Sirkwy Sirkwy
  • Home
  • Dossiers
    • Skriuwersbiografyen
    • Schrijversbiografieën NL
    • Literêre prizen
    • Skiednis
  • Boeken
    • Boekprofilen
    • Nij ferskynd wurk
    • Digitale boeken
    • Stikken by boeken
  • Aginda
  • Nijs
  • Kursussen
  • Sirkwy
  • Kontakt
  • Utljochte

Menu

  • Home
  • Dossiers
    • Skriuwersbiografyen
    • Schrijversbiografieën NL
    • Literêre prizen
    • Skiednis
  • Boeken
    • Boekprofilen
    • Nij ferskynd wurk
    • Digitale boeken
    • Stikken by boeken
  • Aginda
  • Nijs
  • Kursussen
  • Sirkwy
  • Kontakt
  • Utljochte

Search Page

Sykje om:
Sykje allinne yn:

Totaal: 1668 resultaten fûn.

Pagina 2 fan 84

Trinus Riemersma evenemint yn Frjentsjer

De Academie van Franeker organisearret op 22 oktober 2022 in spesjale dei, wijd oan de Fryske skriuwer Trinus Riemersma. Riemersma wenne en skreau it grutste part fan syn libben yn de âlde Akademystêd, oant syn dea, no rom alve jier lyn. Yn Teater De Koornbeurs binne fan moarns oant jûns tal fan aktiviteiten om it libben en it wurk fan Trinus Riemersma hinne. Meiwurking wurdt jûn troch de Frjentsjerter Biblioteek, Museum Martena, NHL Stenden en Tresoar.

De Lapekoer yn sifers

Nije bydrage yn it dossier troch Anne Dykstra.

Foar dizze koarte bydrage haw ik de teksten fan 'e Lapekoer brûkt út de Rimen en Teltsjes sa’t dy útjûn is troch Ph.H. Breuker, Tineke J. Steenmeijer-Wielenga en Tr. Riemersma (1993), digitaal beskikber op DBNL. 

In fauna fan ingels

In fauna fan ingels
Durk van der Ploeg
Het Nieuwe Kanaal, 2022

  • liene by TRESOAR [Link folget**]
  • Liene by de iepenbiere bibleteek [link folget**]

De haadpersoan yn dizze jubileum-roman fan Durk van der Ploeg, syn fiifentweintichste, is in kroanysk psychiatrysk pasjint dy’t yn ’e rin fan syn libben ferskillende kearen yn kliniken en ggz-ynstellings opnommen wurde moast.

Sânenfjirtich jier nei de earste opname wennet er allinne yn it hûs fan syn âldelju. Omdat er oars net ien hat om mei te praten en om te witten wa’t er is fertelt er himsels syn libbensferhaal dat giet oer syn ferbliuw yn ferskillende ynrjochtings, oer syn psychoazen, eangsten, efterfolgingswaan en de labels dy’t him yn ’e rin fan ’e jierren opplakt binne.

Oaren oer dizze titel
Sietse de Vries, LC 23-09-2022 (fraachpetear)

Healwize beamhutferhalen

Healwize beamhutferhalen
Andy Griffiths en Terry Denton (oersetting Martsje de Jong)
Afûk, 2022

  • liene by TRESOAR [Link folget**]
  • Liene by de iepenbiere bibleteek [link folget**]

It tema fan de Nederlânske berneboekewike fan 2022 wie ‘Gi-Ga-Groen’, mei as boekewikegeskink in ferhaal út de rige De Waanzinnige Boomhut fan de populêre bestsellerauteurs Andy Griffiths en Terry Denton. De oersetting waard fersoarge troch Martsje de Jong.

Oaren oer dizze titel

Gabe Skroar. De gongmakker fan it Fryske skriuwen

Op it kongres 'Frisian Humanities' wiene der lêzings wijd oan 200 jier De lapekoer. Hein Jaap Hilarides hold doe in lêzing oer de tematyk dêr't ûndersteande stik fan him ek oer giet. Foto: Tekening fan Ids Wiersma by it fers 'De Boalserter merke'.

Nei de fal fan Napoleon feroare der yn Europa ek in soad op it mêd fan de taal- en letterkunde. Yn de earste helte fan de 19e iuw kaam de literatuer yn it ljocht te stean fan de ‘nije’ nasjonale identiteiten. Presys yn dy tiid skreaunen de bruorren Halbertsma harren earste wurk. Foar de Fryske literatuer wienen de âldste broer Joast en de jongste Eeltsje it wichtichst. Joast wie taalkundige, skriuwer en predikant, en Eeltsje dokter, dichter en skriuwer. Beide bruorren hienen studearre: Joast yn Amsterdam en Eeltsje yn Leien en in heal jier yn Heidelberg. De brede kennis dy’t se yn harren stúdzjetiid garre hienen, soenen se bondelje mei harren leafde foar de folksaardige kultuer fan Fryslân.

Leauwe yn 'e 19e iuw: tusken frijsinnichheid en rjochtsinnichheid

Op it kongres 'Frisian Humanities' wiene der lêzings wijd oan 200 jier De lapekoer. Eric Hoekstra fan de Fryske Akademy hold doe in lêzing oer de tematyk dêr't ûndersteande stik fan him ek oer giet.

Joast Halbertsma wie dûmny by de menisten (‘doopsgezinden’), in protestantske tsjerkerjochting stifte troch de Fries Menno Simons. Yn it wurk fan Halbertsma fernimt men lykwols amper wat fan syn leauwe. Hoe kin dat?

De Bleate Bille Binde (BOPPE!) it Spulwike Kompleks

De Bleate Bille Binde (BOPPE!) it Spulwike Kompleks
Janneke de Boer
Stifting Spulwike Littenseradiel, 2022

  • liene by TRESOAR [link folget**]
  • Liene by de iepenbiere bibleteek [link folget**]

Yn 2022 bestie stifting Spulwike Littenseradiel 50 jier en dêrom waard der in berneboek makke. It boek De Bleate Bille Binde (BOPPE!) it Spulwike Kompleks is skreaun foar bern dy’t meidogge, foar bern dy’t meidien hawwe, foar lieders fan doe en no en foar elkenien dy’t it saneamde Spulwike kompleks hat.

Oaren oer dizze titel

Keimpe en Tomke, wolkom by ús op skoalle

Keimpe en Tomke, wolkom by ús op skoalle
Riemkje Pitstra
Afûk, 2022

  • liene by TRESOAR [link folget**]
  • Liene by de iepenbiere bibleteek [link folget**]

Tomke sil foar it earst nei de ‘grutte skoalle’. Dat fynt er hiel spannend! Gelokkich is de juf hiel leaf en komt er by nije freontsjes yn ’e klasse. En hy komt yn ’e kunde mei Keimpe de Krokodil.

Oaren oer dizze titel

Utsicht

Utsicht
Aggie van der Meer
Stichting UP, 2022

  • liene by TRESOAR
  • Liene by de iepenbiere bibleteek [link folget**]

Utsicht is in gedichte- en ferhalebondel fan Aggie van der Meer. Dizze bondel komt ynklusyf CD en foto’s. De teksten geane oer it Fryske lân, de
minsken, de taal en kultuer, oer alledeiske en net-alledeiske saken.

Guon teksten / gedichten binne troch Hoite Pruiksma ta komposysje makke, yn ferskillende muzikale settings, en
op CD set. Taheakke binne foto’s fan Foppe Schut.

Oaren oer dizze titel
Willem Haanstra, De Moanne 19-08-2022

200 jier Gabe Skroar

Yn 1822 ferskynde it boekje De lapekoer fan Gabe Skroar. Earst wie net dúdlik wa’t it skreaun hie, mar al rillegau die bliken dat it fan de hân fan de bruorren Halbertsma’s kaam. De lapekoer waard populêr, dus der ferskynden noch mear útjeften en it waard letter ûnderdiel fan it ferneamde sammelwurk Rimen en teltsjes. Twahûndert jier nei it ferskinen wurdt op it wittenskiplik kongres ‘Frisian Humanities’ yn septimber omtinken jûn oan de teksten en de skriuwers en wurdt der op sirkwy.frl in dossier oanlein.

Yntroduksjeles Skriuwersfakskoalle

Wolst graach mear en bettere ferhalen skriuwe yn it Frysk? Dan bist wolkom by de Skriuwersfakskoalle, in gearwurking fan Ljouwert UNESCO City of Literature, Tresoar en Schrijversvakschool Groningen. Op woansdeitejûn 7 septimber is der in yntroduksjeles foar de kursus Skriuwtechniken by Tresoar yn Ljouwert.

Kursus Skriuwtechniken fan de Skriuwersfakskoalle yn ’e hjerst wer los

Wolst graach mear en bettere ferhalen skriuwe yn it Frysk? Dan bist wolkom by de Skriuwersfakskoalle, in gearwurking fan Ljouwert UNESCO City of Literature, Tresoar en Schrijversvakschool Groningen. Op woansdeitejûn 7 septimber is der in yntroduksjeles foar de kursus Skriuwtechniken by Tresoar yn Ljouwert.

Kursus berneproaza

Update: dizze kursus sit fol.

Woest altyd al ris in berneferhaal skriuwe? Of miskien in berneboek?
Liket it dy moai om dyn fantasije oan it wurk te setten?
Mar hoe dochst dat? Hoe fier rikt dyn ferbylding?
Hoe witst oft it geskikt is foar bern?
Hoe skriuwst spannend of grappich of libbensecht?
Wat wurket foar dy en wat perfoarst net?

Sit hjir in fraach (of mear) fan dy by? Dan fersoarget berneboekeskriuwster Hanneke de Jong (webside: www.hannekedejong.frl) in geskikte basiskursus foar dy.

De heit

De heit
Jan Schokker
Elikser, 2022

  • liene by TRESOAR
  • Liene by de iepenbiere bibleteek 

De heit is it sânde boek yn in rige plysjeromans fan Jan Schokker mei Ale Alema yn de haadrol.

Ald-resjersjeur Ale Alema is twa moanne mei pensjoen en kin mar net wenne oan syn tefolle oan lege tiid. En dan bellet Maart.
Beke Maart den Backer is in freondinne fan Ale syn ferstoarne frou Els en in krûdfet fol tsjinstellingen. ‘It Mystearje Maart’ sei syn Els altyd. Fiifentritich jier lyn liet se har man en beide bern samar efter doe’t se nei Austraalje ôfsette. Wêrom is Maart werom en wat wol se fan Ale? Maart komt mei in roukaart oansetten. De datum stiet al fêst: 16 septimber. It hellet it o sa rêstich libben fan Ale fan de iene op ’e oare dei folslein oer de kop.

Oaren oer dizze titel

In running gag om te gûlen

In running gag om te gûlen
Sipke de Schiffart
Hispel, 2022

  • liene by TRESOAR
  • Liene by de iepenbiere bibleteek

In running gag om te gûlen is de twadde poëzybondel fan Sipke de Schiffart.

Yn dizze bondel spylje leafde en erotyk wer in grutte rol, mar komme ek gâns oare minslike saken oan ‘e oarder, dêr ‘t de dichter sawol mei synisme as kompassy syn ljocht oer skine lit.

Oaren oer dizze titel
Jelle van der Meulen, Friese literatuersite 09-2022 (besprek)
Arjan Hut, FD 02-12-2022 (besprek)

Abe en de aardichman

Abe en de aardichman
Tialda Hoogeveen
Afûk, 2022

  • liene by TRESOAR
  • Liene by de iepenbiere bibleteek

Abe en de aardichman is in berneboek, skreaun troch Tialda Hoogeveen, mei yllustraasjes fan Yke Reeder.

Abe ferhuzet nei in hûs mei in grutte tún. As der in famke foar it stek stiet krûpt er gau ûnder in strúk. Omdat hy yn syn foarige wenplak pleage waard, doart er no net mear mei oare bern te boartsjen. Mar al gau fernimt er dat er net allinne is ûnder dy strúk … in brún bultsje mei in swiere bromstim en wapperjende hantsjes komt yn beweging. Wat is dat dochs?! En wat wol it famke fan him?

Oaren oer dizze titel
Yvonne Dijkstra, FD 08-10-2022 (besprek)

Nei it mystearje

Nei it mystearje
Willem Tjerkstra
Aspekt, 2022

  • liene by TRESOAR [link folget**]
  • Liene by de iepenbiere bibleteek [link folget**]

Nei it Mystearje is it 27e boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy’t allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy’t troch it gehiel rint.

Oaren oer dizze titel

 

Beaken foar it minskdom

Beaken foar it minskdom
Willem Tjerkstra
Aspekt, 2022

  • liene by TRESOAR [link folget**]
  • Liene by de iepenbiere bibleteek [link folget**]

Beaken foar it Minskdom is it 26e boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy’t allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy’t troch it gehiel rint.

Oaren oer dizze titel

 

Utsicht: konsert en boekpresintaasje Aggie van der Meer

Trije Fryske kulturele organisaasjes, Tresoar, Afûk en Stichting Uitzonderlijke Producties (UP), hawwe mei-inoar it inisjatyf nommen om nij wurk fan de Fryske skriuwster Aggie van der Meer (93) út Boalsert út te bringen yn in bondel gedichten en ferhalen, ûnder de titel: 'UTSICHT'. Komponist Hoite Pruiksma makke op basis fan dy teksten ferskate komposysjes en hat se mei it koar CAPELLA FRISIAE en ferskate oare muzikanten gearstald op in cd dy't yn dizze bondel opnommen is.

In frjemde fûgel

In frjemde fûgel
Elmar Kuiper
HISPEL, 2022

  • liene by TRESOAR
  • Liene by de iepenbiere bibleteek

In frjemde fûgel is it proazadebút fan Elmar Kuiper. De sân manlju yn dizze ferhalebondel binne frjemde einen yn it bit. Se libje oan de râne fan de maatskippij en binne gek, maniakaal, obsessyf, ferlegen, monomaan of autistysk. Benammen op it mêd fan yntimiteit en relaasjes keallet it swier mei harren. De skriuwer sit de personaazjes ticht op ‘e hûd en lit de lêzer omdoarmje yn harren geast.

Oaren oer dizze titel
Jurjen van der Hoek, Kunst-stukjes july 2022 (besprek)
Jaap Krol, FD 15-10-2022 (besprek)
Doeke Sijens, LC 23-12-2022 (besprek)

  • Start
  • Foarige
  • 1
  • 2
  • 3
  • 4
  • 5
  • 6
  • 7
  • 8
  • 9
  • 10
  • Folgjende
  • Ein

Sirkwy

Sirkwy.nl is in webside fan Tresoar, Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum.
Bûterhoeke 1,
8911 DH Ljouwert

Kontakt

Postadres:
Postbus 2637,
8901 AC Ljouwert

tel. 058 - 789 0 789
faks. 058 - 789 0 777

email: sirkwy@sirkwy.frl
webside: www.tresoar.frl

Sirkwy op social media

 
 
 

Copyright © 2017 Sirkwy. Alle rjochten foarbehâlden.

  • Login
  • Create an account

  • Forgot your password ?
  • Forgot your username ?
(*)
(*)
(*)
(*)
(*)
(*)

Fields marked with an asterisk (*) are required.

  • Login