Dizze priis is troch Provinsjale Steaten fan Fryslân yn 1984 ynsteld en neamd nei de dichter Obe Postma (1868-1963), dy't sels oersettingen makke hat út it Dútsk, Amerikaansk, it Sineesk (fia it Ingelsk), it Nederlânsk en it Aldsaksysk.
De priis waard earst om de trije jier útrikt. Mei yngong fan de nota Grinzen oer (2013) is dat feroare yn om de fjouwer jier.

Lês mear...

Koart oersjoch fan de literêre prizen

De Piter Jellespriis is de literêre priis fan de stêd Ljouwert, neamd nei de yn Ljouwert berne dichter-steatsman Piter Jelles Troelstra (1860-1930). De twajierlikse priis waard ynsteld as de kulturele priis, ‘om bar foar Fryske en foar Hollânske aktiviteiten’. Yn it begjin bestie de priis út in oarkonde en in bedrach fan tûzen gûne.

Lês mear...


Literêre prizen, Koart oersjoch

Yn 1982 stelde it bestjoer fan it Simke Kloostermanlien de Simke Kloostermanpriis yn as in ‘trijejierlikse berneboekepriis’. Yn it literêre fjild wie yn dy snuorje al langer ornearre dat der in aparte priis foar berne- en jeugdliteratuer komme moast. Skriuwers fan literatuer út dat genre fielden noch geregeld in foarm fan miskenning, en in literêre priis koe moai meihelpe it prestiizje fan har wurk te ferheegjen.

Lês mear...

De D.A. Tammingapriis waard yn 2013 yn it libben roppen troch de Stifting FLMD, nêst Provinsje en Ryk de tredde ‘eigner’ fan Tresoar, as in nije debútpriis foar Frysk literêr wurk.
De priis wurdt alle jierren yn maaie takend, om en om foar proaza en poëzij. It prizejild is €3000, betelle út de opbringsten fan it Tamminga-Piebengafûns, yn behear by it bestjoer fan de Stifting FLMD.
De Stifting FLMD sprong mei dizze priis yn it gat dat ûntstien wie doe’t de Provinsje Fryslân mei de nije kultuernota Grinzen oer de Fedde Schurerpriis opheft hie.

Lês mear...