Yn de fyftiger, sechstiger en santiger jierren hat JanMurk de Vries wurk levere foar guon literêre tydskriften. Earder hat der ek al omtinken west foar de rige tekeningen 'Nagasaki' yn Quatrebras (1956), mar yn 1958 waard yn itselde tydskrift ek in tekening fan JanMurk publisearre by wurk fan skriuwer en dichter Steven de Jong (letter ek wol bekend ûnder Steven H.P. de Jong). De tekening en it gedicht binne hjirûnder te sjen. It is de lêste bydrage yn it dossier oer JanMurk de Vries.
Oer Quatrebras
It tydskrift Quatrebras waard yn 1954 oprjochte troch Marten Brouwer, Sybe Sybesma en Lambert Mulder. Dy jonge skriuwers diene mei it nije tydskrift wat nijs foar de Fryske literatuer. It blêd, ûnstien út ûnfrede mei it belied fan De Tsjerne, joech nammentlik alle romte oan de eksperimintele poëzij, yn neifolging fan de yn de Nederlânske literatuer operearjende Fyftigers. Yn nûmer fiif fan 1954 omskreau de redaksje it sa: "De tsjerne-mole draeit noch fleurich troch, mar sels cabaret-nûmers kinne har mar min rêdde. Dizze coctail smakket ús mar frijhwat mjitsk, wy taepje leaver suverder drank." Quatrebras woe net provinsjaal wêze, mar stimulearre de net-estetyske frije fersfoarm. Se joegen in protte omtinken oan de typografy en it papier; der waarden transparante kleure siden sûnder tekst opnaam en bygelyks ek stikjes út de siden knipt. Sa ferskynden der ek lytse tekeningen yn it blêd, mar dus ek wurk fan keunstners as JanMurk de Vries. Dêrneist waard ek boarte mei de taal, wat yn in blêd as De Tsjerne folle minder wenst wie. Sa súntsjeswei ûntstiene yn de jierren fyftich en sechstich twa literêre sirkwys, in sirkwy foar populêre literatuer en in lytser sirkwy foar moderne en eksperimintele literatuer. Quatrebras wie dúdlik in fertsjintwurdiger fan dat twadde sirkwy. Sjoch foar mear achtergrûnynformaasje op Salang't de beam bloeit, de skiednis fan de Fryske literatuer.
Oer Steven de Jong (1935-2018)
As Frysk dichter debutearre er yn it eksperimintele literêre tydskrift Quatrebras. Yn de lette sechstiger jierren doe’t de jongere skriuwers rebûlje makken tsjin de âldere generaasje, wie Steven de Jong warber foar meardere Fryske tydskriften, earst as lid fan de redaksje dy’t it lêste nûmer gearstalde fan De Tsjerne (1968, 11/12) en letter as redakteur fan it nije blêd Trotwaer. Hy hie sit yn de Trotwaerredaksje fan 1968 oant 1970. Foar Quatrebras skreau De Jong in stikmannich kritiken, mar syn bydrage oan de Fryske literatuer bestie ynearsten dochs benammen út poëzy.
Tusken 1965 en 1988 ferskynden fiif fersebondels fan syn hân. Underwilens wie yn 1980 De maagd fan Babylon útkommen, dêr’t njonken fersen ek ferhalen yn steane. Syn earste roman publisearre De Jong yn 1989. Foar dat boek, De Wuttelhaven del, waard him yn 1992 de Gysbert Japicxpriis takend. It boek Groetenis fan Prakash ferskynde as Frysk Boekewikegeskink fan 2005. Fan Steven H.P. de Jong ferskynden yn 2011 mei de publikaasje fan En de inket sil útrinne syn sammele gedichten, wylst yn 2014 It testamint fan Mr. Dr. K. útkaam, in bondel mei âldere ferhalen en teksten, mar ek mei nij wurk. Om betizing mei de filmmakker Steven de Jong foar te kommen, skreau De Jong him konsekwint mei syn tuskeninisjalen H.P. derby.
Lês mear oer De Jong yn syn biografy op Sirkwy.
Mear oer it dossier JanMurk
Yn elts wurk fan JanMurk de Vries (1919 – 2015) sit beweging: lange útsette linen yn it brede lânskip; de beweging fan it tij, tûken, hannen dy't omheech rikke; de ferhâlding tusken minske en natuer, yn it sykjen fan de minske yn de kosmos en yn de bewegende minske ta syn omjouwing. Dat tema stiet sintraal yn de 'Uneinige beweging', dy't fan 25 jannewaris ôf te sjen is yn OBE yn Ljouwert. Om de tentoanstelling hinne wurde ferskate aktiviteiten organisearre, ek mei literêre aspekten. Sjoch foar mear ynformaasje op de webside fan Tresoar. Troch de maatregels oangeande it coronafirus is OBE spitigernôch sletten.
As oanfolling by de fysike útstalling wurdt op Sirkwy in dossier oer JanMurk byholden, wêrtroch't der in lytse digitale tentoanstelling ûntstiet dy't mei dy yn Obe in moai gehiel foarmet. Yn dat dossier wurdt yngien op de relaasje dy't hy hie mei de literatuer. Hy hat yn stikmannich Frysk literêre tydskriften bydragen levere, faak mei in sterk engaazjemint. Oant april wurde ûnder oare sokke tekeningen digitaal oanbean. Dit is de lêste bydrage yn it dossier.
Scans: John van Geffen, Tresoar.