Skriuwe, hoefolle minsken tinke der net oer om dat ris te dwaan? Mar hoe? Wat binne de falkûlen, hoe kinne lêzers yn in ferhaal lutsen wurde, hoe wurket taal? Dat (en mear) komt oan ’e oarder yn in koarte kursus fan trije jûnen. 

De kursus giet foarôf oan in skriuwwedstriid en in jûn op 27 novimber 2020. Wedstriid en jûn stean yn it teken fan koartproaza en wurde organisearre troch Ensafh.  Kursisten, dy’t dat wolle, kinne harren ferhaal ynstjoere, dat dan hifke wurdt troch in sjuery. Sa tingje hja nei in plakje op it poadium en in publikaasje yn Frysk literêr tydskrift Ensafh. De oprop fan Ensafh stiet by nijs.

De kursus sil jûn wurde troch Koos Tiemersma. Hy begûn mei it skriuwen fan lietteksten doe’t er fyftjin wie. Nei 2000 skeakele er oer op proaza. Yn 2002 debutearre er mei De ljedder, wêrnei’t noch in stikmannich boeken, in berneboek en de ferhalebondel  Ik bedoel mar! folgen. Nei 2010 lei er him ta op it digitaal publisearjen fan syn wurk. Syn roman Einum waard yn 2015 bekroand mei de Gysbert Japicxpriis.

Ynformaasje
De kursus is rjochte op it skriuwen fan in koart proazaferhaal
Trije jûnen
Data: woansdei 15 april, woansdei 29 april en 13 maaie
Tiid 19.30 – 21.00 oere
Doelgroep skriuwers: begjinnende en/of betûfte skriuwers
Dielnimmers krije op de earste jûn algemiene skriuwynfo en in opdracht 
Kosten € 40. Dat bedrach graach oermeitsje op NL15 RABO 0127 5942 64 fan Tresoar, 
ûnder fermelding fan: Skriuwkursus Koart Proazaferhaal
Opjefte foar 1 april by This email address is being protected from spambots. You need JavaScript enabled to view it.
De fier- en skriuwtaal is Frysk
Tresoar, Boterhoek 1, Ljouwert. Parkearje kin yn garaazje Oldehoofsterkerkhof