Dizze priis is troch Provinsjale Steaten fan Fryslân yn 1984 ynsteld en neamd nei de dichter Obe Postma (1868-1963), dy't sels oersettingen makke hat út it Dútsk, Amerikaansk, it Sineesk (fia it Ingelsk), it Nederlânsk en it Aldsaksysk.
De priis waard earst om de trije jier útrikt. Mei yngong fan de nota Grinzen oer (2013) is dat feroare yn om de fjouwer jier.
Literatuerprizen fan de Provinsje, achtergrûn
Literêre prizen, Koart oersjoch
Priiswinners
De earstneamde is de foarsitter; akademyske titels net oanjûn.
2020
Jan Popkema (1942) foar syn oersetting It parfum fan Patrick Süskind.
De priis beslacht oersettingen út it tiidrek 2016-2019.
Utrikt op 19 novimber 2020. Yn 2021 mear omtinken yn gearwurking mei festival Explore the North.
Advyskommisje: Cees van Mourik, Rein Smilde en Cilla Geurtsen. >> mear
Mear:
rapport advyskommisje
FD 13-11-2020
LC 19-11-2020
2016
Geart Tigchelaar (1987) foar syn oersetting Erik of it lyts ynsekteboek fan Godfried Bomans.
De priis beslacht oersettingen út it tiidrek 2011-2015.
advyskommisje: Erica Bergema, Rolf Bremmer, Afke de Haan en Marlies de Jong. >>mear
útrikt op freed 4 novimber 2016 yn it Steedhâlderlik Hof te Ljouwert troch deputearre Sietske Poepjes.
Mear:
rapport advyskommisje
Sietse de Vries, fraachpetear mei priiswinner LC 04-11-2016
LC 05-11-2016
FD 05-11-2016
2012
Anne Popkema (1975) foar syn oersetting De Hobbit fan J.R.R. Tolkien.
advyskommisje: Hein Jaap Hilarides, Marijke de Boer en André Looijenga.
De priis waard mei in jier fertraging útrikt en besloech de oersettingen út it tiidrek 2008-2010.
útrikking op freed 12 oktober 2012 yn Tresoar troch deputearre Jannewietske de Vries.
Mear:
rapport advyskommisje
LC 13-10-2012
2008
Tryntsje van der Zee (1940-2009) foar har oersettingen fan toanielstikken de lêste trije jier.
Dat wiene acht, ûnder oare ‘Puntila’ (Brecht), ‘Hertsear’ (Albee), ‘De opera’ (Goldoni) en ‘In protte spul om neat’ (Shakespeare)
advyskommisje: Babs Gezelle Meerburg, Anne Dykstra en Piter van Tuinen
útrikt op tongersdei 11 desimber yn Tresoar troch deputearre Jannewietske de Vries
Mear:
Liwwadders 04-11-2008
LC 12-12-2008
2005
Klaas Bruinsma (1931-2018) foar syn oersettingen fan Homêros’ Ilias en Odusseia
advyskommisje: Geart van der Meer, Jaap Duijs en Baukje Westra
útrikt op tongersdei 3 novimber yn Post Plaza yn Ljouwert troch **;
Mear:
Rapport Advyskommisje
LC 04-11-2005
2002
Eric Hoekstra (1960) foar syn oersetting fan Nietzsche Dat sei Zarathustra
advyskommisje: Tsjerk Veenstra, Anne Boersma-van der Mark en Ernst Bruinsma
útrikt op tongersdei 31 oktober 2002 yn it Provinsjehûs troch deputearre Bertus Mulder
Mear:
Rapport Advyskommisje
LC 01-11-2002
1999
Jabik Veenbaas (1959) foar syn oersettingen fan Obe Postma yn it Nederlânsk yn de blomlêzing Van het Friese land en het Friese leven
advyskommisje: Freark Dam, Ad C. de Haan en Hanneke Hoekstra
útrikt op tongersdei 21 oktober 1999 yn it Provinsjehûs troch deputearre Bertus Mulder
Mear:
LC 22-10-1999
1996
Harke Bremer (1955) en Jarich Hoekstra (1956) foar de oersettings fan twa stripboeken fan Marten Toonder ferskynd ûnder de titels It kwea-each en De boppebazen
advyskommisje: G. Krol, A. Boersma-van der Mark en S. Sybrandy
útrikt tongersdei 24 oktober yn it Provinsjehûs troch deputearre Bertus Mulder
Mear:
LC 25-10-1996
1993
Klaas Bruinsma (1931-2018) foar syn oersettingen fan trije trageedzjes fan Sophokles út it Gryksk yn it Frysk
advyskommisje: G. Visser, T. Mulder, R. Noppers en K. Wijma
útrikt op tongersdei 4 novimber 1993 yn it Provinsjehûs troch deputearre J. Liemburg
Mear:
Rapport Advyskommisje
LC 05-11-1993
1990
Douwe Tamminga (1909-2002) foar syn oersettingen yn it Nederlânsk fan fersen fan Gysbert Japicx
advyskommisje: A. Feitsma, D. Plantinga en J. Veenbaas
útrikt op freed 25 oktober 1990 yn it Provinsjehûs troch deputearre J. Liemburg
Mear:
Rapport Advyskommisje
LC 26-10-1990
1987
De advyskommisje advisearre om de priis ta te kennen oan Piter Boersma (1947), Harke Bremer (1955), Jarich Hoekstra (1956), Sybe Krol (1946-1990), Jan Schotanus (1950), Romke Toering (1947) en Pyt van der Zee (1915-1998) foar har oersettingen út ferskillende talen fan toanielstikken dy't troch Tryater spile wiene.
DS besleaten by einsluten om it advys net op te folgjen, mei as argumint dat it reglemintêr net mooglik wie om de priis ta te kennen oan in groep en omdat Piter Boersma en Sybe Krol de priis wegere hiene.
Yn earste ynstânsje hie DS it 'groepsargumint' net jilde litten, en bûten it reglemint om de priis neffens it advys takend, mar doe't dêrnei twa beëage priiswinners wegeren, waard de takenning ynlutsen.
advyskommisje: G. Gerbrandy, H. Stellingsma en M. Zeeman
Mear:
Rapport Advyskommisje
LC 23-10-1987
1984
Gerben Brouwer (1902-1982) foar syn psalm- en gesangoersettings yn de bondel Ljochte nachten
útrikt oan mefrou C. Brouwer-van der Berg
advyskommisje: J. Smit, M.A. Boonstra en K. Dijkstra
útrikt op 25 oktober 1984 yn it Provinsjehûs troch deputearre Jaap Mulder
Mear:
Rapport Advyskommisje
LC 26-10-1984
[pleatst 30.06.2014]