FeRstival is in foardrachtfestival yn Fryslân dêr’t bern fan middelbere skoallen gedichten sa moai mooglik foardrage kinne en dêr in priis mei winne kinne.

Der is in skriuwgroep ûnder lieding fan dichter Arjan Hut fan start gien yn Tresoar.

De groep dy’t út trettjin minsken bestiet, sil yn trije jûnen oan ‘e slach mei it skriuwen fan gedichten dy’t geskikt binne om foar te dragen. De gedichten wurde ynstjoerd nei Cedin en guon dêrfan wurde honorearre mei in plakje yn de nije bondel FeRsefariaasje gedichten dat útrikt wurdt oan dielnimmers oan it FeRstivalfestival kommende hjerst.

Twa fan de dielnimmers dogge digitaal mei. Se krije feedback op harren gedichten fan de skriuwgroep fia de email. De kursus is opset yn gearwurking mei Cedin en wurdt hâlden yn Tresoar.

Ek nocht om hjir oan mei te dwaan? Dizze skriuwgroep is al fan start, mar oare jier is der grif wer in mooglikheid, mail nei This email address is being protected from spambots. You need JavaScript enabled to view it.