Reis troch de bondels fan Meindert Bylsma, diel 2. Troch Arjan Hut.
Meindert Bylsma ûntjout him as dichter yn in tiid dat der in soad feroaret of opkomt yn de Fryske literatuer. Josse de Haan neamt yn in besprek fan Joop Boomsma syn Boomsma bliuwt om’t jo dat wolle (yn Reedride op glêd iis, Elikser, 2016) ûnder oaren Operaesje Fers, de tydskriften Hjir, Trotwaer, Sonde en de Koperative Utjouwerij. Yn al dy kultuerturbulinsje, op de drompel fan de jierren tachtich ferskynt Oant sjen yn Peazens-Moddergat. In konsistinte bondel, dêr’t de observator it roer oernimt fan de taalboarter en grappemakker. De taal is riker, de gedichten langer en breder. Wat fierder opfalt binne de foto’s dy’t diel útmeitsje fan it gehiel, se binne makke troch fotograaf Winfried Walta.
Men kin in moaie opsomming lêze yn Leafdestaal op side 19. De bondel hat wiswier in maatskippijkritiske ûnderstream. Yn Jachthaven wurdt boarte mei merknammen en boatnammen. De âlde styl wurdt net ôfskodde, mar trochûntwikkele. Mei dit wurk manifestearret Bylsma him as dichter op de grins fan see en lân. Yn it earste fers, Spoaren, stoart er himsels it ûnwisse yn, sûnder te ferjitten wêr’t er weikomt:
soms fyn ik
op it waad
spoaren fan in barren
dat ik net ferstean
lykwols it eigen spoar
is noch werom te gean
De foto’s en de wurden omearmje inoar, de sepiatoanen jouwe it gehiel in mankelyk en tagelyk tiidleas karakter. De ferskine hjoeddeis in soad bondels mei foto’s, net altyd like funksjoneel. De foto’s fan Walta litte sjen wat de dichter sjocht, wat him dreau ta it skriuwen fan in fers.
Seedyk (s. 11) waard troch Babs Gezelle Meerburg en Jetske Bilker útsocht foar de blomlêzing De 100 mooiste Friese gedichten (2006). In eksistinsjeel drama, in minske op de dyk sjocht it op- en ôfgean fan de see, it ritme fan de minsken oan de oare kant fan de seedyk en wachtet miskien op in stoarm dy’t him fan syn plak blaast …
it kin net skele
oan hokker kant
Der steane sterke, sfearfolle, meinimmende gedichten yn de bondel, dy’t neffens my wol in hichtepunt yn it oeuvre fan de skriuwer neamd wurde mei. De poëzij krijt de romte, der wurdt dichte út de observaasje wei, de byldtaal is linich, effektyf en raak. Oanrieders binne ûnder oaren Waad (s. 25), Ald Skipper (s. 33) en Wolken (s.13). Fan dy lêste in byldzjende flarde:
it doarp hat de sneinske klean oan
út see wei driuwe wite wolken
op it filmdoek fan jan en alleman
Ien fan de langere fersen is Doarp oan see (side 23). In kaleidoskoop fan yndrukken as hat de dichter himsels in skoft op in stoel delset op de doarpsstrjitte, as in tsjûge fan it gewoane libben, sa’t dat der hinne lei yn 1979. Doe makke hy him al drok oer de iepenbiere ferkeap fan fiskershûskes, as twadde wente foar lju fan bûten, al bringt de ferkeap dochs wat klanten nei it lokale kafee. De Fryske literatuer ûntjoech him mei aardige stappen, mar de wrâld op himsels waard der net better op - al riedt der yn dy tiid teminste in bus troch de doarpen:
de bus giet twa kear deis
oer de grutte buorren|
der stapt gjinien yn
der stapt gjinien út
mar elkenien wit wer
hoe let oft it is
Sa ûntstiet in tiidsdokumint, yn byld en tekst, dy’t yn de rin fan de jierren allinne mar yn wearde tanimt. Moai en bysûnder foar de doarpsbewenners, sa’n poëtyske aansichtkaart mei djipte, en like nijsgjirrich foar lju út oare tiden en fan oare plakken. It doarpslibben oan de Fryske kust, it Waad, by it iepenslaan fan de siden waait de seewyn fan it papier en hearst de kobben âljen. ‘Oant sjen’ is oer alle bûgen in slagge bondel en it paad dat ynslein is, liket it folgjen wurdich.
Yn 1986 komt Tekens fan hjoed nei juster út, dêr’t thúshonk Kimswert it plak fan Peazens-Moddergat ynnimt. Ek hjir foto’s by de fersen fan de alliterearjende Winfried Walta. Dizze bondel moast ik út en troch wolris it wurdboek by ha. Wurden, siswizen dy’t ik opsocht wiene ûnder oaren ‘fjirdeheale’, ‘yn ‘e heinste keap’, ‘berape’, ‘foarkâns’, ‘bongel’ en ‘ferminútsje’.
De dichter wurdt stadich âlder, al is er dan pas 45, it hâldt him dwaande. Dat âlder wurden komt as tema werom yn Moarn (s. 41, ferlykber mei Wille út Ugh) en Iere stoarm (s. 45). Yn it gedicht Alde Tsjerken (s. 47) ferwurdet hy it mei in typearjende humor:
âlde tsjerken lûke
de lêste tiid
mear myn omtinken
as jonge froulju
Yn in eardere útjefte, Praat út in hynstekop (1982), steane gedichten en ferhalen trochmekoar. Dy gedichten dogge somtiden tinken oan it wurk fan RRR van der Leest. Opfallend (en in útsjitter) is it lange De ûntjouwing fan in dichter. It begjint mei de rigels ‘hy woe de minsken helpe / by it finen / fan ‘e ivige hertslach / fan ‘e taal’. Dêrnei folgje we dizze ambisjeuze anonime (of algemiene) poëet by syn ûntjouwing en syn heroysk kreative syktocht nei de juste foarmen en wegen om it folk te berikken. Op in stuit beslút er bygelyks ‘folksdichter’te wêzen, of hy boartet mei klanken, betinkt in oertaal, lit de taal it wurk dwaan, nifelet mei byldgedichten, begjint te skrassen. By einsluten makket er syn bêste wurk … as er de side hielendal wyt lit. Hâld dy mar stil, dan seist genôch! In fers fan fiif siden, dat is de iroany. Yn Tekens fan juster nei hjoed hat Bylsma blykber nochris mei it tema oan de gong west, mar diskear is it werombrocht nei trije koarte strofen. It stiet op de lêste side en hjit fan Wyt meitsje.
in dichter
wol de âlde ferhalen
fan it libben
fange yn nije wurden
oerstallige wurden
lit er wei
in dichter
is in wytmakker
wa wit
is syn bêste gedicht
in stik wyt papier
Relatyf koart nei Tekens komt in nije bondel, It spul troch it gat sjen. Dêr binne de foto’s ferdwûn en wurdt eksperimintearre mei de achtergrûn. Krekt dat wyt fan it papier ferdwynt, as fersmyt de dichter syn eigen eardere besef fan ‘less is more, nothing is all.’ De fersen sweve op in útskuorde wolk op in achtergrûn fan siden út kranten en tydskriften. De drokte dy’t dat foar it minsklik each opsmyt, men soe der suver seesiik fan wurde! It gedicht Boartsje, earne yn de bondel (wol weilitten binne de sidenûmers!) grypt werom op de klassiker It jonkje. Noch altyd ha heit en mem gjin tiid foar harren bern, en it jonkje giet dan mar it kriminele paad op. Yn Us hûs wegeret er hûs fan syn âlden letter oer te nimmen en hy fantasearret dat er it mar ôfbrekke sil om in lyts dúntsje en in lyts strantsje oan te lizzen. Lytse wrâld docht tinken oan de teksten fan Tom Waits en yn myn holle hear ik it ek mei dy raspjende, heaze, djippe guorrelstim:
seedampen krûpe
by de wâl op
romt sicht glidet
der by del
skippen rinne
op ‘e klippen
boaten reitsje
út ‘e koers
en wurde mist
wanhope doarmet
yn ‘e dize
de misthoarn gûlt
de minsken
leit it kâld
seedampen krûpe
by de wâl op
it is in lytse wrâld
In lytse wrâld, de lêste wurden. Yn syn lettere bondels lit Bylsma stadich oan de wrâld, syn wrâld, fierder krimpe.
Lês hjir diel 1 werom. Nije wike it tredde part fan dit stik.