De Gysbert Japixcpriis 2021 is takend oan Eeltsje Hettinga. Yn oanrin nei de útrikking op 6 novimber fan de belangrykste Fryske literêre priis sjogge we yn dit dossier nei ferskate aspekten fan de priis en de priiswinners fansels. 

Diel 5: GJ winner yn 2011 Durk van der Ploeg.

Lês yn diel 1 mear oer wa't Gysbert Japicx wie. 
Lês yn diel 2 mear oer wat de Gysbert Japixcpriis is. 
Lês yn diel 3 mear oer de Gysbert Japixcpriis en froulike winners. 
Lês yn diel 4 mear oer nuveraardichheden by de Gysbert Japicxpriis. 

Lês dizze wike alle dagen mear oer de lêste fiif winners.

De Gysbert Japicxpriis is de grutste priis fan de Fryske literatuer en is neamd nei de Fryske dichter Gysbert Japicx (1603-1666). Wa wienen de lêste fiif winners, we telle ôf. Te begjinnen mei de winner fan 2011.

Dat wie Durk van der Ploeg (1930) de priis foar al syn proaza, mei spesjale fermelding fan de roman Foarby it Boarkumer fjoer

Ut it rapport fan de advyskommisje:
Durk Van der Ploeg leveret al fyftich jier literêr wurk ôf fan heech nivo. Van der Ploeg is in masterferteller dy't sawol it aktuele as it histoaryske ferhaal op in unike manier ta ús bringt. Syn taal is krytgeef en ryk oan idioom. Hy wikselet koarte en lange sinnen ôf, ferfrisselet yn de ferheljende passaazjes talleaze metafoaren, brûkt fan dy echte Fryske wurden en siswizen dy’t yn it deistich taalgebrûk stadichoan hast weiwurden binne en dat alles op sa'n manier dat syn fertelling in ekstra diminsje krijt. 

Skriuwerij
Durk van der Ploeg debutearret yn 1955 mei gedichten yn it Nederlânsk. Syn earste Fryske fersen stean in jier letter yn De Tsjerne. Hy debutearret yn boekfoarm yn 1959. Fan 1959 oant 1979 ferskine om de pear jier in bondel mei fersen fan syn hân. Nei 1979 leit er him mear út op it skriuwen fan romans en ferhalen. 
Syn roman De jacht (1988) markearret de trochbraak nei in gruttere lêzersrûnte. Nei syn pensjoen (1990) ûntjout er him ta de skriuwer mei de heechste produktiviteit yn de Frysk-literêre wrâld. Hy kin dy hege produktiviteit berikke troch himsels de dissipline op te lizzen om der alle dagen acht oeren foar sitten te gean en te skriuwen.
Foar himsels leit der ek in útdaging yn it hieltyd wer mei wat nijs te kommen: in oare struktuer, in oar fertelperspektyf en nije ferhalen mei oare personaazjes. Syn haadfigueren binne faak gefoelige minsken, dy't it libben amper of net oan kinne. Se lije oan it libben en ek ûnder wat oare minsken har oandogge. Se sykje it lok en it libben, de frijheid en de ferfolling, mar gauris wurde se de wei fan de ferstjerring en it fergean opdreaun, omdat se de lêst fan har libben - fan de pine, it trauma, de eangst, de skuld - net drage kinne. It binne faak ienlingen, manlju almeast, dy't libje oan de râne fan de maatskippij.

Besjoch in telefyzjeprogramma oer Durk van der Ploeg (by Weromrop fan Omrop Fryslân)