Fan ’t hjerst hâldt Tresoar in kursus foar Fryske skriuwers oer it foardragen fan ferhalen. Hoe stean ik op in poadium? Hoe bring ik myn boadskip it bêste oan it publyk oer? Sokke fragen komme yn de kursus oan de oarder. It doel is om nei ôfrin fan de kursus jins eigen wurk foar te dragen op in evenemint. Hâld de kanalen fan Tresoar yn de gaten foar mear ynformaasje.