In ferhaal of in boek skriuwe, dat wolle in soad minsken en no, no’t we yn in bysûndere tiid libje fan isolaasje en nije bezichheden foar jinsels ûntdekke, hielendal. Mar skriuwe, hoe pakke je dat oan? Yn april begjint der in online kursus proaza skriuwen.

Yn dizze kursus ‘proazaskriuwen online’ krije de kursisten fia Teams troch skriuwster Jetske Bilker hânfetten en skriuwtechniken. Se jout konkrete tips foar hoe’t je as skriuwer hannelje moatte, en hoe’t je in ferhaal of roman begjinne. Oan ’e oarder komme wichtige proaza-eleminten lykas: spanning, personaazjes, de eigen styl, it kiezen fan in perspektyf (wa fertelt it ferhaal?) en it skriuwen fan in goede dialooch.

Yn de lessen krije de kursisten online ynformaasje; de kursisten geane  thús mei opdrachten oan de slach en stjoere dy per mail op.
Feedback fan de kursusliedster giet ek oer de mail. Wa’t derneist ferlet hat fan feedback fan de oare kursisten kin dat oanjaan. Fragen fan kursisten oer de stof wurde per mail of – as it kin - online behannele.

It foardiel fan dizze kursus online is dat elk, oft men in ferhaal of in hiele roman skriuwe wol, meidwaan kin, trochdat elk persoanlike begelieding per mail krijt.
De kursussen binne op moandeitejûn fan 20.30 oere oant 21.30 oere, en wurde jûn yn it Frysk.

Jetske Bilker (1960) is ôfstudearre yn Literatuerwittenskip, skriuwt proaza sûnt 1988, wie proaza-kritikus en publisearre fjouwer romans en in ferhalebondel.

Ynformaasje
- De kursus is rjochte op it skriuwen fan proaza
- Data: moandei 12 april, 26 april, 10 maaie, 31 maaie en 21 juny.
- Tiid 20.30 – 21.30 oere
- Doelgroep skriuwers: begjinnende en/of betûfte skriuwers
- Dielnimmers krije op de earste jûn algemiene skriuwynfo
- Opjefte foar 1 april by Dit e-mailadres wurdt befeilige tsjin spambots. JavaScript moat ynskeakele wêze om it te besjen.
- Kosten € 80,00. Dat bedrach graach oermeitsje op NL15 RABO 0127 5942 64 fan Tresoar, ûnder fermelding fan: Skriuwkursus Proaza
- De fier- en skriuwtaal is Frysk
- It minimale oantal dielnimmers is 5
- Tresoar organisearret dizze kursus.