Totaal: 1686 resultaten fûn.
Pagina 1 fan 85
Lêst fan keuzestress? Fan ûnbeantwurde begearte of wurkwalging? Fan social media-wurgens of in brutsen hert? Ljouwert City of Literature en De Culturele Apotheek biede help by dizze en oare deistige krupsjes!
Kom nei de lunchlêzing fan Mira Feticu op 16 maart nei it ynrinsprekoere foar in koart mar ynkringend konsult en diel dyn soargen. Dan ûntfangst fuortendaliks in persoanlik boekeresept op maat, ynklusyf de júste dosearing, it bêste tiidstip fan ynnimmen en eventuele bywurkingen. It sprekoere by Tresoar duorret fan 13:30 oant 16:00 oere en it boekeresept is fergees. Komst net nei de lunchlêzing mar wolst wol in persoanlik boekeresept? Ek dan bist wolkom op it sprekoere.
Sjoch foar mear ynformaasje op www.leeuwardencityofliterature.nl/fy/agenda.
It sprekoere is yn literêr kafee De Gouden Leeuw yn Tresoar.
De wûndere leafde fan Emine en Einte
Willem Verf
Afûk, 2023
Emine en Einte binne de haadpersoanen yn dizze aktuele leafdesroman. Emine wit dat hy like fereale is op har as sy op him. Wêrom besiket er har dochs te ûntrinnen? Einte wrakselt mei de fraach: kin dat, mei dat, hat ien dy’t in moard ferswijt it rjocht om echt fan in oar minske te hâlden?
Undertusken bringe hja bern grut, meitsje se suksesfol muzyk en wurde se meinommen troch de aktualiteit en de famyljeskiednis.
Oaren oer dizze titel
Berne: 1974, Hallum
Anita Terpstra is bekend wurden as skriuwer fan in rige thrillers. Ek wurket se as resinsint foar de Leeuwarder Courant.
Wolst graach mear en bettere ferhalen skriuwe yn it Frysk? Dan bist wolkom by de Skriuwersfakskoalle, in gearwurking fan Ljouwert UNESCO City of Literature, Tresoar en Schrijversvakschool Groningen. Op 21 maart set it lesblok Skriuwtechniken wer útein. Op tiisdeitejûn 7 maart is der in yntroduksjeles by Tresoar yn Ljouwert.
Eppie Dam as redakteur fan Trotwaer, 1977-1982
Abe de Vries
No’t Eppie Dam – hjir fierder: Eppie – op 5 maart syn santichste jierdei hat, wol ik him by wize fan lyts presintsje in stik oanbiede oer syn krewearjen as redakteur fan Trotwaer. In krewearjen dat mar seis jier duorre hat, fan 1977 oantemei 1982, mar dat mei de grûnslach foarmet fan de lange, alsidige en bysûnder produktive skriuwers- en dichterskarriêre dy’t folgje soe. In krewearjen ek, dat ús faaks ynsjoggen jaan kin yn ’e iere dynamyk fan in letter eksimplarysk, ik bedoel, foarbyldich Frysk skriuwerskip, en dat dêrneist ûnderdiel útmakket fan in nijsgjirrich stik Fryske literatuerskiednis.
Op 5 maart wurdt skriuwer en dichter Eppie Dam 70 jier. Hy is in produktyf en alsidich skriuwer; hy skriuwt gedichten, ferhalen, berneboeken, kollums en literêre kritiken. Fierders hat er inkelde jierren redakteur west fan it literêr tydskrift Trotwaer. Yn tsjerklike rûnten hat er namme makke as skriuwer fan eigentiidske teksten fan lieten en liturgyen dy't passe yn de ferskillende perioaden fan it tsjerklik jier.
Abe de Vries hat spesjaal foar de santichste jierdei in stik skreaun oer Eppie Dam syn redakteurskip by Trotwaer. Dat stik komt nei 5 maart yn dit dossier op Sirkwy.
It stik begjint sa:
"No’t Eppie Dam – hjir fierder: Eppie – op 5 maart syn santichste jierdei hat, wol ik him by wize fan lyts presintsje in stik oanbiede oer syn krewearjen as redakteur fan Trotwaer. In krewearjen dat mar seis jier duorre hat, fan 1977 oantemei 1982, mar dat mei de grûnslach foarmet fan de lange, alsidige en bysûnder produktive skriuwers- en dichterskarriêre dy’t folgje soe. In krewearjen ek, dat ús faaks ynsjoggen jaan kin yn ’e iere dynamyk fan in letter eksimplarysk, ik bedoel, foarbyldich Frysk skriuwerskip, en dat dêrneist ûnderdiel útmakket fan in nijsgjirrich stik Fryske literatuerskiednis."
Perio nûget jo fan herten út om 1 maart oansteande om 19.45 oere, yn De Gouden Leeuw, it pop-upkafee fan Tresoar, de feestlike presintaasje by te wenjen fan de jongste Perio-boekútjefte, mei de titel OERSET.
In petear mei Piter Boersma by syn 75e jierdei. Troch Hein Jaap Hilarides.
3
Ik sjoch
Om myn punt te meitsjen, foldocht ritueel XXIII miskien better as foarbyld.
ik sjoch
ik sjoch nei wat blau
is nei wat grien is
ik sjoch nei wat wyt
nei wat swart is ik
sjoch nei wat read is
ik sjoch de himel
ik sjoch de greiden
ik sjoch twa swannen
ik sjoch de modder
bloed út ’e wûne
In petear mei Piter Boersma by syn 75e jierdei. Troch Hein Jaap Hilarides.
2
In omslach
Piter hat yn syn skriuwerskip in omslach makke fan it hyper-realisme nei it realisme mei absurde fantasyen. Op in stuit lies hy boeken fan Richard Brautigan. Dy Amerikaanske auteur skriuwt fragmintarysk, enoarm fantasyryk en net realistysk. Just op dat fragmintaryske sloech Piter oan. Hy koe al noait rjocht in ferhaal fan begjin ta ein lêze. Boppedat hold hy fan kollaazje-achtige ferhalen, en dat wie presys sa’t Brautigan skreau.
‘Binnen dat fragmintaryske wie it foar my makliker om oare dingen yn myn wurk te bringen, lykas de fantasy, de mearke-eleminten en it absurdisme.’
Dy ynfloed kaam dúdlik by Brautigan wei. Yn de Fryske literatuer wie der net ien dy’t dat sa skreau.
Hoe't in minske besibbe rekket
Ruerd Smaling
Het Nieuwe Kanaal, 2023
Hoe't in minske besibbe rekket is it debút fan Ruerd Smaling (Utert, 1960). Hy hat taalwittenskippen studearre en publisearre earder ferhalen en gedichten by Ensafh en (Nederlânsktalich) yn Extaze.
De ferhalen yn dizze debútbondel bringe ús nei in wiet Inverness, nei de kant fan ien fan 'e Fryske marren, yn in nearzige keuken mei yn it midden in deakiste, op in drokke famyljereüny mei allegear bliere minsken, yn it stadion fan sc Heerenveen of op in sinnich Sint Maarten.
Mar wêr't wy ek tahâlde, noait witte wy oft wy op it juste stuit op it juste plak binne. Wurdt de wrâld oanstjoerd troch it tafal, hegere machten, foarbeskikking? Of komt it allegear del op ús eigen lamliddigens en suterigens?
Oaren oer dizze titel
In petear mei Piter Boersma by syn 75e jierdei. Troch Hein Jaap Hilarides.
1
Je binne drekst thús by Piter Boersma yn Loenen aan de Vecht. It hûs fan Piter en syn frou Jeltsje Venema sjocht der hast krekt sa út as yn Wiuwert. De fertroude keunstwurken hingje oan de muorre. Seis jier wenje se no yn it âlde doarp oan de bochtige Vecht. Dêrfoar hawwe se hiel lang yn Wiuwert en in skoftsje yn Hitsum en Ljouwert wenne. Piter komt út Warten, it doarp dat yn syn earste ferhalebondel toaniel is fan in pear ferhalen, en dêrnei út en troch yn syn wurk weromkomt.
Ik soe allegear fragen stelle oer syn Piter syn achtergrûn: oer syn famylje, it doarp dêr’t er berne is, syn skoaltiid en oplieding ensafuorthinne. Ek it wurk op de Fryske Akademy, de bern en de pakesizzers hie ik it oer hawwe wollen. De measte ûnderwerpen komme wol op it aljemint, mar koart en sydlings. Us petear giet fan it ien yn it oar. As ik letter weromryd nei hûs, tink ik by mysels, ik koe hast wol in skoftke yn in boek fan Piter taholden hawwe. Sa besjoen soenen man en wurk gearfalle.
Erfskip - de saga fan Ubba Skylding
Willem Schoorstra
Het Nieuwe Kanaal, 2023
Erfskip – De saga fan Ubba Skylding is in hybride fan in roman en in saga, skreaun troch Willem Schoorstra. It is in epyske fertelling, basearre op in skriftlike oerlevering út de 12de iuw.
Fryslân yn de 8ste iuw: Ubba, soan fan Raeddeg en Gerlind, hat syn thús op Grut Bjinthiem, it tsjinwurdige Hegebeintum. Yn syn jonge jierren is er in dwerse kneppel, in neatnut, ta fertriet fan syn heit en ta freugde fan syn mem. It is Gerlind dy’t wit dat har soan ta grutte dieden foarbestimd is. Ommers: it is Wêda dy’t derfoar soarge dat se him krigen hat, de heechste fan de goaden dy’t Ubba by syn berte opeaske.
Oaren oer dizze titel
Sipke komt op stoom
Lida Dykstra
Afûk, 2023
Nei in fersyk dêrta, skreau Lida Dykstra in boekje oer it Woudagemaal.
Der is wurk oan ‘e winkel foar lytse pipermûs Sipke en syn pake: it is heechwetter yn Fryslân en dêrom moat it Woudagemaal oansetten wurde om it wetter fuort te pompen. Pake Pipermûs wit gelokkich presys hoe’t it stoomgemaal wurket. Mar… it pompen komt mar net op gong! Wêr kin dat no oan lizze? Sipke giet op ûndersyk út.
Alwer it sechsde Gouden Boekje oer it mûske Sipke! Twatalich: Frysk en Nederlânsk
Oaren oer dizze titel
Yn 2022 is Piter Boersma 75 jier wurden. Foar dy gelegenheid hat Hein Jaap Hilarides it wurk fan Boersma lêzen en in fraachpetear mei him holden. De fraach is oft it wurk en libben fan Boersma gearfalle of net. Wat is bygelyks de ynfloed fan de bernetiid yn syn boeken? Yn it fraachpetear seit de skriuwer dat er op dit stuit dwaande is mei in boek oer Warten, it doarp dêr't er hikke en tein is. Autobiografysk miskien, mar de werklikheid wurdt yn dat boek goed oprutsen. Yn dit nije dossier skriuwt Hein Jaap Hilarides oer it libben en wurk fan Piter Boersma, mei as titel 'Paradoksen'.
Testament van de ziel fan Hylke Speerstra is koartby ferskynd by útjouwerij Atlas Contact. It is Speerstra syn eigen oersetting fan syn boek Testamint fan de siel (Bornmeer, 2021) oer twa widners mei Fryske woartels dy’t inoar yn Kanada by in rodeo moetsje en inoar harren libbensferhalen fertelle. De oersetting fan it boek sil presintearre wurde op freed 10 febrewaris om 16.00 oere yn Tresoar.
Al jierrenlang docht FeRstival, De Fryske foardrachtwedstriid foar learlingen út it fuortset ûnderwiis, in berop op Fryske dichters. Wa skriuwt in fers foar 12-18-jierrigen dat geskikt is om foar te dragen? Graach stelt Cedin, de organisator fan FeRstival, foar de edysje fan 2023 wer in FeRsefariaasje-bondel gear mei safolle mooglik nije fersen. Ut dy fersen kieze dielnimmers it gedicht foar de foarronde. Dit jier is it ek mooglik om mei te dwaan oan in spesjale skriuwgroep.
Tsead Bruinja, de man dy’t ‘Dichter des Vaderlands’ west hat, hat 101 gedichten út it Keninkryk fan 1945 oant no gearstald yn ‘De eerste bloemlezing van de Nederlandse poëzie’.
De ferneamde gedichtejûn fan Frysk literêr tiidskrift Ensafh hâldt de jierlikse gedichtejûn diskear yn it Kafee fan Tresoar. Dichters komme mei eigen wurk of lêze harren favorite gedicht fan oare dichters foar.
27 jannewaris, 19.00 oere, yn literêr kafee De Gouden Leeuw yn Tresoar, Ljouwert.
Sirkwy.nl is in webside fan Tresoar, Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum.
Bûterhoeke 1,
8911 DH Ljouwert
Postadres:
Postbus 2637,
8901 AC Ljouwert
tel. 058 - 789 0 789
faks. 058 - 789 0 777
email: sirkwy@sirkwy.frl
webside: www.tresoar.frl