Reis troch de bondels fan Meindert Bylsma. Troch Arjan Hut. 

De earste kear dat ik mei de poëzij fan skriuwer en dichter Meindert Bylsma yn oanrekking kaam, wie yn 2004, doe’t de trijetalige bondel Gjin Grinzen-De Reis ferskynde. In boek mei gedichten troch ferskate auteurs om it tema reizgjen hinne. Bylsma syn Wonderful Kopenhagen is dêryn it iepeningsfers. Yn Frysk, Dútsk, Frânsk, Deensk, wurdt it byld fan de Lytse Seemearmin (hjir ‘fiskefamke’ neamd) yn Kopenhagen besongen. Al sûnt 1913 is sy yn de haven te bewûnderjen en sûnt, yn de rin fan de jierren in toeristyske attraksje wurden fan it kaliber Frijheidsbyld, Eiffeltoer en Manneken Pis. Dêrby ek mikpunt foar fandalen, krekt as it miigjende mantsje yn Brussel, mar dat is in oar ferhaal. Bylsma freget him ôf, is sy no werklik nijsgjirriger, moaier as, neam ris wat, in ielreager tusken de snilen by Kimswert?

Wûndermoai Kimswert, dêr’t men boppedat net stroffelet oer de minsken. Sa’n byld wurdt inkeld sjoen, werklik sjoen, troch de lokkige observator dy’t dêr tafallich omspaant en each hat foar wat men sa al yn Fryske gedichten fange kin. In dreech fers is it net, en wa’t fierder yn it wurk fan dizze dichter lêst, sil gjin kreative kryptogrammen of al te non-figurative taalkomposysjes ûnder eagen krije. Der stiet sels in motto by Wonderful Kopenhagen, ‘Men moat earst ôfreizgje / om wer thúskomme te kinnen’, miskien in oerstallich boadskip om’t it al moaier en folsleiner útdrukt wurdt yn it fers sels. It heart by Bylsma, dy’t net yn isolaasje dichtet, mar it wurk nei de lêzer ta ha wol. De dichter nimt it fers jierren letter nochris op yn ien fan syn resinte eigen útjeften, Rys mei rezinen (2013), in bondel dy’t opfalt omdat hjir proaza en poëzij sa fierhinne gearrane dat it op de webside fan Sirkwy yn it listke mei proaza (ynstee fan dichtwurk) setten is.

Bylsma bringt wol mear ferhalebondels út dêr’t út, dêr’t ferhalen en gedichten inoar freedsum ôfwikselje, lykas Praat út in hynstekop (1982) en De balpinne tsjin de râne fan it trotwaar (2019), mar dan binne de ferhalen en gedichten wol útinoar te hâlden. Soks sil foar in kreative geast ek net safolle útmeitsje. Der komme ideeën en dy wurde útfierd yn taal en (sa’t Aggie van der Meer ris tsjin my sei) wat it dan neamd wurdt, proaza, poëzij, monolooch, dat is oan de skôger. Mei Beautiful Kopenhagen skreau Bylsma yn alle gefallen in fers dat alle yngrediïnten befettet dêr’t er graach mei wurket, of dy’t ûngemurken yn syn wurk slûpe. Unwennigens fan/ leafde foar Fryslân, boartsjen mei taal, de bernewrâld/ de wrâld troch berne-eagen, it sykjen fan in hinnekommen - en soks yn koarte, heldere sinnen sûnder al tefolle pretinsje. Boppedat, it fiskefamke is net libben, in mearkesfiguer sûnder hertslach, in fantasij fêstlein yn metaal, Bylsma is earder ien dy’t it rûge materiaal wurdearret, dan kin er syn fantasij derop loslitte en sjen wat in oar miskien net sjocht. Hy beskriuwt dit treflik yn it proazafers As de skaden (Rys mei rezinen, s. 27), dêr’t in jonge yn it tsjuster by in tsjerkhôf delkuierje moat en spûkbenaud thúskomt. De ik, âlder no, sjocht op dit oantinken werom en prakkesearret oer de reaksjes fan heit en mem en de kar dy’t er doe blykber meitsje moatst. Mem joech positive draai oan syn fermogen om te fantasearjen, mar heit aksele tsjin datst fan fantasij gjin rjappels keapje kinst:

En no, as de skaden út har skûlplak krûpe, freegje ik
my alle kearen wer ôf: haw ik doe de goede kar wol makke?

Ut de ivoaren toer
Bylsma syn debútbondel De tévé op  it jiskelân ferskynde yn 1969 yn de rige Drachtster debuten by útjouwerij Laverman. Hy wie doe al in bekende en ynfloedrike poëet. Mei syn generaasjegenoaten Josse de Haan en Geart van der Zwaag betocht er de dichterstelefoan, Operaesje Fers, in middel om mei Frysk en poëzij in breder publyk te berikken. It inisjatyf hat oer de hiele wrâld neifolging fûn, en krige hast de Gysbert Japicxpriis as de regeleminten dat talitten hiene. “Wy fûnen dat de dichters út har ivoaren toer krûpe moasten en mei har gedichten nei it folk ta moasten. (...) We ha ek wol in gedicht tusken in broadsje ferkocht, Broadsje Healom wie dat.” (Ut in ynterview mei Ensafh, jierren letter. Syn eigen dichtersbestean sit lang tusken it broadsje fan in ‘reguliere’ baan, yn it ûnderwiis, as skoalmaster.)

De driuw om te fernijen, de literatuer nei it folk te bringen late net ta in ôfkear fan bondels. Bondels twa en trije komme út yn 1974 (Ugh) en yn 1979 (Oant sjen yn Peazens-Moddergat). Dêrnei ferskine yn rom fjirtich jier in fjouwer (of fiif, leit deroan hoest Rys mei rezinen yndielst) bondels, los fan de gedichten dy’t er yn ferhalebondels kwyt koe en yn bondels yn de mande mei oare dichters. De bekendste is faaks it jonkje, út De tévé op it jiskelân. It stiet tusken allerhanne engazjearre, oer it generaal tagonklike fersen, dy’t midden yn de aktualiteit stiene (Góóóóóóód morning Fryslân einiget iepener Reportaezje, in kreet ynspirearre op de Vietnamoarlochradioslogan Góóóóóóód morning Vietnam, letter ek in film mei Robin Williams). In smelle bondel, mei smelle rigels en op de foarside in jonge dichter, mei in amper sichtber burd.

‘it jonkje’
ús heit is in krante
in âlde rotkrante
by de kachel
ús mem faget him
oan ‘e kant mei
in feger en blikje
mar sy wol ek net
op ‘e stofsûger
nei amearika
se moat alles ôfwaskje
en ôfstofje en it
is net iens smoarch
(...)

It jonkje moat him sels mar fermeitsje, driget dan wol om as er weromkomt fan syn kypauto-aventoer heit en memmes ‘tévé’ op it jiskelân te donderjen. Gelokkich is it hjoed de dei hielendal oars, en fermeitsje bern har krekt as heit en mem mei tillefoantsjes en tablets en laptops! Fan it perspektyf fan in jonkje út wurd de wrâld besjoen en der wâlet in lilkens op, in ôfkear fan de deistige rûtine fan folwoeksenen, it foarlân fan in bern, de ein fan de jeugd. Desennia letter is it, sa’t Bylsma it doe skreau, noch like werkenber. Dit fers is opnommen yn Spiegel van de Friese Poëzie (1994 en 2008) en ek troch Abe de Vries yn Het Goud op de Weg (2008).

Guon ferwizings geane ferlern yn de rin fan de tiid, mar foar in debútbondel is De tévé ek tsjintwurdich like sprankeljend. Dat sil wat te krijen ha mei de koarte rigels, de no-nonsense taal, sels de âlde stavering sit jin net yn it paad. Haadletters en punten binne ferballe. De gedichten binne yn ien eachopslach te sjen, te beskôgjen, yn te nimmen. Yn it gedicht Stoarm 1 (side 9) komme we wat eleminten tsjin dy’t ek letter wurk typearje: opsommings, en kleuren. As in Mondriaan fan de poëzij giet er los.

ik lit fordroege symboalen
troch en troch weakje
de sinne pears
de loft swart
de groun read
de minsken blau
fan ûnwennigens

Oare gedichten dy’t der útpike binne Douane, dêr’t losse gedachten bymekoar bûn wurde ‘yn in tael / dy’t se net forstean / by de grins’ en De Lifter, dat al foarút echo’t nei Wonderful Kopenhagen. Ek hjir (oan de hân fan in funksjonele opsomming fan sneldiken) dûkt de ‘ik’ in haadletterleas europa yn, mei de tomme omheech, fia ferskate talen (Frânsk, Spaansk, Russysk), it lykje fantasyen, want by einsluten fermakket er him thús mei bier en buorman omdat er net fierder kaam as Quatrebras, it buorskip oan de sneldyk troch Tytsjerksteradiel. It tinste gedicht is De post (‘binne jo / ja / de post’). Middeis twa ûre (side 11) jout al in foarútblik op de folgjende bondel, Ugh:

(...)
de medisynman raest
oer alles hinne

read is de totempeal

Titels
Ugh ferskynt yn 1975 by de Q (Koperative Utjouwerij). Dy útjouwerij sil desennialang it thúshonk fan Meindert Bylsma bliuwe. Yn de tuskentiid hat de dichter net stilsitten en wie te lêzen yn de bondel Poem Power (1973) tusken ûnder oaren Drs. P, Reve en Kopland. De bondel wie in spesjale útjefte fan it tydskrift Sonde, in yllustrearre blomlêzing fan it dichtersfestival fan Operaesje Fers yn 1973.

Ugh is yn in ienfâldige, mar opfallende reade kaft stutsen, dêrop in ienfâldige tekening fan in wigwam dêr’t trije reekwolkjes út opstiigje. De fersen Film (s. 6) en Apart (s. 19) stiene ek yn Poem Power. It bekendste fers sil sûnder mis Ek it berop wekfles sil útstjerre wêze. Ek dat stie al yn Poem Power, en letter helle it de Spiegel van de Friese Poëzie.

‘ek it birop wekfles sil útsjerre’

der stiet wer in rychje
by it jiskeget

op it arbeidsburo
wol men se net iens mear ynskriuwe

soasiale saken seit
gean mar werom nei de baas
(...)

inkelen
de bêsten fansels
kinne omskoalle wurde
ta blomfaes knikkert- of knopepot

(....)

In lichtgewicht neamt besprekker Tsjêbbe Hettinga dizze bondel yn de Hjir, maaitiid 1976, hy sil dêrby ek tsjutte op de omfang, dy’t wat breder is as syn foargonger, mar tin mei amper tritich siden. Hy skriuwt fierder, yn in haadletterleas artikel, ‘bij bylsma giet de wille as in paus yn spikerpak foarop.’ Bylsma makket grappen, relativearret, it grutte drama fynt plak op it wyt tusken de wurden, men moat dêr each foar ha. Ut en troch stekt it bern, lykas yn ‘it jonkje’, de kop op. Sa boartet ien yn Wille (s.23) as bern yn in folwoeksen wrâld (‘ik haw beamkeklommen / yn in beam dy’t der net mear is’). Ferrin fan tiid, de dingen dy’t ferlern geane, it komt yn in partij gedichten by in partij dichters foar, it waard sels noch neamd by de útrikking fan de Gysbert oan Eeltsje Hettinga koartlyn. Neffens de sjuery, dy’t twa doazen moderne bondels lies, gie in grut part oer it ferline. Bylsma hat mei Wille lykwols in moaie yngong fûn. Yn it treflike Tekening wurdt in hûshâlden beskreaun oan de hân fan in bernetekening. Heit glidet by de skoarstienreek omleech en ploft wurch del oan in taffeltsje, dondert omtrint fan it papier, mem rjappelskylt en lit him mar gewurde.

yn in oar hoekje
laket de sinne
en slacht syn earmen út.

Fierder smyt Ugh in tal fraaie, opfallende titels op, wat te tinken fan Moarns betiid op it autotsjerkhôf, of Mei syn twaën in oargeltsje ophelje fan fiif heech is in tryste bedoening? Yn in eventuele opsomming fan moaiste titels foar in Frysk fers, meie dizze net ûntbrekke.

Nije wike it twadde part fan dit stik.