Poëzij libbet as in hert! Der wurde allegeduerigen nije gedichten skreaun, en se fine dan har wei nei poadium, blog, blêd, bondel of tableau. Foar wa't der each en ear foar hat, falt der werklik in soad te genietsjen. Mar soms liket it as binne minsken benaud fan gedichten. Net alle gedichten, mar de lestige. Der stiet net wat der stiet, of wol? En as der net stiet wat der stiet, wat stiet der dan? Is it slim as ik it net begryp?
Dichters jouwe foaral workshops foar it skriuwen fan gedichten, mar kursussen poëzijlêzen komme folle minder foar. En dêr, sa docht bliken, is wol ferlet fan.
Yn 2016 reizgen dichters Anne Vegter en Tsead Bruinja it lân troch mei Hallo gedicht! Sy giene op in tagonklike, ynformele manier de striid oan mei de eangst foar it lêzen fan gedichten. In sukses, folle sealen waarden paadwiis makke yn de poëzij. Yn dyselde snuorje hie dichter Ellen Deckwitz in bestseller mei har eigen 'cursus genieten van poëzie', Olijven moet je leren lezen.
Wâlddichter Arjan Hut wol graach mei in groepke (maksimaal tolve) op Tresoar in searje jûnen 'poëzijlêzen foar nijsgjirrigen' begjinne. Oan de hân fan âlde en nije gedichten, dûke we de wrâld fan de poëzij yn, helpe mekoar, en fine faaks ien of mear dichters dy't sa oansprekke, dat it liket as skriuwe se spesjaal foar ús.
Oer Arjan Hut
Arjan Hut is in bekende en aktive dichter yn de Fryske wrâld. Bondels fan syn hân: Nachtswimmers, 0506 - stedsgedichten & klokslach fan Ljouwert, Tin en Aurora Bossa Nova. Hy skriuwt resinsjes foar de Moanne en it Friesch Dagblad. Yn 2005 wie er stedsdichter fan Ljouwert. Hy jout workshops en masterclasses oan bygelyks skoallen.
De kursus:
- Op 21-1 is de earste jûn, de kursus is 4 kear yn oanslutende wiken: 21 & 28-1, 4 & 11-2
- Tiid 19.30 oant 21.00 oere
- Kosten € 40,00
- Opjefte fia Dit e-mailadres wurdt befeilige tsjin spambots. JavaScript moat ynskeakele wêze om it te besjen.
- De dielnimmers krije dêrnei in fersyk om it kursusjild te beteljen
- Opjaan oant en mei 17 jannewaris
- De kursus is yn it Frysk
- Tresoar, Boterhoek 1, Ljouwert