Totaal: 1668 resultaten fûn.
Pagina 9 fan 84
Tiny Mulder har boek Tin iis ferskynde yn 1981. Dêrnei hat it boek net minder as seis printingen belibbe. De Nederlânske oersetting, dy't de skriuwster sels makke en ferskynde ûnder de titel Gevaarlijk ijs (1987), waard ek faak op 'e nij printe. Dy sifers sizze genôch, mar ek út in lêzersûndersyk fan de Leeuwarder Courant yn 2006 die bliken dat Tin iis boppe-oan de populariteitslistjes stie. It wie mei De sûnde fan Haitze Holwerda yn dat jier it meast wurdearre boek út de Fryske literatuer. Hoe is dat te ferklearjen?
- Troch Gerbrich de Jong
Koartsluting op it Swynserhûs
Klaas Elgersma
KFFB, 2021
Foar in auteur as Tiny Mulder dy't graach kreatyf mei taal omgie, genoat fan it boartsjen mei taal, binne der net allinnich mooglikheden yn eigen wurk. Wurk fan 'soartgenoaten' lykas James Krüss en yn it bysûnder Lewis Carroll biedt dan likegoed in útdaging.
- Troch Jant van der Weg
Op 21 april wurdt yn de online lêsgroep oer boeken fan Trinus Riemersma it fjirde boek bepraat: De mon sûnder gesicht (1973).
Berne: 15-10-1949, AMERSFOORT
Nanne Kalma is multy-ynstrumintalist en komponist. Hy siet yn ferskate bands lykas Pugh’s Place, Farmers Union, Irolt, De Peerelaar, Kajto, Kat yn ’t Seil, Liereliet en foarmet mei Ankie van der Meer it duo Nanne & Ankie.
Berne: 17-02-1954, drachten
Gurbe Douwstra is in Fryske sjonger en liettekstskriuwer.
Berne: 27-08-1954, enschede
Gerrit Breteler is keunstskilder, tekstdichter, toanielskriuwer en sjonger/muzikant.
Berne: 19-01-1961, stiens
Marius de Boer is tekstskriuwer, komponist, multy-ynstrumintalist en sjonger fan de eardere Frysktalige popgroep Reboelje. Yn 2005 gie er solo fierder as Mariusz.
Berne: 24-01-1956, surhústerfean
Adri de Boer is in trûbadoer dy't Frysktalich eigen wurk sjongt. Hy begeliedt himsels op piano en gitaar. Syn repertoire bestiet út harksankjes, meisjongers en lietsjes mei in knypeach.
Berne: 14-08-1952, StaRUM
FERstoarn: 18-03-2018, starum
Doede Bleeker wie in sjonger, trûbadoer en dichter. Hy song yn syn memmetaal, it Staversk. Syn bynamme wie de 'Staverse misthoorn'. Hy neamde himsels in Stedfryske trûbadoer, of ek wol de Singende Fisboer.
Yn 1959 skreau de auteur yn De Strikel: ‘Alle foarmen fan journalistike en net-journalistike skriuwerij hie ik sahwat by de hân hawn, útsein it skriuwen fan in roman en fan bernelektuer.’ In bernerubryk yn it Friesch Dagblad wie Tiny oanpraat en se hie der ek net folle fidúsje yn. Mar dat dat in ferkeard oardiel wie, die al gau bliken: se koe net mei de taseine oardel kolom ta. En de bern hellen har, sa’t se skreau, yn harren bernewrâld, dêr’t in ferteller mei fantasy tige wolkom is. Fan 1951 oant 1983 fersoarge se dy rubryk. It wie in twatalige rubryk, al stie it Frysk wol sintraal mei taalleskes en benammen yn de briefkerij mei har jonge lêzers. Se frege de bern materiaal foar de rubryk te leverjen yn de foarm fan ferhalen, ferskes en tekeningen. Dat se genôch stof leveren, docht wol bliken út in sammelbondel dy't yn 1976 ferskynde by it 25-jierrich jubileum fan de rubryk. It boekje belibbe sels noch in twadde printinge (1977).
- Troch Jant van der Weg
Studinten fan de learare-oplieding Frysk oan de NHL Stenden Hegeskoalle hawwe ferskate gedichten fan Tiny Mulder foardroegen. Fiif resultaten binne hjirûnder te sjen en hearren. De oare foardrachten folgje oer in pear wiken.
Mysterieuze krêften
Willem Tjerkstra
Aspekt, 2021
Wurden dy't gjin haven ha
Line Hut
Eigen behear, 2021
Al meteen na de oorlog vertrokken duizenden Nederlanders naar Canada. Journalist Tiny Mulder van het Friesch Dagblad zocht een aantal van hen in 1947 op in Ontario. Haar boodschap aan het thuisfront: voor de christelijke landverhuizer is Canada een goede keus.
- Door Abe de Vries
Berne: 06-09-1946, ljouwert
Pieter de Groot is sjoernalist en âld-redakteur fan de Leeuwarder Courant. Hy skriuwt oer de Fryske taal en kultuer.
Spegel en sonde
Jetske Bilker
Bornmeer, 2021
Op 2 april is it 100 jier lyn dat Tiny Mulder (1921-2010) berne waard. Tresoar jout de kommende tiid omtinken oan it hûndertste bertejier fan de skriuwster, yn de foarm fan in dossier op literatuerwebside Sirkwy.
Berne: 06-05-1949, it hearrenfean
Bertus Mulder is sosjolooch en PvdA-politikus. Hy skriuwt histoaryske artikels oer it sosjalisme en oer Piter Jelles Troelstra.
Sirkwy.nl is in webside fan Tresoar, Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum.
Bûterhoeke 1,
8911 DH Ljouwert
Postadres:
Postbus 2637,
8901 AC Ljouwert
tel. 058 - 789 0 789
faks. 058 - 789 0 777
email: sirkwy@sirkwy.frl
webside: www.tresoar.frl