De Gysbert Japixcpriis 2021 is takend oan Eeltsje Hettinga. Yn oanrin nei de útrikking op 6 novimber fan de belangrykste Fryske literêre priis sjogge we yn dit dossier nei ferskate aspekten fan de priis en de priiswinners fansels.
Diel 8: Gysbertwinner Eppie Dam (2017)
Lês yn diel 1 mear oer wa't Gysbert Japicx wie.
Lês yn diel 2 mear oer wat de Gysbert Japixcpriis is.
Lês yn diel 3 mear oer de Gysbert Japixcpriis en froulike winners.
Lês yn diel 4 mear oer nuveraardichheden by de Gysbert Japicxpriis.
Lês yn diel 5 mear oer de Gysbertwinner fan 2011, Durk van der Ploeg.
Lês yn diel 6 mear oer de Gysbertwinner fan 2013, Jacobus Q. Smink.
Lês yn diel 7 mear oer de Gysbertwinner fan 2013, Koos Tiemersma.
Lês dizze wike alle dagen mear oer de lêste fiif winners.
De Gysbert Japicxpriis is de grutste priis fan de Fryske literatuer en is neamd nei de Fryske dichter Gysbert Japicx (1603-1666). Wa wienen de lêste fiif winners, we telle ôf.
De winner fan 2017 wie Eppie Dam (1953) foar syn dichtbondel Fallend ljocht
Ut it rapport fan de advyskommisje:
De kommisje is rekke troch de urginsje dy’t sprekt út de gedichten fan Fallend ljocht. Dam kombinearret in persoanlike toan mei in grut foarmbewustwêzen en in breed palet fan metrum, rym en lûding, wêrtroch’t de poëzij ûntroert, mar nea klagerich wurdt. Dam kiest bysûndere ûnderwerpen as tsjerken en teologyske fragen, dy’t hy behannelet yn in kombinaasje fan yntertekstualiteit en in persoanlike en Fryske ynstek, wêrtroch't de poëzij universeel wurdt.
De bondel oertsjûget sawol yn de breedte (it palet fan foarmen, stilen en tematiken) as de djipte (de ekspresje, de yntertekstualiteit en it fakmanskip). De kommisje sprekt har wurdearring út foar in langjierrich skriuwerskip dat him hieltyd mear útkristallisearret yn de konsintraasje op poëzy, en earet de kommisje in dichterskip fan tsientallen jierren, dat him de ôfrûne tiid yn ekspresje en foarmbehearsking fierder ferdjippe hat.
Skriuwerij
Eppie Dam is in produktyf en alsidich skriuwer; hy skriuwt gedichten, ferhalen, berneboeken, kollums, literêre kritiken en eigentiidske teksten fan tsjerkelieten en liturgyen. Hy publisearret yn it Frysk, Nederlânsk en Pompsters (yn it dialekt fan syn bertedoarp Kollumerpomp). Dam debutearre yn 1978 mei in dichtbondel en in ferhalebondel. Hy skreau ek tal fan berneboeken. Syn earste Fryske berneboek Spinaazje mei spikers en oare ferhalen kaam út yn 1986. Syn lêste trije berneboeken, Fjouwer dappere mûskes (2012), Tsjilp (2017) en A is fan Aapke (2021) makke er mei oaren(respektyflik Gerrit Terpstra, Lienke Boot en Ankemarije Dam). It is foar Eppie Dam in útdaging om in berneboek te skriuwen dat ek nijsgjirrich is foar âldere lêzers, in boek dat op meardere nivo's lêzen wurde kin. Yn syn wurk is sport (benammen it fuotbaljen) in wichtich tema. Yn 2001 ferskynde fan syn hân it boek Foppe, portret fan in bysûnder gewoan minske. Ek skreau er oer Abe Lenstra.