Sirkwy Sirkwy
  • Home
  • Dossiers
    • Skriuwersbiografyen
    • Schrijversbiografieën NL
    • Literêre prizen
    • Skiednis
  • Boeken
    • Boekprofilen
    • Nij ferskynd wurk
    • Digitale boeken
    • Stikken by boeken
  • Aginda
  • Nijs
  • Kursussen
  • Sirkwy
  • Kontakt
  • Utljochte

Menu

  • Home
  • Dossiers
    • Skriuwersbiografyen
    • Schrijversbiografieën NL
    • Literêre prizen
    • Skiednis
  • Boeken
    • Boekprofilen
    • Nij ferskynd wurk
    • Digitale boeken
    • Stikken by boeken
  • Aginda
  • Nijs
  • Kursussen
  • Sirkwy
  • Kontakt
  • Utljochte

Search Page

Sykje om:
Sykje allinne yn:

Totaal: 1668 resultaten fûn.

Pagina 3 fan 84

Sipke leert fierljeppen - Sipke leart fierljeppen

Sipke leert fierljeppen - Sipke leart fierljeppen
Lida Dykstra
Afûk/Rubinstein, 2022

  • liene by TRESOAR
  • Liene by de iepenbiere bibleteek

Under lieding fan pake Pipermûs traine Sipke en syn freontsjes foar in fierljepwestriid. In oanrin, nei de top fan de pols klimme en dan… drûch nei de oare kant! Hotske Hazze is in natuertalint, mar Oaljefant hat der wat mear muoite mei. Gelokkich is Sipke der om him te helpen!

It giet hjir om in Frysk-Nederlânsk Gouden Boekje yn gearwurking mei útjouwerij Rubinstein.

Oaren oer dizze titel
Toan Duijx, FD 29-20-2022

 

Poëzij dêr’t elk op siet te wachtsjen - part 2

Sigrid Kingma, op dit stuit Dichter fan Fryslân, giet yn op it wurk fan Huber. Hjoed it twadde en lêste part. Foto: Diet Huber kriget in Italjaanske priis foar in boek. Links op de foto: dr. Ria Bauer, heechlearaar yn de berne- en jongereinliteratuer. Foto út kolleksje Tresoar.

De tradisjonele klup
Der binne yn de perioade dat Diet Huber debutearret 25 dichters dy’t op tradisjonele wize dichtsje. De dichters wurkje mei fêste rymskema’s, beskriuwings fan foarfallen binne realistysk en faak binne se ymplisyt moralistysk. De gedichten spylje faak op it plattelân, beskriuwe it boerelibben of geane oer buorkerijbisten. In foarbyldsje: yn it gedicht Stjûrlju fan J. v.d. Meulen is de moraal eksplisitearre. In ferlykbere ynbou fan in moraal is by de measte tradisjonele dichters te sjen. Hjirûnder de lêste fjouwer rigels fan it gedicht.

Kursus libbensferhalen skriuwen hjerst 2022

Skriuwster Marga Claus jout geregeld in kursus oer it skriuwen fan in libbensferhaal. Op 5 oktober 2022 set sy útein mei in nij blok. Dy kursus wurdt net troch Tresoar organisearre, mar is wol yn it gebou fan Tresoar. Sjoch foar mear ynformaasje: www.margaclaus.nl.

It berin fan de dingen

It berin fan de dingen
Peter Popma
Frysk en Frij, 2022

  • liene by TRESOAR [link folget**]
  • Liene by de iepenbiere bibleteek [link folget**]

It berin fan de dingen is de debútbondel fan Peter Popma (Warkum 1941). Ferdield oer 32 fersen yn 4 skiften omfiemet de bondel de omgong mei alles om ús hinne. Yngeande ferhâldingen binne natuerlikwei bêde yn in mingeling fan rêst en tagelyk omdoarmjen, loslitten en ferlet.

In priuwke út it titelfers:

Foar ús
ien tel, net mear
mar fol ûnthjitten
en ienkear yn de stille romte
werhellen wy
bestammeljend
de earste wurden
keazen oer de hoare fjilden
berûne paden
en as lêste
ûntdutsen wy
djip yn ús beskûle
ús namme

Oaren oer dizze titel

 

Poëzij dêr’t elk op siet te wachtsjen - part 1

Sigrid Kingma, op dit stuit Dichter fan Fryslân, giet de kommende tiid yn op it wurk fan Huber. Foto: Diet Huber op in skoalle op De Pein (1990), kolleksje Tresoar.

Wa ken Tutte mei de linten net? Hast santich jier nei de earste printinge binne der tweintigers dy’t it titelgedicht út de holle wei opsizze kinne. It dichterskip fan Diet Huber begûn by De Friese Koerier, it deiblêd fan It Hearrenfean, dêr’t se in bernerubryk folle mei har poëzij. Dy gedichten binne yn 1955 bondele mei as titel Tutte mei de linten. Ik stel my foar dat yn de jierren sechstich alle Friezen it fers koenen. As famke koe ik it ek, want ik hie in lappepop dy’t op Tutte like. Us mem eksklamearre it fers wolris as ik mei de pop ompakte. Wy hienen de bondel net iens, mar se siet net fier fan de orizjinele tekst ôf, soe ik hast tweintich jier letter gewaarwurde doe’t ik it orizjineel ûntduts. In fers dat âlder is as ús heit, mar noch stiet as in hûs.

De ynfaller

De ynfaller
Koos Tiemersma
Het Nieuwe Kanaal, 2022

  • liene by TRESOAR
  • Liene by de iepenbiere bibleteek

De ynfaller is in roman fan Koos Tiemersma. It ferhaal spilet him ôf yn 1982, de simmerfakânsje komt yn sicht. Der wurdt fochten om de Falklands, de Kâlde Oarloch berikt in nij djiptepunt en Van Agt besuniget him in slach yn ’e rûnte. Tsjin dat dekôr sleept Marcus Ligthart him as ynfaller fan de iene nei de oare skoalle. Krekt wol er dermei ophâlde of hy kriget in tydlik baantsje op in skoalle yn ’e Wâlden oanbean.

Al gau komt Marcus derachter dat de leaflikens fan it doarp dêr’t er yn telâne komt mar skyn is en dat it skoalteam fan tsjinstellingen oanelkoar hinget. De heechste klasse is in boarne fan ûnrêst, hy wit him amper steande te hâlden. Al is der ien famke dat yndruk op him makket, mear as dat goed foar him is. En wêr is juf Lin presys op út? Dat en mear wurdt dúdlik by it tradisjonele hichtepunt fan it skoaljier: it kampearreiske nei ’t Amelân.

Oaren oer dizze titel
Nieuwsblad NOF, 03-06-2022
Sietse de Vries, LC 17-06-2022 (fraachpetear)
Jaap Krol, FD 18-06-2022 (besprek)
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite 07-2022 (besprek)
Doeke Sijens, LC 14-10-2022 (besprek)

Nij dossier oer Diet Huber

Op 20 maaie wurdt de Simke Kloostermanpriis útrikt oan I.E. Bloem foar It neidiel fan 'e twivel. Dy priis is foar oarspronklik Frysktalige berne- en jeugdboeken. Ien dy't in soad foar de Fryske berneliteratuer betsjutten hat, is Diet Huber (1924-2008). Dêr komt by dat dit jier ek foar it earst de Diet Huberpriis takend wurdt, oan de makker fan de bêste yllustraasjes fan in yn boekfoarm ferskynd Frysk berneboek. Dêrom set no in nij dossier oer Diet Huber út ein. Sigrid Kingma, op dit stuit Dichter fan Fryslân, giet de kommende tiid yn op it wurk fan Huber.

Ik Vincent van Gogh

Ik Vincent van Gogh
Willem Tjerkstra
Aspekt, 2022

  • liene by TRESOAR
  • Liene by de iepenbiere bibleteek [link folget**]

Op 'e njoggende planeet

Op 'e njoggende planeet
Willem Tjerkstra
Aspekt, 2022

  • liene by TRESOAR [link folget**]
  • Liene by de iepenbiere bibleteek [link folget**]

Hilde ferstjitten

Hilde ferstjitten
Nelly Jongsma-de Jong
KFFB, 2022

  • liene by TRESOAR
  • Liene by de iepenbiere bibleteek

Diet Huberpriis


Koart oersjoch fan de literêre prizen

De Diet Huberpriis is in trijejierlikse priis foar yllustratoaren fan Fryske berneboeken, dy’t útrikt wurdt troch Stifing Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD).

Jûn oer Vertalersgeluk - Oer de leafde foar oersettingen en oersetútdagings

Yn gearwurking mei Tresoar, de Europese Literatuurprijs, it Nederlands Letterenfonds, Boekhannel Van der Velde en Ljouwert UNESCO City of Literature organisearret produksjehûs Explore the North op freed 29 april de jûn Vertalersgeluk. Fjouwer oersetters, Yolanda Bloemen, Seijo Epema, Adiëlle Westercappel en Martsje de Jong, fertelle dy jûn oer har bysûnder fakgebiet. De Fryske skriuwster en einredakteur Tialda Hoogeveen liedt it petear en besiket alles út te finen oer de útdagings fan de Russyske, Ingelske, Nederlânske en Fryske taal.

Jûn foar de Freonen fan Tresoar – Yn it teken fan dichteresse Rixt

Op 12 april organisearje de Freonen fan Tresoar in jûn yn it teken fan dichteresse Rixt: in pseudonym fan Hendrika Akke van Dorssen (1887-1979). Rixt wie de earste froulike dichter dy’t yn 1953 de Gysbert Japicxpriis wûn foar har bondel De Gouden Rider (1952).

Nij dossier oer Akke Radsma

Akke Radsma soe op 25 maart dit jier hûndert jier wurden wêze, dus in moaie oanlieding om mear te fertellen oer har libben en wurk as foardrachtskeunstner yn in nij dossier op Sirkwy. Se waard foar it earst frege foar in rol yn in toanielstik yn Stiens doe’t se santjin wie en dêrnei hat se altyd toanielspile. Sy is ûnder mear ferneamd wurden troch it kabaretselskip De Spinnekop, dat oprjochte wie troch Roel Oostra. Radsma fersoarge ek de populêre rubryk ‘Oer de hage’ foar de RONO (Regionale Omroep Noord en Oost) en wurke in soad gear mei tekstskriuwer Paulus Akkerman.

Foar it dossier hat âld-literatuer- en kultuersjoernalist Pieter de Groot him ferdjippe yn it argyf dat by Tresoar bewarre wurdt en oer it libben en wurk fan Radsma skreaun. De kommende wiken komt it stik fan De Groot yn parten op Sirkwy. Hjoed it earste part. 

Akke Radsma hûndert jier ferlyn berne - 1

Akke Radsma hûndert jier ferlyn berne, part ien. Troch Pieter de Groot. Foto: Kabaretselskip ‘De Spinnekop’ yn 1959 mei Roel Oostra en Akke en Jan Radsma. (Foto Piet Bergsma).

In fedette sûnder kapsoanes

Akke Radsma wie yn de jierren nei de oarloch in begryp yn Fryslân. Doe’t der amper noch telefyzje wie en Fryslân foar wat it Frysk oanbelange, oanwiisd wie op in oerke yn de foarjûn op ’e radio, seagen in protte minsken út nei har wyklikse praatsje Oer de hage. Harksifers bestiene doe noch net, mar it Buro Kulturele Saken, ûnderbrocht by de Fryske Kultuerried, hie ein jierren fyftich oan in breed ferskaat oan harkers lykas ‘húsfroulju, boeren en stoffearders’ frege om deiboeken by te hâlden oer de ûnderskate ûnderwerpen, dy’t yn dy útstjoeringen – doe allegear noch út de RONO-studio yn Grins wei – oan ’e oarder kamen. Oer de hage wie de favoryt en net allinne by de âlderein. In ûnderwizer fan 28 jier út De Hommerts skreau: ‘It wie wer moai. Dêr siet suver spanning yn.’ De praatsjes wiene skreaun troch Paulus Akkerman, mar Akke Radsma fertelde se sa libbensecht dat de minsken leauden dat it oer har eigen húshâlding gong, har man Jan Radsma waard der dan de oare deis oer oansprutsen.

Akke Radsma hûndert jier ferlyn berne - 2

Akke Radsma hûndert jier ferlyn berne, part twa. Troch Pieter de Groot. Foto: Oer de hage, foto: Muziekweb.

Oer de hage

It wie op de Spinnekop-premiêre fan Kike, kike, lôke, sjoch op 25 septimber 1957 yn seal Phoenix te Drachten dat Jo Smit, destiids direkteur fan de Regionale Omroep Noord en Oost, op Akke tastapte mei in foarstel: ‘Wy wolle Paulus Akkerman alle wiken wat skriuwe litte en jo moatte dat foar de mikrofoan bringe. Soene jo dat dwaan wolle?’  ‘No’, andere Akke beret, ‘alle wiken sil net gean, want wy moatte geregeld fuort te spyljen.’ Dat wie gjin probleem, dan namen se wol fiif ferhaaltsjes yn ien kear op. Akke: ‘No, doe ha ’k ris fiif dien. Mar doe kamen der wer fiif en wer… Ik sei, hoe lang moat dit? No, gewoan sa lang as jo wolle, sei Jo Smit.’

Akke Radsma hûndert jier ferlyn berne - 3

Akke Radsma hûndert jier ferlyn berne, tredde en lêste part. Troch Pieter de Groot. Foto fan Akke Radsma: argyf Ljouwerter Krante. Scan: John van Geffen, Tresoar.

Tryater

Yn 1970 joech se har by Wim Burkunk op foar in kursus bewegingslear. Se wie doe 48 jier: ‘Ik tocht, dat is wol wat foar my, want jo wurde âlder en dus ek wat stiver. Dy kursus hat my bêst foldien, jo kamen der fit wer wei, alle spieren kamen los.’  Der rôle, foar har ûnderwachts, in rol út by Tryater, dy’t Burkunk frege hie om Geskaei om ’e kaei te regissearjen, in oarspronklik Frysk stik fan Jan de Vries, dêr’t jong en âld yn mei spile en dat wol hûndert foarstellingen belibbe.

Kyra

Kyra
Elske Schotanus
Afûk, 2022

  • liene by TRESOAR
  • Liene by de iepenbiere bibleteek

Underweis nei Walhalla

Underweis nei Walhalla
Bartle Laverman
Hispel, 2021

  • liene by TRESOAR
  • Liene by de iepenbiere bibleteek

Nije lessen Skriuwersfakskoalle fan 8 maart ôf

Skriuwe yn it Frysk: de ien publisearret al jierren, de oar siket noch om de goeie wurden. Beiden binne wolkom by de Skriuwersfakskoalle, in gearwurking fan Ljouwert UNESCO City of Literature, Tresoar en Schrijversvakschool Groningen. Op 8 maart 2022 set in nije searje lessen útein, op 9 febrewaris 2022 is der in yntroduksjeles.

  • Start
  • Foarige
  • 1
  • 2
  • 3
  • 4
  • 5
  • 6
  • 7
  • 8
  • 9
  • 10
  • Folgjende
  • Ein

Sirkwy

Sirkwy.nl is in webside fan Tresoar, Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum.
Bûterhoeke 1,
8911 DH Ljouwert

Kontakt

Postadres:
Postbus 2637,
8901 AC Ljouwert

tel. 058 - 789 0 789
faks. 058 - 789 0 777

email: sirkwy@sirkwy.frl
webside: www.tresoar.frl

Sirkwy op social media

 
 
 

Copyright © 2017 Sirkwy. Alle rjochten foarbehâlden.

  • Login
  • Create an account

  • Forgot your password ?
  • Forgot your username ?
(*)
(*)
(*)
(*)
(*)
(*)

Fields marked with an asterisk (*) are required.

  • Login