Totaal: 1668 resultaten fûn.
Pagina 10 fan 84
Berne: 1-12-1947, amsterdam
Huub Mous is publisist, keunsthistoarikus en blogger. Hy skriuwt benammen oer byldzjende keunst.
Berne: 27-02-1957, de gordyk
Bert Looper is histoarikus en argivaris. Hy waard yn 2007 direkteur fan Tresoar en lei yn de rin fan 2021 dy funksje del. Hy skriuwt oer skiednis, (Fryske) identiteit en byldzjende keunst.
Berne: 19-07-1952, terwispel
Johanneke Liemburg is politikologe. Yn 2010 promovearre se op Fedde Schurer, dêr't se in biografy oer skreau.
Berne: 1955, dokkum
Jelma Knol is histoarikus, auteur en sjoernalist. Se is redakteur fan it literêre tydskrift Ensafh (earder Hjir).
Op 24 maart wurdt yn de online lêsgroep oer boeken fan Trinus Riemersma it tredde boek bepraat: De hite simmer (1968).
Myn binêre koade
Friduwih Riemersma
Grotesk, 2020
Berne: 05-04-1964, ljouwert
Peter Sijbenga is komponist en multy-ynstrumintalist. Hy spile yn ferskate bands en makket ûnder oare muzyk foar Tryater. Ek makket er geregeld Fryske bewurkingen en oersettingen foar teäter (benammen Tryater) en skriuwt er toanielteksten.
Berne: 03-07-1915, stiens
STOARN: 21-06-1998, ljouwert
Pyt van der Zee wie toanieldosint, regisseur en oersetter. Hy wurke by toanielselskip Tryater dat ûnder syn liederskip in beropsselskip waard. Hy sette (mei syn frou Tryntsje van der Zee-de Boer) tal fan toanielstikken oer.
Berne: 29-07-1940, penjum
STOARN: 28-11-2009, ljouwert
Tryntsje van der Zee-de Boer fertaalde allinne en mei har man Pyt van der Zee (1915-1988) tal fan toanielstikken út it wrâldrepertoire neit it Frysk foar ûnder oare it profesjonele teäterselskip Tryater.
tinne twigen
GERRIT DAMSMA
brave new books, 2018
Dûnsje mei de Derwysk
Hidde Boersma
HIispel, 2021
Berne: 22-04-1920, TSJERKGAAST
STOARN: 04-07-2014, BOALSERT
Jan Bouwhuis waard berne yn 1920 yn Tsjerkgaast. Hy wie boer en skreau syn libben lang stikjes 'foar de aardichheid'. Yn 2007 ferskynde in boek mei folksferhalen en yn 2019 postúm in ferhalebondel oer syn ferbliuw yn it fersoargingshûs.
Berne: 17-06-1913, follegea
STOARN: 09-12-2001, gytsjerk
Libbe Leistra waard berne yn 1913 yn Follegea. Hy wie feehâlder en biologysk túnker en skriuwer. Hy debutearre op syn 87ste mei in roman.
Lockdownleafde
Hilda Talsma
Elikser, 2021
Stikelbarchje Prikkeprik
Baukje Wytsma
Afûk, 2021
Efter it tried, Häftling nû 10039
Reimer van Tuinen
Louise, 2021
Op 17 febrewaris wurdt yn de online lêsgroep oer boeken fan Trinus Riemersma it twadde boek bepraat: Minskrotten-rotminsken (1966).
Update 25 febrewaris: dizze kursus is fol.
Skriuw dyn earste ienakter! Ofwol in pocketferzje fan in ôfrûne stik. As begjinnend skriuwer learst hoe’t de struktuer fan in toanielstik opboud is en watfoar skriuwtechniken oftst brûke kinst. Hoe skriuwst in pakkend begjin? Wat wurdt de klimaks of dyn darkest moment? Tresoar organisearret in online toanielskriuwkursus yn gearwurking mei Keunstwurk, STAF en St.U.F.T.
In ferhaal of in boek skriuwe, dat wolle in soad minsken en no, no’t we yn in bysûndere tiid libje fan isolaasje en nije bezichheden foar jinsels ûntdekke, hielendal. Mar skriuwe, hoe pakke je dat oan? Yn april begjint der in online kursus proaza skriuwen.
Sirkwy.nl is in webside fan Tresoar, Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum.
Bûterhoeke 1,
8911 DH Ljouwert
Postadres:
Postbus 2637,
8901 AC Ljouwert
tel. 058 - 789 0 789
faks. 058 - 789 0 777
email: sirkwy@sirkwy.frl
webside: www.tresoar.frl