De Gysbert Japixcpriis 2021 is takend oan Eeltsje Hettinga. Yn oanrin nei de útrikking op 6 novimber fan de belangrykste Fryske literêre priis sjogge we yn dit dossier nei ferskate aspekten fan de priis en de priiswinners fansels. 

Diel 9: Gysbertwinner Aggie van der Meer (2019).

Lês yn diel 1 mear oer wa't Gysbert Japicx wie. 
Lês yn diel 2 mear oer wat de Gysbert Japixcpriis is. 
Lês yn diel 3 mear oer de Gysbert Japixcpriis en froulike winners. 
Lês yn diel 4 mear oer nuveraardichheden by de Gysbert Japicxpriis. 
Lês yn diel 5 mear oer de Gysbertwinner fan 2011, Durk van der Ploeg. 
Lês yn diel 6 mear oer de Gysbertwinner fan 2013, Jacobus Q. Smink. 
Lês yn diel 7 mear oer de Gysbertwinner fan 2015, Koos Tiemersma. 
Lês yn diel 8 mear oer de Gysbertwinner fan 2017, Eppie Dam. 

Lês dizze wike alle dagen mear oer de lêste fiif winners.

De Gysbert Japicxpriis is de grutste priis fan de Fryske literatuer en is neamd nei de Fryske dichter Gysbert Japicx (1603-1666). Wa wienen de lêste fiif winners, we telle ôf.

De winner fan 2019 wie Aggie van der Meer (1927) foar har hiele oeuvre.

Ut it rapport fan de advyskommisje:
Aggie van der Meer hat in wûnderlike skriuwerskarriêre opboud. Wa set der no sa let yn har libben útein op literêr mêd, as je talint op dat terrein sa ûnbidich is? Grut genôch foar Nederlân. Grut genôch om ynternasjonaal foar de kreammen lâns. Se is gjin auteur fan tsjokke boeken. It wûnderlike sit him yn wat sy yn al har romans en ferhalen, mar ek yn har dichtwurk, oan rykdom wit te ûntjaan. We sjogge der allinnich mar echte karakters, echte minsken yn. Fan Friezen, Tsjechen oant Sinezen. Van der Meer krûpt yn 'e holle fan Roomsen, Kalvinisten, Joaden en we fiele mei har allegear mei. Hoe’t dat kin? It is tanksij Aggie har sosjale, algemien minsklike pinne. Har wurk is kaleidoskopysk, alle kleuren komme foarby en fanút har ûnneidruklik, natuerlik-psychologysk skriuwerskip begripe we folle mear fan ússels en alle oaren om ús hinne. 

Skriuwerij
Aggie van der Meer is op lettere leeftiid begûn mei it skriuwen fan gedichten en proaza. Mei it skriuwen fan literêr wurk sette se útein doe’t se ophold mei har oare aktiviteiten. Har debút yn bondelfoarm De stêd, it bist, de ingel, kaam út yn 2000.
Har styl is hiel eigen. Se is tagelyk poëtysk en ta de kearn. Har taalgebrûk is ryk, se skept metafoaren en bylden dy’t ferwize nei de Bibel, oare boeken, de natoer en de klassiken. Ek links nei de aktualiteit lit se net links lizze. Yn de simmer fan 2019 brocht Hoite Pruiksma in earbetoan oan de skriuwster mei de foarstelling Sykje, in ryk programma met sang, dûns en foardracht, basearre op it wurk fan Aggie van der Meer. Ek yn har poëzy is de byldspraak faak ryk, fol mei symboalen en ferwizingen nei Bibelske motiven, natuer en skiednis. Dat makket har dichtwurk net altyd like tagonklik. Wat de ynhâld oanbelanget lit Van der Meer ek yn har poëzy in wrâld sjen dy't te lijen hat fan de sucht nei macht en it egoïsme fan de minske.