De publikaasje Do draachst de leafde oan befettet fragminten fan poëzy en proaza mei lesbyske, homoseksuele, biseksuele, transgender-tematyk. It giet der yn de blomlêzing net om hoe’t skriuwers harsels definiearje, it giet om hoe’t in tekst him lêze lit, om hoe’t de redaksje dy tekst lêzen hat, nammentlik mei de rôze bril op. De kommende wiken publisearje wy wat priuwkes fan wurk dat yn de blomlêzing opnommen wurdt.
De fiifde bydrage yn dit dossier befettet wurk fan Rixt Weiland dy't oer transgendertematyk skriuwt. Der folget noch ien bydrage, dy is fan Sipke de Schiifart.
It Fryske orizjineel wurdt folge troch de Nederlânske oersetting.
‘Giet it wol goed? Moat ik binnenkomme?’ Mem kloppet in pear kear oan. Dan hear ik de badkeamerdoar iepen gean. Ik triuw mysels oerein, lûk de knibbels tsjin ’t boarst oan en slach de earms om de skonken hinne. De holle hâld ik nei ûnderen rjochte, de foarholle steunend op ’e knibbels.
Mem har sêfte fingers streakje my troch it koarte hier, tille myn kin op. Se is foar my sitten gong.
‘Leave, ik wit dat it lestich is, mar it komt wol goed. Ik hâld fan dy. Ik moast earst wol wenne oan dyn nije uterlik, mar no kin ik oprjocht sizze dat ik dy in moaie... in moaie jonge fyn.’ Se is even stil. ‘Sjoukje?’ Myn holle sjit oerein.
Ik sto oerein, de hannen ta fûsten oprolle. Ik pak it strakke himd fan ’e flier, dat myn boarsten ferbergje moat.
‘Ik wol dit rotding net oan! Echte mannen hoege gjin bh’s te dragen! Of in oprôle pear sokken yn harren broek!’ Ik krij de sokken fan ’e grûn en smyt se tegearre mei it himd troch it kantelrút.
‘En ik hjit Sjouke, mem. Sjouke!’
Ut: Ensafh (2014, nûmer 4)
‘Gaat het? Moet ik binnenkomen?’ Mijn moeder klopt een paar keer. Dan hoor ik de badkamerdeur open gaan. Ik duw mezelf overeind, trek de knieën tegen m’n borst aan en sla mijn armen eromheen. Mijn hoofd hou ik naar beneden, het voorhoofd steunend op m’n knieën.
Mam haar zachte vingers strelen mijn korte haar, tillen mijn kin op. Ze is tegenover me gaan zitten.
‘Lieverd, ik weet dat het lastig is, maar het komt wel goed. Ik hou van je. Ik moest eerst wel wennen aan je nieuwe uiterlijk, maar nu kan ik oprecht zeggen dat ik je een mooie … een mooie jongen vind.’ Ze is even stil. ‘Sjoukje?’ Mijn hoofd schiet omhoog.
Ik vlieg overeind, met gebalde vuisten. Ik pak het strakke hemd dat mijn borsten moet verbergen van de vloer.
‘Ik wil dat rotding niet aan! Echte mannen hoeven geen bh’s te dragen! Of een opgerold paar sokken in hun broek! Ik pak de sokken van de vloer en smijt ze samen met het hemd door het tuimelraam.
‘En ik heet Sjouke, mam. Sjouke!’
Rixt skriuwt benammen foar jongerein, yn it Frysk. Yn de ferhalen siket de skriuwer de grinzen op en ferwurket sa no en dan eigen ûnderfiningen deryn. It ferhaal ‘Yn ’e wyn op’ krige yn 2014 in blyk fan wurdearring fan it Rely Jorritsmafûns. Yn 2015 is it ferhaal 'Myn earste kear' opnommen yn it Aksjeboek Dy iene foto.
Oer it dossier
De lanlike ‘Roze Zaterdag’ soe 20 juny yn Ljouwert hâlden wurde, mar skoot no in jier op fanwegen it coronafirus. Ta gelegenheid fan dy Rôze Sneon wurdt wurke oan in rôze blomlêzing út ’e literatuer fan Fryslân.
De blomlêzing kin mei it rike ferskaat in bydrage leverje oan akseptaasje, dokumintaasje, emansipaasje, ferdivedaasje, identifikaasje en represintaasje fan en foar rôs libben yn Fryslân.
De redaksje fan de rôze blomlêzing bestiet út Jelle Krol, Jantsje Post, Doeke Sijens, Janneke Spoelstra en Tsjerk Veenstra.
Diel 1 giet oer wurk fan Titia Brongersma.
Diel 2 giet oer wurk fan Joël Hut.
Diel 3 giet oer wurk fan Janneke Spoelstra.
Diel 4 giet oer wurk fan Sybe Krol.