De Gysbert Japixcpriis 2021 is takend oan Eeltsje Hettinga. Yn oanrin nei de útrikking op 6 novimber fan de belangrykste Fryske literêre priis sjogge we yn dit dossier nei ferskate aspekten fan de priis en de priiswinners fansels. 

Diel 7: Gysbertwinner Koos Tiemersma (2015).

Lês yn diel 1 mear oer wa't Gysbert Japicx wie. 
Lês yn diel 2 mear oer wat de Gysbert Japixcpriis is. 
Lês yn diel 3 mear oer de Gysbert Japixcpriis en froulike winners. 
Lês yn diel 4 mear oer nuveraardichheden by de Gysbert Japicxpriis. 
Lês yn diel 5 mear oer de Gysbertwinner fan 2011, Durk van der Ploeg. 
Lês yn diel 6 mear oer de Gysbertwinner fan 2013, Jacobus Q. Smink. 

Lês dizze wike alle dagen mear oer de lêste fiif winners.

De Gysbert Japicxpriis is de grutste priis fan de Fryske literatuer en is neamd nei de Fryske dichter Gysbert Japicx (1603-1666). Wa wienen de lêste fiif winners, we telle ôf.

De winner fan 2015 wie Koos Tiemersma (1952) foar syn roman Einum.

Ut it rapport fan de advyskommisje:
Einum is baas boven baas wat het aantal hoofdpersonages betreft: al tellend kwamen wij op negentien personen die verdeeld over achttien hoofdstukken zorgen voor achttien verschillende perspectieven. Dat Tiemersma erin slaagt om met zoveel karakters nergens uit de bocht te vliegen, is een prestatie op zich. Bovendien hebben alle karakters een eigen, herkenbare stem; een kenmerk dat trouwens geldt voor meer romans van Tiemersma’s hand.
In Einum verschaft de schrijver ons toegang tot de verwarde geest van mensen, zoals de aan paranoia en schuldgevoel ten onder gaande pedofiel Casper, en de verstandelijk gehandicapte jongen Jop. Een hoogtepunt is de verhaallijn over de autochtone Einumer Jan Bijker en zijn dementerende vrouw Alie, die pijnlijk mooi wordt geportretteerd.
Toch is Einum, ondanks de soms zware thematiek, geen triest boek. Zonder in karikaturen te vervallen, tekent Tiemersma sommige dorpsbewoners met een fijn gevoel voor humor: de ondeugende zusters Pasveer bijvoorbeeld, die besluiten om de dorpskroeg weer te openen, of de sekswebshopeigenaar Klaas Kooiker, die naar Australië wilde maar met vrouw en kinderen in Einum belandde, of de ex-postbode en volkszanger Thomas Vermeer die zich als activist openbaart.

Skriuwerij
Koos Tiemersma begûn yn de jierren tachtich op te treden as sjonger-gitarist. Hy skreau de teksten en de muzyk sels en trede op by festivals. Yn 1992 rjochte er de groep SKIFT en wûn ferskate prizen. Nei’t de band yn 1999 ophâlde, besleat er him ta te lizzen op it skriuwen fan proaza. Syn debútroman De Ljedder ferskynde yn 2002. Yn 2009 skreau er (op syn blog) dat er ophâlde woe mei de skriuwerij, mar fûn syn paad as skriuwer yn de wrâld fan de nije media: frij fan papier, allinne e-books, los fan útjouwers, mei de nije skriuwersnamme Froon Akker en yn twa talen. Yn 2012 kaam er mei Einum, dat allinne as e-boek ferskynde. Yn 2018 publisearre er syn earste berneboek: Heech Tymo, sjoch omheech. Yn 2020 ferskynde (op papier) de roman Quist.