It nije kursusoanbod fan Tresoar foar it neijier 2017 is bekend. It programma bringt in ryk ferskaat, sawol yn sjenres as yn dosinten.
Poëzij
Dichter en essayist Abe de Vries is ien dy’t yn heldere taal oer poëzij prate kin. Dat makket him útsoarte kwalifisearre om begjinnend talint paadwiis te meitsjen by it skriuwen fan poëzij. Nei syn idee is dat foar in grut part ambacht, in fak dat je leare kinne. Kursus fan fiif jûnen. (Nr 1.)
Proaza – roman
Jetske Bilker is romanskriuwster yn ieren en sinen mei in goede technyk fan plot en opbou. Dêrom begjint se dit jier mei in kursus oer it ûnderwerp: hoe skriuw ik in roman? Wurkje oan in roman ferget oare kwaliteiten as it skriuwen fan in ferhaal. Sy sil yn koart bestek de basisprinsipes behannelje en mei de kursisten oefenje. (Nr 2.)
Proaza – libbensferhaal
Guon fan Marga Claus har romans binne yn feite libbensferhalen-mei-in-bewyske-fiksje. It ûnderwerp Libbensferhalen is har spesjaliteit en se jout dêr al in oantal jierren mei sukses kursussen oer. Dizze hjerst ek wer: De earste kursus begjint yn septimber 2017. Kursus fan acht middeis. (Nr 3)
Lêzings oer de Fryske literatuer
Nij is dat der dizze hjerst trije Frysktalige lêzings hâlden wurde oer Frysk-literêre ûnderwerpen. Organisaasje is yn hannen fan de Volksuniversiteit Fryslân. De lêzings wurde jûn yn Tresoar. Alfêst de data:
Tongersdei 2 novimber: Meindert Reitsma: ‘Untdek de Fryske literatuer’;
Op tongersdei 23 novimber komt Rutger Hoekstra om te fertellen oer ‘It Oera Linda Boek
Hoe’t it kin dat it mysterieuze hânskrift út de Fryske Kanon yn safolle lannen safolle losmakke hat’.
Op tongersdei 14 desimber folget Jelle Krol mei ‘De Earste Wrâldoarloch en West-Europeeske Minderheidstaalliteratuer’.
Mear ynformaasje
Sjoch foar mear ynformaasje oer de kursussen, ek oer de wize fan opjaan, beteljen en falbiledata: sirkwy.frl. Wachtsje net te lang. By oeryntekening is der in wachtlist.
Jo kinne ek kontakt opnimme mei kontaktpersoanen Petra Bierma, Marja de Graaf of Wieke de Haan. Skilje mei tillefoannûmer resp. 058 – 789 0 740, 058 – 789 0 792 of 058 – 789 0 766, of stjoer in e-mail nei Dit e-mailadres wurdt befeilige tsjin spambots. JavaScript moat ynskeakele wêze om it te besjen. . Nei oanmelding krije jo de betellingsgevens.
Foar de ynformaasje oer de Fryskliterêre lêzings kin heal juny ynformaasje fûn wurde oer oanmelding en sa op de webside www.volksuniversiteitfryslan.nl
Nr 1 Poëzijskriuwe foar begjinnend talint – Abe de Vries
Gjin moaiere skriuwerij as dichtsjen! Troch te boartsjen mei taal kinne der rigels op papier komme dy’t knetterje, ferliede, meinimme. De begjinnende dichter kin de kâns dêrop grutter meitsje troch te betinken: dichtsjen is foaral ambacht, 10 persint ynspiraasje en 90 persint transpiraasje. Fia diskusje, it lêzen fan gedichten en it sels skriuwen derfan wurde de earste stappen set op it paad fan it dichterskip. Foar de wat betûftere dichters kin de kursus ferbreding en ferdjipping jaan.
Oanmelding uterlik 10 oktober op emailadres Dit e-mailadres wurdt befeilige tsjin spambots. JavaScript moat ynskeakele wêze om it te besjen.. of telefoanysk by Petra Bierma of Marja de Graaf, nrs. resp. 058 - 789 0 740 of 058 – 789 0 792. Fermeld namme, adres, telefoannûmer.
Kursusdata: woansdei 18 oktober, 1, 15 en 29 novimber en 13 desimber fan 19.30-21.30 oere.
Kosten € 75,–
Abe de Vries hat sân Frysktalige dichtbondels publisearre, wêrûnder it yn 2005 mei de Gybert Japicxpriis bekroane In waarm wek altyd (2004), en ûnderskate blomlêzingen fan Fryske poëzij. Ek hat er Nederlânsktalige poëzij besprutsen foar de Contrabas. Hy is dêrneist poëzijkritikus foar it Friesch Dagblad en esseeskriuwer. Biografyske skets op sirkwy.frl
Nr 2 In roman skriuwe – Jetske Bilker
Foar it skriuwen fan in roman moatte je oer trochsettingsfermogen beskikke en tiid frijmeitsje wolle. Troch dizze kursus krijst hanfetten om mei dyn ideeën oan de gong te gean en der in rinnend ferhaal fan te meitsjen, mei in kop en in sturt.
Foar’t de kursus begjint lêst elk itselde boek. Oan de hân hjirfan besprekke we de fundaminten fan in roman om dernei oan ús eigen roman te wurkjen.
Yn fiif jûnen komme û.o. oan bod: spanning oanbringe en deryn hâlde; goede dialogen skriuwe en personaazjes delsette. De lessen besteane út tips en teory én it besprekken fan inoars wurk. It is dêrom in eask dat elke kursist bestannen trochmaile kin.
Oanmelding uterlik 25 oktober by Petra Bierma of Marja de Graaf, telefoanysk resp. 058 - 789 0 740 of 058 – 789 0 792, of op emailadres: Dit e-mailadres wurdt befeilige tsjin spambots. JavaScript moat ynskeakele wêze om it te besjen..
Fermeld namme, adres, telefoannûmer.
Data Kursusdata tongersdei 2, 9, 16 en 30 novimber en 14 desimber fan 19:30 – 21:30 oere.
Kosten € 75,-.
Jetske Bilker skriuwt proaza, har lêste roman is It libben fan in oar út 2012. Se wie proazakritikus fan de Ljouwerter Krante en it literêre tydskrift Trotwaer en redigearre romans en ferhalen foar útjouwers en literêre tydskriften.
Biografyske skets op Sirkwy.
Nr 3 Libbensferhaal skriuwe, begjinners – Marga Claus
Ast mei dyn libbensferhaal oan de slach silst, of it libbensferhaal fan in oar fêstlizze wolst, learst dat it bêst en it gaust yn in groep. Ommers: by it útwurkjen fan de tema’s bringst elkoar op ideeën. Boppedat krigest net allinnich feedback op it eigen ferhaal te hearren, mar ek op dat fan de oare dielnimmers.
Yn de kursus aktivearje wy mei bepaalde oefeningen iere oantinkens. Thús wurkje de dielnimmers oan de opdracht, wêrnei’t de resultaten yn de les foarlêzen en besprutsen wurde. Dat liedt ta weardefolle petearen, mei in soad tips en trúks, en opbouwend kommentaar. Al nei in pear lessen silst fernimme dat de kwaliteit fan de teksten tanimt.
De kursus bestiet út acht byienkomsten, en is meastentiids in mjuks fan begjinners en trochsetters. Begjinners kinne nei acht wike eventueel meidwaan oan it folgjende blok.
Op 3 maaie 2015 wie yn it radioprogramma Buro de Vries in reportaazje fan Sippy Tichelaar oer Marga Claus har kursus: Buro de Vries fan 3 maaie 2015 11.00 (even skrolle op de side). Dy reportaazje jout in moaie yndruk fan hoe’t it om en ta giet op de byienkomsten.
Data
Kursusdata: woansdeitemiddei 13,20, 27 sept. 4, 11, 18 oktober (25 hjerstfak.),1 en 8 novimber; 14.00-16.00 oere.
Kosten foar ien kursus: € 140.
Op syn minst 6, maksimaal 8 dielnimmers.
Oanmelding en mear ynformaasje op website Marga Claus.