Yn 2018 hat Tresoar it hânsume boekje Salang't de beam bloeit útjûn. Dat jout in oersjoch fan de skiednis fan de Fryske literatuer en is benammen bedoeld foar minsken dy't net in soad witte fan de literatuer, lykas toeristen en learlingen & studinten. De ynhâld fan dat boek is te finen op de aparte webside Salang't de beam bloeit. Dêrneist binne op dy side opdrachten en oar materiaal opnommen dy't brûkt wurde kinne yn it ûnderwiis.
Oersjochswurken oer de skiednis fan de Fryske literatuer:
Koarte Skiednis fan de Fryske skriftekennisse (1957) – J. Piebenga
Lyts Hânboek fan de Fryske literatuer (1997) – Klaes Dykstra en Bouke Oldenhof
Zolang de wind van de wolken waait (2006) – Teake Oppewal e.o.
Ynlieding by de Spiegel van de Friese poëzie (1994) – Teake Oppewal
As pdf del te laden by it artikel 'Histoaryske ynlieding Spiegel' op Sirkwy
Salang't de beam bloeit (2018, yn it Frysk, Nederlânsk, Ingelsk en Dútsk) – Joke Corporaal