Update 6 oktober: dizze kursus is stilset y.f.m. koroana.

Woest altyd al ris in berneferhaal skriuwe? Of miskien in berneboek?
Liket it dy moai om dyn fantasije oan it wurk te setten? 
Mar hoe dochst dat? Hoe fier rikt dyn ferbylding?
Hoe witst oft it geskikt is foar bern?
Hoe skriuwst spannend of grappich of libbensecht?
Wat wurket foar dy en wat perfoarst net?

Sit hjir in fraach (of mear) fan dy by? Dan fersoarget berneboekeskriuwster Hanneke de Jong (www.hannekedejong.frl) in geskikte basiskursus foar dy.

In leechdrompelige kursus fan fjouwer jûnen om te ûntdekken wêr’tst goed yn bist, wat better kin en wat dyn mooglikheden binne. In kursus dêr’t wy skriuwe, mei pinne en papier!, noch mear skriuwe en oan inoar foarlêze mei wille. 

Ynformaasje
- De kursus is rjochte op it skriuwen fan proaza foar bern
- Data: woansdei 21 oktober, 4 en 18 novimber en 2 desimber fan 19.00 – 21.00
- Doelgroep skriuwers: begjinnende en/of betûfte skriuwers
- Doelgroep bern: fan 4 oant 12
- Dielnimmers krije op de earste jûn algemiene skriuwynfo en in opdracht
- Kosten € 50,00
- De fiertaal is Frysk
- Opjefte foar 1 oktober by Dit e-mailadres wurdt befeilige tsjin spambots. JavaScript moat ynskeakele wêze om it te besjen.