De publikaasje Do draachst de leafde oan befettet fragminten fan poëzy en proaza mei lesbyske, homoseksuele, biseksuele, transgender-tematyk. It giet der yn de blomlêzing net om hoe’t de skriuwer him- of, de skriuwster harsels definiearret, it giet om hoe’t in tekst him lêze lit, om hoe’t de redaksje dy tekst lêzen hat, nammentlik mei de rôze bril op. De kommende wiken publisearje wy wat priuwkes fan wurk dat yn de blomlêzing opnommen wurdt.
De sechsde (en lêste) bydrage yn dit dossier befettet wurk fan Sipke de Schiffart, hy skriuwt oer biseksualiteit.