoan hûndert minsken yn passe. Dêrom is de priisútrikking de lêste jierren yn de Martinitsjerke en is de útrikking frij tagonklik.

By de priisútrikking is de boargemaster fan de gemeente Súdwest Fryslân (of syn ferfanger) de gasthear. De gebrûklike lofrede (‘laudatio’) wurdt útsprutsen troch in fertsjintwurdiger fan de Fryske Akademy, de Rie fan de Fryske beweging of Tresoar, elk om bar.

Literatuerprizen fan de Provinsje, mear achtergrûn.
Literêre prizen, koart oersjoch


Oersjoch fan de priistakenningen

Yn it hjirnei folgjend oersjoch stiet fan de advyskommisjeleden dejinge dy't it wurd fierd hat by de priisútrikking foarop. Akademyske titels binne weilitten.

2023 (proaza)
Takenning:
Advyskommisje: Rieuwert Krol, Jelma Knol en Jarich Hoekstra
Nominaasjes:
Utrikking:
Ferslach sjuery:

2021 (poëzy)
Eeltsje Hettinga (1955) foar 'Dichter fan Fryslân'
Advyskommisje: Nynke Heeg, Hein Jaap Hilarides en Jannes van der Velde, mear >>>
Utrikking op 6 novimber yn De Tiid te Boalsert troch deputearre Sietske Poepjes
Ferslach advyskommisje
Taspraak Sietske Poepjes, deputearre Provinsje Fryslân
Laudatio troch Eric Hoekstra
Lêzing troch Peter van Lier, útsprutsen op 5 novimber

2019 (proaza)
Aggie van der Meer (1927) foar har hiele oeuvre
Advyskommisje: Grytsje Schaaf, Houkje Rypstra, Atte Jongstra.
Nominaasjes: shortlist
Utrikking op 16 novimber yn Boalsert troch deputearre Sietske Poepjes
Ferslach advyskommisje
Taspraak Sietske Poepjes, deputearre Provinsje Fryslân
Tankwurd Aggie van der Meer
Laudatio troch Pier Bergsma

2017 (poëzy)
Eppie Dam (1953) foar syn dichtbondel Fallend ljocht (2014)
Advyskommisje: Bouke Oldenhof, Pieter Boskma en Gerlien van Dalen, mear >>>
beneamd troch DS fan Fryslân op 5 desimber 2016
Nominaasjes: shortlist
Utrikt op sneon 14 oktober yn de Martinitsjerke yn Boalsert troch deputearre Sietske Poepjes
Ferslach fan de Advyskommisje
Taspraak fan Mirjam Bakker, wethâlder fan kultuer fan Súdwest-Fryslân
Taspraak fan Sietske Poepjes, deputearre Provinsje Fryslân
Tankwurd fan Eppie Dam, útsprutsen troch Lienke Boot
Laudatio troch Bert Looper

2015 (proaza)
Koos Tiemersma (1952) foar syn roman Einum
Utrikt op sneon 10 oktober troch deputearre Sietske Poepjes
Advyskommisje: Marga Waanders, Yvonne Dijkstra, Kester Freriks, André Looijenga en Doeke Sijens
beneamd troch DS fan Fryslân op 9 sept 2014, mear>>
Nominaasjes: longlist; shortlist
Bekendmakking priiswinner (Frysk Boekefeest 11-09-2015)
Jaap Krol, FD 07-10-2015 (fraachpetear mei de priiswinner)
Ferslach fan de Advyskommisje
Taspraak fan de deputearre, Y-SKrift 12-10-2015
Laudatio troch Reinier Salverda (De Moanne, 12-10-2015)
Sietse de Vries, LC 12-10-2015 (ferslach útrikking)

2013 (poëzy)
Jacobus Q. Smink (1954) foar syn dichtbondel Sondelfal (2009)
Advyskommisje: Goffe Jensma, Jetske Bilker en Jantsje Post
Utrikt op sneon 12 oktober yn de Martinitsjerke troch deputearre Jannewietske de Vries
Rapport advyskommisje (Ensafh. 13-10-2013)
Wurd fan wurdearring: Geart Benedictus
Nominaasjes: shortlist
Jacob Haagsma, LC 12-10-2013 (fraachpetear)
Sietse de Vries, LC 14-10-2013 (ferslach útrikking)

2011 (proaza)
Durk van der Ploeg (1930) foar al syn proaza mei spesjale fermelding fan de roman Foarby it Boarkumer fjoer (2002)
advyskommisje: Willem Verf, Ate Grypstra en Sietske de Jong
útrikt op tiisdei 8 novimber yn de Martinitsjerke troch deputearre Jannewietske de Vries
Rapport advyskommisje
Wurd fan wurdearring troch Bert Looper
Sietse de Vries, LC 12-10-2011 (fraachpetear)
Sietse de Vries, LC 14-10-2011
Nijsfoto boekemerk, LC 17-10-2011
Jaap Krol, FD 09-11-2011
Sietse de Vries, LC 09-11-2011 (ferslach útrikking)
Pieter de Groot, LC 11-11-2011 (opiny)

2009 (poëzy)
Anne Feddema (1961) foar Reidhintsje op ’e Styx
Advyskommisje: Pieter de Groot, Frits van der Kuip en Geertrui Visser.
Utrikt op tongersdei 15 oktober yn it Stedhûs troch deputearre Jannewietske de Vries
Wurd fan wurdearring: Piter Boersma
Ferslach fan de Advyskommisje
Taspraak fan de deputearre
Sietse de Vries, LC 09-10-2009 diel 1 en diel 2 (fraachpetear mei de priiswinner)
Jaap Krol, FD 16-10-2009
Sytse Singelsma, LC 16-10-2009 (ferslach fan de útrikking)

2007 (proaza)
Josse de Haan (1941-2020) foar it fernijende yn syn folslein oeuvre
Advyskommisje: Ernst Bruinsma, Aukje Holtrop en Willy van der Meer
Utrikt op tongersdei 25 oktober yn de Broeretsjerke troch deputearre Jannewietske de Vries
Wurd fan wurdearring: Babs Gezelle Meerburg
Taspraak fan de deputearre
Ferslach fan de Advyskommisje
Sietse de Vries, LC 19-10-2007 (fraachpetear mei de priiswinner)
Ferslach fan de útrikking, LC 26-10-2007
Pieter de Groot, LC 30-10-2007 (opiny)

2005 (poëzy)
Abe de Vries (1965) foar In waarm wek altyd
Advyskommisje: Michael Zeeman, Jitske Kingma en Klaas van der Hoek
Utrikt op tongersdei 24 novimber yn it Stedhûs troch deputearre Bertus Mulder
Wurd fan wurdearring: Teake Oppewal
Taspraak fan de deputearre
Ferslach fan de Advyskommisje
Pieter de Groot, LC 30-09-2005 (opiny)
Gerbrich van der Meer, FD 25-11-2005
Ferslach fan de útrikking, LC 25-11-2005

2003 (proaza)
Willem Tjerkstra (1943) foar syn roman yn trije dielen Ridder fan Snits: Rom, Skuld en Boete
A
dvyskommisje: Alpita de Jong, Eric Hoekstra en Marijke Spies
Utrikt op tongersdei 13 novimber yn it Stedhûs troch deputearre Bertus Mulder
Wurd fan wurdearring: Karel F. Gildemacher
Ferslach fan de Advyskommisje
Ferslach fan de útrikking, LC 14-11-2003, diel 1 en diel 2

2001 (poëzy)
Tsjêbbe Hettinga (1949-2013) foar syn dichtbondel Fan oer see en fierder
Advyskommisje: Geart de Vries, Corrie Korevaart en Antonya Visser
Utrikt op tongersdei 18 oktober yn it Stedhûs troch deputearre Bertus Mulder
Wurd fan wurdearring troch Jabik van der Bij
Jabik Veenbaas, LC 17-10-2001 (opiny)
Pieter de Groot, LC 18-10-2001 (opiny)
Ferslach fan de útrikking, LC 19-10-2001, diel 1 en diel 2

1998 (proaza)
Piter Boersma (1947) foar syn roman It libben sels
Advyskommisje: Piter Duijff, Jan Pieter Janzen en Hesseline de Bos
Utrikt op tongersdei 15 oktober yn it Stedhûs troch deputearre Bertus Mulder
Wurd fan wurdearring: Trinus Riemersma
Ferslach fan de Advyskommisje
Ferslach fan de útrikking, LC 16-10-1998

1995 (proaza)
Trinus Riemersma (1938-2011) foar syn roman De Reade Bwarre
Advyskommisje: Hylke Tromp, Hannah Ludwig en Albertina Soepboer
Utrikt op tongersdei 9 novimber yn it Stedhûs troch deputearre Bertus Mulder
Wurd fan wurdearring: Teake Oppewal
Ferslach fan de Advyskommisje
Ferslach fan de útrikking, LC 10-11-1995

1992 (proaza)
Steven H.P. de Jong (1935-2018) foar syn roman De Wuttelhaven del en syn oar literêr wurk
Advyskommisje: T. Veenstra, T.J. Steenmeijer-Wielenga en S. Ypenga
Utrikt op tongersdei 22 oktober yn it Stedhûs troch deputearre J. Liemburg
Wurd fan wurdearring: T. Dijkstra
Ferslach fan de advyskommisje
Ferslach fan de útrikking, LC 23-10-1992
Pieter de Groot, LC 30-10-1992 (opiny)

1989 (proaza)
Anne Wadman (1919-1997) foar syn Fryske romans, mei namme foar In bolle yn 'e reak en De frou yn 'e flesse
Advyskommisje: J. Krol, E.J. Brouwer, K. Dijkstra, J. Popkema en T. Mulder
Utrikt op tongersdei 9 novimber yn it Stedhûs troch deputearre J. Liemburg
Ferslach fan de advyskommisje
Wurd fan wurdearring: P.Y.J. Boersma
Ferslach fan de útrikking, LC 10-11-1989

1986 (poëzy)
Tiny Mulder (1921-2010) foar har hiele oeuvre, mar benammen foar de dichtbondel Oh in stêd, ah in lân
Advyskommisje: G.A. Gezelle Meerburg, J.P. Janzen en A.M.J. Riemersma
Utrikt op tongersdei 20 novimber yn it Stedhûs troch deputearre J. Walsma
Ferslach fan de Advyskommisje
Wurd fan wurdearring: K. Straatsma-Westerhof
Ferslach fan de útrikking, LC 21-11-1986, diel 1 en diel 2

1983 (proaza)
Sjoerd van der Schaaf (1906-2006) foar de roman De bijekening
Advyskommisje: G. van der Meer, D. van der Ploeg en H.J. Brouwer
Utrikt op tongersdei 20 oktober yn it Stedhûs troch deputearre J. Mulder
Ferslach fan de Advyskommisje
Wurd fan wurdearring: S. Bijleveld
Ferslach fan de útrikking, LC 21-10-1983 diel 1 en diel 2

1981 (poëzy)
R.R. van der Leest (1933) foar de bondel Kunst en fleanwurk
Advyskommisje: T.J. Steenmeijer-Wielenga, G. Jelsma en S. Sybrandy
Utrikt op tongersdei 22 oktober yn it Stedhûs troch deputearre J. Mulder
Wurd fan wurdearring: Ph.H. Breuker
Ferslach fan de Advyskommisje
Ferslach fan de útrikking, LC 23-10-1981, diel 1 en diel 2

1979 (proaza)
L. Post-Beuckens (ps. Ypk fan der Fear) (1908-1983) foar har histoaryske romans
Advyskommisje: J. Boomsma, J. Knol en S. Sybrandy
Utrikt op tongersdei 11 oktober yn it Stedhûs troch deputearre J. Mulder
Ferslach fan de Advyskommisje
Wurd fan wurdearring; T.J. Steenmeijer-Wielenga
Ferslach fan de útrikking, LC 12-10-1979

1977 (poëzy)
Jan Wybenga (1917-1994) foar de bondel Lyts Frysk deadeboek
Advyskommisje: P. Breuker, W. Veeman en D.A. Tamminga
De advyskommisje koe net ta in ienriedige foardracht komme en joech de opdracht werom; Deputearre steaten bekroanden yn oerienstimming mei de mearheid yn de advyskommisje
Utrikt op tiisdei 25 oktober yn it Stedhûs troch deputearre J. Mulder
Ferslach fan de Advyskommisje
Wurd fan wurdearring: D. van der Schaaf
Ferslach fan de útrikking, LC 26-10-1977

1975 (proaza)
Rink van der Velde (1932-2001) foar syn hiele oeuvre
Advyskommisje: G. de Vries, Ph.H. Breuker en R. Postma-Stolk; Breuker kaam mei in minderheidsadvys dêr’t er R.R. van der Leest yn foardroech
Utrikt op tiisdei 7 oktober yn it Provinsjehûs te Ljouwert troch deputearre J. Mulder
Ferslach fan de Advyskommisje
Wurd fan wurdearring:
Ferslach fan de útrikking, LC 08-10-1975

1973 (poëzy)
Willem Abma (ps. Daniël Daen) (1942) foar syn bondels De âlde en de leave hear as lead om âld izer, Op libben en dea en Mosken en goaden
A
dvyskommisje: H.J. Brouwer, T. Jonkman-Nauta en T.J. Steenmeijer-Wielenga
Utrikt op tongersdei 18 oktober yn it Stedhûs troch H. Rijpstra, Kommissaris fan de Keninginne
Ferslach fan de Advyskommisje
Wurd fan wurdearring: K. Dijkstra
Ferslach fan de útrikking, LC 19-10-1973

1971 (proaza)
Paulus Akkerman (1908-1982) foar syn roman It roer út hannen en de beide bondels kursyfkes Foar de lins en Dat sadwaende
advyskommisje: D. Simonides, J. Boersma en G. van der Meer
útrikt op tongersdei 14 oktober yn it Stedhûs troch deputearre P. van der Mark
Ferslach fan de Advyskommisje
wurd fan wurdearring: F. Dam
Ferslach fan de útrikking, LC 15-10-1971

1969 (poëzy)
Net takend
De foardracht fan de yn 1968 troch Meindert Bijlsma, Josse de Haan en Geart van der Zwaag nei in idee fan F.S. Sixma van Heemstra oprjochte dichterstelefoan Operaesje Fers waard troch Deputearre Steaten net oernommen, omdat it reglemint takenning foarskriuwt oan in auteur.
advyskommisje: G.A. Gezelle Meerburg, K. de Wit en J. Wybenga
Ferslach fan de Advyskommisje
Wurd fan wurdearring:
Ferslach fan de útrikking, LC 10-10-1969

1967 (proaza)
Trinus Riemersma (1938-2011) foar syn roman Fabryk
Advyskommisje: J. Smit, G.A. Piebenga en E.G.A. Galama
Utrikt op tongersdei 12 oktober yn it Stedhûs troch H.P. Linthorst Homan, Kommissaris fan de Keninginne
Ferslach fan de Advyskommisje
Wurd fan wurdearring: W. Hiddema
Ferslach fan de útrikking, LC 13-10-1967

1965 (poëzy)
Jan Wybenga (1917-1994) foar de bondel Barakkekamp
Advyskommisje: M.J. de Haan, Y. Poortinga en A. Wadman
Utrikt op freed 8 oktober yn it Stedhûs troch H.P. Linthorst Homan, Kommissaris fan de Keninginne
Ferslach fan de Advyskommisje
Wurd fan wurdearring: J. Smit
Ferslach fan de útrikking, LC 09-10-1965

1963 (proaza)
Jo Smit (1916-1991) foar de ferhalebondel Bisten en boargers
Advyskommisje: G.A. Gezelle Meerburg, T. Mulder en J. Noordmans
Utrikt op freed 11 oktober yn it Stedhûs troch deputearre H.M. Gerbrandy
Ferslach fan de Advyskommisje
Wurd fan wurdearing: F. Schurer
Ferslach fan de útrikking, LC 12-10-1963

1961 (poëzy)
G.A. Gezelle Meerburg (ps. Marten Sikkema) (1918-2005) foar syn hiele dichterlik oeuvre. M.J. Brouwer stapte út de sjuery doe't er foar syn miening, dat Jelle de Jong de priis hawwe moast gjin meistanner krije koe.
Advyskommisje: U.J. Boersma, G. Brouwer en M.J. Brouwer
Utrikt op freed 13 oktober yn it Stedhûs troch H.P. Linthorst Homan, Kommissaris fan de Keninginne
Wurd fan wurdearring: D.A. Tamminga
Ferslach fan de Advyskommisje
Wurd fan wurdearring:
Ferslach fan de útrikking, LC 14-10-1961

1959 (proaza)
E.B. Folkertsma (1893-1968) foar syn esseebondel Eachweiding; de priiswinner hat de priis net oanfurdige; wat de annalen oangiet jildt lykwols ‘oanbean is jûn’.
Advyskommisje: S. Leiker, Y. Poortinga en D.A. Tamminga
Ferslach fan de Advyskommisje
Wurd fan wurdearring:
Ferslach fan de útrikking, LC 30-09-1959

1957 (poëzy)
D.A. Tamminga (1909-2002) foar de bondel Balladen
Advyskommisje: K. Dijkstra, E.B. Folkertsma en H.T.J. Miedema
Utrikt op moandei 4 novimber yn it Stedhûs troch deputearre D. Okma
Ferslach fan de Advyskommisje
Wurd fan wurdearring: W.J. Buma
Ferslach fan de útrikking, LC 05-11-1957

1955 (proaza)
Ulbe van Houten (1904-1974) foar De hillige histoarje, bibelferhalen, en de al yn 1938 ferskynde, mar yn 1954 foar de 6de kear printe roman De sûnde fan Haitze Holwerda
Advyskommisje: B. Tuinstra, D. Simonides (de earste frou yn 'e advyskommisje) en A. Wadman
Utrikt op moandei 7 novimber yn it Stedhûs troch H.P. Linthorst Homan, Kommissaris fan de Keninginne
Ferslach fan de Advyskommisje
Wurd fan wurdearring: W. Kok
Ferslach fan de útrikking, LC 08-11-1955

1953 (poëzy)
H.A. van Dorssen (ps. Rixt) (1887-1979), de earste froulike priiswinner, foar de bondel De gouden rider
Advyskommisje: J. Jansen, E.G.A. Galama en D.A. Tamminga
Utrikt op freed 30 oktober yn it Stedhûs troch H.P. Linthorst Homan, Kommissaris fan de Keninginne
Ferslach fan de Advyskommisje
Wurd fan wurdearring: J.H. Brouwer
Ferslach fan de útrikking, LC 31-10-1953

1952 (proaza)
Anne Wadman (1919-1997) foar Kritysk konfoai, in bondel essees, foar it meastepart earder publisearre yn De Tsjerne en Podium
Advyskommisje: Y. Foppema, F.J. Bergstra en Y. Poortinga
Utrikt op tongersdei 30 oktober yn it Stedhûs troch deputearre D. Okma
Ferslach fan de Advyskommisje
Wurd fan wurdearring: J. Piebenga
Ferslach fan de útrikking, LC 30-09-1952

1951 (poëzy)
Jan Dijkstra (ps. Sjoerd Spanninga) (1906-1985) foar de bondels Spegelskrift en Núnders
Advyskommisje: E.B. Folkertsma, I. de Jong en G. Stuiveling
Utrikt op moandei 17 septimber yn it Provinsjehûs te Ljouwert troch H.P. Linthorst Homan, Kommissaris fan de Keninginne; op fersyk fan de priisiwnner wie dy frijsteld fan de publike huldiging yn Boalsert
Ferslach fan de Advyskommisje
Wurd fan wurdearring:
Ferslach fan de útrikking, LC 18-09-1951

1950 (proaza)
Ype Poortinga (1910-1985) foar it twadde diel fan de roman Elbrich
Advyskommisje: J.J. Loopstra, F. Sierksma en W.L. Brandsma
Utrikt op freed 3 novimber yn it Stedhûs troch H.P. Linthorst Homan, Kommissaris fan de Keninginne oan mefrou R. Poortinga-Wiersma, omdat Poortinga sels siik wie
Ferslach fan de Advyskommisje
Wurd fan wurdearring: W. Kok
Ferslach fan de útrikking, LC 04-11-1950, diel 1 en diel 2

1949 (poëzy)
Fedde Schurer (1898-1968) foar it bibelsk drama Simson en syn berimings yn It boek fan 'e psalmen
Advyskommisje: O. Postma, J.H. Brouwer en F. Sierksma
Utrikt op freed 4 novimber yn it Stedhûs troch H.P. Linthorst Homan, Kommissaris fan de Keninginne
Ferslach fan de Advyskommisje
Wurd fan wurdearring: E.B. Folkertsma
Ferslach fan de útrikking, LC 04-11-1949
LC 05-11-1949, diel 1, diel 2, diel 3, diel 4

1948 (proaza)
Nyckle Haisma (1907-1943) foar de novelle Simmer
Advyskommisje: C. Kramer, K. Fokkema en T. de Jong
Utrikt op freed 29 oktober yn it Stedhûs troch H.P. Linthorst Homan, Kommissaris fan de Keninginne oan mefrou E. Haisma-Van der Veen
Ferslach fan de Advyskommisje
Wurd fan wurdearring: P. Sipma en S.E. Wendelaar Bonga
Ferslach fan de útrikking, LC 30-10-1948

1947 (poëzy)
Obe Postma (1868-1963) foar de bondel It sil bistean
Advyskommisje: J.H. Brouwer, K. Fokkema en C. Kramer
Utrikt op freed 10 oktober yn it Stedhûs troch H.P. Linthorst Homan, Kommissaris fan de Keninginne
Ferslach fan de Advyskommisje
Wurd fan wurdearring: P. Sipma en T. de Vries
Ferslach fan de útrikking, LC 11-10-1947