Voor de kinderen van Tsjêbbe Hettinga
Bij de presentatie van zijn verzameld werk
Het vaderpaard / It faderpaard. Alle gedichten
Amsterdam, 20 april 2017
door Benno Barnard
Voor de kinderen van Tsjêbbe Hettinga
Bij de presentatie van zijn verzameld werk
Het vaderpaard / It faderpaard. Alle gedichten
Amsterdam, 20 april 2017
door Benno Barnard
By de ferhalewedstriid dy’t alle jierren organisearre wurdt troch It Skriuwersboun, Cedin en Friesch Dagblad wienen 51 ynstjoeringen yn it Frysk en yn it Stellingwerfsk, ferdield oer in junior- (12) en in seniorkategory (39). Dit jier wie it tema ‘Gjin styl?!’.
Mei it ferskinen fan it samle wurk fan Tsjêbbe Hettinga komt de tekst fan syn ier wurk út de jierren santich, begjin jierren tachtich ek wer beskikber.
Fan ’t simmer komme der fjouwer skriuwers en twa filmmakkers yn it arkje op ‘e Feanhoop. It is it tolfde jier dat skriuwers yn it arkje dat ea fan de skriuwer Rink van der Velde wie, ferbliuwe meie. It Fryske Gea is de eigner, Stifting FLMD (Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum) bekostiget it ferbliuw. Bestjoerslid Pieter de Groot yntrodusearre de nije ‘bewenners’ oan it publyk op sneon 8 april.
It printeboek Wapper fan Yke Reeder is selektearre foar de Biënnale van Illustraties 2017. Yke fan herte lokwinske!
De stifting FLMD sil yn 2017 foar de twadde kear de D.A. Tammingapriis foar Fryske literêre debuten útrikke. Gading kin makke wurde troch dichters, dy’t yn de perioade 1 jannewaris 2012 o/m 1 april 2017 debutearren mei in dichtbondel. Allinnich oarspronklik Frysktalich wurk komt yn de beneaming. De winner krijt in jildbedrach fan € 3000 en in oarkonde.
Gadingmakkers (of har útjouwers) moatte fjouwer eksemplaren fan har bondel op syn lêst op 3 april 2017 besoargje by de skriuwer fan de Stifting FLMD, Pieter de Groot, De Koarte Baan 11, 8731 DK Wommels. De trije sjueryleden Albertina Soepboer, Elske Kampen en Jacobus Q. Smink sille dêrnei oer de bondels te set. De priisútrikking sil yn ’e rin fan juny wêze.