Reis troch de bondels fan Meindert Bylsma. Troch Arjan Hut.
De earste kear dat ik mei de poëzij fan skriuwer en dichter Meindert Bylsma yn oanrekking kaam, wie yn 2004, doe’t de trijetalige bondel Gjin Grinzen-De Reis ferskynde. In boek mei gedichten troch ferskate auteurs om it tema reizgjen hinne. Bylsma syn Wonderful Kopenhagen is dêryn it iepeningsfers. Yn Frysk, Dútsk, Frânsk, Deensk, wurdt it byld fan de Lytse Seemearmin (hjir ‘fiskefamke’ neamd) yn Kopenhagen besongen. Al sûnt 1913 is sy yn de haven te bewûnderjen en sûnt, yn de rin fan de jierren in toeristyske attraksje wurden fan it kaliber Frijheidsbyld, Eiffeltoer en Manneken Pis. Dêrby ek mikpunt foar fandalen, krekt as it miigjende mantsje yn Brussel, mar dat is in oar ferhaal. Bylsma freget him ôf, is sy no werklik nijsgjirriger, moaier as, neam ris wat, in ielreager tusken de snilen by Kimswert?