Fan ’t simmer komme der fjouwer skriuwers en twa filmmakkers yn it arkje op ‘e Feanhoop. It is it tolfde jier  dat skriuwers yn it arkje dat ea fan de skriuwer Rink van der Velde wie, ferbliuwe meie. It Fryske Gea is de eigner, Stifting FLMD (Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum) bekostiget it ferbliuw. Bestjoerslid Pieter de Groot yntrodusearre de nije ‘bewenners’ oan it publyk op sneon 8 april.

Sjoukje Veenstra
Sjoukje Veenstra is fan De Tynje. Tidens har ferbliuw yn it arkje  wol se har manuskript fan har earste Frysktalige dichtbondel  ôfmeitsje. De dichtbondel sil gean oer de dea fan har âlden, earmoed, guozzen en boeren.

Remco Kuiper
Remco Kuiper út Ljouwert hat alris earder yn it arkje sitten om wat mei klanken, muzyk en gedichten te dwaan. Dêr wol er no fierder oan wurkje en hopet dat der in dichtbondel út fuortkomt.

Ypie Haitsma-Bakker
Sy wol in famyljeskiednis opskriuwe fan har pake en beppe dy’t yn ‘e oarloch in soad ûnderdûkers op ‘e pleats hiene yn Eksmoarre. De petearen mei har beppe dy’t sy opskreaun hat, wol sy hjir útwurkje.

Janneke Abma-Horjus
Janneke komt fan Drachten en wol yn it arkje skriuwe oer har ‘roureis’nei Rome dy’t sy yn 2015 makke neidat har man ferstoarn wie. Sy hopet yn ‘e petgatten ynspiraasje op te dwaan.

Film oer it arkje
Yn july komme der noch mear gasten oer de flier. Filmmakkers Halbe Piter Claus en Ismaël Lotz nimme dan in histoaryske film yn en om it arkje op, yn it ramt fan it Lân fan Taal.


[pleatst 11-04-2017]