De D.A. Tammingapriis waard yn 2013 yn it libben roppen troch de Stifting FLMD, nêst Provinsje en Ryk de tredde ‘eigner’ fan Tresoar, as in nije debútpriis foar Frysk literêr wurk.
De priis wurdt alle jierren yn maaie takend, om en om foar proaza en poëzij. It prizejild is €3000, betelle út de opbringsten fan it Tamminga-Piebengafûns, yn behear by it bestjoer fan de Stifting FLMD.
De Stifting FLMD sprong mei dizze priis yn it gat dat ûntstien wie doe’t de Provinsje Fryslân mei de nije kultuernota Grinzen oer de Fedde Schurerpriis opheft hie.
De D.A. Tammingapriis 2014 oanbelange proaza fan Fryske debutanten út it tiidrek 2011-2013. De priis soe yn 2015 útrikt wurde foar poëzijdebuten út de jierren 2011-2014. Omdat de risping oer dy jierren te meager wie, is de priis yn 2015 net útrikt. Yn 2016 wie ek it proaza-oanbod te leech en waard de priis net útrikt.
Website Stifting FLMD
Litererê prizen, oersjoch
Priiswinners
De sjueryfoarsitter is eventueel mei * oanjûn.
2022
Paul van Dijk - Famke fan snie
Sjuery: Teake Oppewal, Janneke Spoelstra en Geart Tigchelaar
Utrikking: 10-06-2022
Sjueryrapport mei Taheakke 3
Tankwurd
2019
Baukje Zijlstra, De koma-korrektor
Sjuery: Alian Akkermans, Sjoerd Bottema en Jannie van der Kloet
Priisútrikking yn Tresoar op 21-06-2019
Sjueryrapport
Tankwurd Baukje Zijlstra
2017
Geart Tigchelaar, leech hert yn nij jek
Sjuery: Albertina Soepboer, Elske Kampen en Jacobus Q. Smink
Priisútrikking yn Tresoar op 30-06-2017
Sjueryrapport
2014
Ale S. van Zandbergen, Littenser Merke
Sjuery: Karen Bies, Bart Temme en *Simon Oosting
Priisútrikking troch Willem Verf op snein 25 maaie 2014 op in pream yn de Nijstêd bij boekhannel Van der Velde.
Sjueryrapport, ek op de Moanne 27-05-2014
Mear:
Nijsitem op sirkwy 29-11-2013
LC 26-05-2014
Nominaasjes
2012 en dêrfoar: Fedde Schurerpriis
[pleatst 30.06.2014]