24 maaie - 26 maaie 2019 In wykein yn de Folkshegeskoalle op Skylge.

De see is in wichtige ynspiraasjeboarne  foar de minsk. Rêst, rûmte, wiidsheid, sinne, wyn, gouden strannen… Wy genietsje der fan en yn de literatuer  en byldzjende keunst is de see in belangryk ûnderwerp. Yn it temawykein  De see, de see sille wy dy rol fan de see yn de keunst neier ferkenne

Oan de hân fan in ‘wyntrochwaaid’gebiet, Fryslân, leare wy hoe’t oanfanklik benammen de bedrigingen fan de see ûnderfûn waarden. Fan 1900 ôf oan ûntstiet der in oare hâlding , wêryn’t de see in plak fan skientme, refleksje en in stapke tebek wurdt. Dy ûntjouwing yn ús hâlding wjerspegelet him prachtich yn de Fryske literatuer en keunst, tink oan Tsjêbbe Hettinga en Gerrit Benner. Yn inkelde lêzings, foardrachten en in kuier sille wy ús ferdjipje yn literatuer,  keunst en lânskip. Harkje en sjen, mar ek meidwaan oan it oersetten fan inkele seegedichten fan Frysk nei Nederlânsk en oarom.

Priis op basis fan folpensjon p.p.:
Sliepseal Roefke €190,-
Twapersoanskeamer Roefke € 220,-
Twapersoanskeamer Brêge € 250,-

Program
Freed 24 maaie
17.30 ûntfangst
19.30 Lêzing De see, de see, troch Bert Looper

Sneon 25 maaie
11.00 lêzing oer de skiednis fan de Waadeilannen
13.30 kuier mei skriuwer Kester Freriks
19.30 workshop seegedichten mei inkele Fryske dichters

Snein 26 maaie
10.30 Kofjekonsert

Reservearje op de webside fan de Folkshegeskoalle.