Nyk de Vries treedt yn Fryslân fjouwer kear op foar Nederland Leest

Skriuwer/muzikant Nyk de Vries komt yn novimber mei fjouwer optredens yn ’t ramt fan Nederland Leest, de lêskampanje fan de mienskiplike biblioteken. It tema fan de kampanje is dit jier ‘robotika’. De optredens sille wêze yn respektivelik Frjentsjer, Bûtenpost en op Skylge en Skiermûntseach.

De yn Noardburgum berne auteur bringt in ôfwikseljend programma dêr’t er foardraacht út eigen wurk yn kombinaasje mei sang, muzyk en filmkes. Fierders is der in debat oer robotika en it temaboek ‘Ik, Robot’ fan Isaac Asimov. Nyk de Vries stie de ôfrûne jierren op hiel wat poadia, û.o. op Lowlands en Oerol. Foar de Fryske biblioteken skreau er earder dit jier it ‘Moordspel’. Ferline jier wûn er mei syn roman ‘Renger’ de Piter Jelles Priis. Mear ynformaasje oer Nederland Leest

-tiisdei 14 novimber yn Frjentsjer
-tongersdei 16 novimber yn Bûtenpost
-woansdei 29 novimber op Skylge
-tongersdei 30 novimber op Skiermûntseach