Op 11 novimber 2021 is skriuwer Meindert Bylsma tachtich jier wurden. Om dat feit te fieren hat Tresoar Arjan Hut frege om in skôging te skriuwen oer it dichtwurk fan Bylsma. De ôfrûne wiken is dy skôging pleatst yn dit dossier op Sirkwy. Hjoed wurdt it dossier ôfsletten mei audiofragminten út it Frysk Film en Audio Argyf.

Dat Agyf hat it ôfrûne skoft ferskate fragminten digitalisearre en beskikber makke foar it publyk. Sa binne der in pear fan Bylsma's Operaesje Fers-gedichten beskikber steld en is it doel dat takom jier de hiele set online komt.

It giet om de neikommende fragminten, klik op de link om it te beharkjen:
- LP Liedjes uit Friesland mei it nûmer 'Famke' mei tekst fan Meindert Bylsma
- LP Sipelsop en sukelade mei it nûmer 'Regels'. Tekst troch Meindert Bylsma mei muzyk fan Nanne Kalma
- Douwe Tamminga 60 jier, mei lietteksten fan û.o. Meindert Bylsma
- Gedicht 'Wy hawwe inkeld nije spultsjes foar jo', Operaesje Fers
- Gedicht 'It jonkje', Operaesje Fers
- Gedicht 'Hjoed', Operaesje Fers
- Gedicht 'By de doarren lâns', Operaesje Fers
- Gedicht 'Fergunning', Operaesje Fers

Lês de skôging fan Arjan Hut werom:
- Part 1
- Part 2
- Part 3