Skriuw dyn earste ienakter! Ofwol in pocketferzje fan in ôfrûne stik. Nei it súkses fan ferline jier wurdt dizze kursus fan 't hjerst en winter op ’e nij oanbean.
As begjinnend skriuwer learst hoe’t de struktuer fan in toanielstik opboud is en watfoar skriuwtechniken oftst brûke kinst. Hoe skriuwst in pakkend begjin? Wat wurdt de klimaks of dyn darkest moment?
Yn in kombinaasje fan live en online groepsesjes krijst útlis oan de hân fan foarbylden. Dêrnei giest selsstannich oan de slach mei dyn eigen ienakter. Krijst persoanlik feedback op de ferskate fazen fan dyn stik, sadatst oan de ein fan de kursus in moaie basis hast foar dyn earste ienakter.
Tresoar organisearret de toanielskriuwkursus yn gearwurking mei Keunstwurk en St.U.F.T.
Publisearje by St.U.F.T.
Toanielferienings hawwe in soad belangstelling foar nije ienakters. Toanielútjouwerij St.U.F.T nûget dy dêrom fan herte út om dyn ôfrûne ienakter oan te melden foar publikaasje. Dy wurde dan beoardiele troch in ûnôfhinklike lêskommisje, dy’t advys jout oer watfoar stikken útjûn wurde.
Oanmelde
Oanmelde kin oant freed 16 septimber 2022. Oan de kursus kinne maksimaal 8 persoanen dielnimme. Oanmelde kin by Keunstwurk.
Praktyske ynformaasje
Moandei 26 septimber 19.30 – 22.00 op lokaasje by Tryater
Moandei 10 oktober 20.00 – 21.15 online fia Zoom
Moandei 24 oktober 20.00 – 21.15 online fia Zoom
Moandei 14 novimber 20.00 – 21.15 online fia Zoom
Moandei 28 novimber 19.30 – 22.00 op lokaasje by Tryater
Moandei 12 desimber 19.30 – 22.00 op lokaasje by Tryater
Lokaasje: Zoom of op lokaasje by Tryater (Oostersingel 70, Ljouwert)
Kosten: €195,-
Taal: Nederlânsk, Frysk en streektalen
Maksimum tal dielnimmers: 8
Oanmelde oant tongersdei 16 septimber 2022
Oer dosint: Wessel de Vries
Wessel de Vries (1994) is toanielskriuwer en skriuwt senario’s foar films. As toanielskriuwer wurket er in soad yn Fryslân (Tryater, Meeuw Jonge Theatermakers, Skoft&Skiep), mar ek dêrbûten (KASKO/Kameroperahuis, Theater Sonnevanck). Films skriuwt er benammen yn opdracht fan syn eigen filmkollektyf Natte Haring, dêr’t er de films ‘Het Grandioze Falen’ en it bekroane ‘Drie mensen vinden een auto’ mei makke.
De teksten dy’t Wessel skriuwt wurde kenmerke troch humor en fantasy en behannelje in ferskaat oan ûnderwerpen. Sa skreau er û.o. oer trije bruorren dy’t it hûs net út doarre (‘Schiettent’, 2016), syn favorite fuotbalklup (‘Het Heilige Hert van Cambuur’, 2018) en oer kampingbewenners dy’t sykje nei it paradys (‘Part time Paradise’, 2019). Foar KASKO ûntwikkele Wessel in tekst oer it ferjeien fan demoanen op in aaklik tsjerkhôf (‘De Klok en het Meisje’, 2018).
Fotograaf: Wytze Hoogslag